Moard yn 'e hite hei

0
Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol....

Alle aanbiedingen van dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
Moard op 'e steger (Paperback)
Moard op 'e steger (Paperback)
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan 'e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy't earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe't dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.” Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like. Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke.
16,50
Mienskiplike dealer (Paperback)
Mienskiplike dealer (Paperback)
Hy rint nei ien fan de kasten dêr't ark yn leit, lûkt him wat nei foaren en docht op gefoel in taast achter de kast. En noch in kear. En nochris... Dan krijt er syn mobyl, docht it ljochtsje oan en skynt achter de kast. Hy wurdt sa wyt as kryt... Op it poadium fan teater it Posthuis hinget it lichem fan teatertechnikus Fokke Klingberg. As in wike nei syn kremaasje skoansuster Hanna Klingberg ferdwynt, blykt der in ferbân. Resjersjeur Annet Hillema en har team moatte mei help fan priveedetective Paul Graafsma alle seilen bysette om beide saken op te lossen. Se bedarje yn in wrâld fan drugs en ôfparsing. Mienskiplike dealer is de twadde yn in searje plysjeromans yn en om It Hearrenfean.
19,90
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd. In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken. Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke. Fierders skreau er de assosjaasroman It iene hellet it oare út, de novelle En dêr marsjearje ik hinne en twa bondels ferhalen en oertinkingen: Rys mei rezinen en In balpinne tsjin de râne fan it trotwaar.
19,50

Klanten-reviews van Moard yn 'e hite hei

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Moard yn 'e hite hei

Productomschrijving

Dit is it twadde diel yn de searje plysjeromans mei de filosofearjende plysjemannen Bekkema en Roosjen yn de haadrol.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460381645

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.