De rôf fan de Fryske mummyAnna (12 jier) lost de mummyrôf by Wiuwert op. In spannend berneboek fol faasje.6,-
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy16,99
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie27,95