NieuwJoazefine yn 'e rein (Hardback)Dat it no krekt hjoed sok min waar wêze moat … O nee, dat kin toch net? Joazefine hie krekt sa'n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs. En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?16,95
NieuwWek yn 'e rivier (Paperback)In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn 'e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid. It ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.19,50
NieuwMoard yn 'e hite heiDit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol.9,-