Allegearre snie

0
In fermaaklike misdiedroman mei de resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen yn de haadrol....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Allegearre snie (Paperback)
Allegearre snie (Paperback)
De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr't er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan 'e klup. Bareld is meastal op 'e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op 'e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek 'de Blomkes' neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa't de gewoante is fan 'de Blomkes', komme se ta ferrassende ûntdekkingen. In fermaaklike misdiedroman.
17,50
Moard yn tsjerke (Paperback)
Moard yn tsjerke (Paperback)
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net
16,50
Moard op 'e steger (Paperback)
Moard op 'e steger (Paperback)
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan 'e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy't earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe't dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.” Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like. Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke.
16,50
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
De heit (Paperback)
De heit (Paperback)
Maart is dûbeld bysûnder, betink ik. Se is om lilk op te wurden en tagelyk om te aaien, se is en gek en leaf, je wolle har straffe en oankrûpe tagelyk, alle kearen ferbetterje mar ek hieltyd graach leauwe wat se seit. Se is bytiden sawol in gefaarlik fjoer as in amerfol kâld wetter. Ald-resjersjeur Ale Alema is twa moanne mei pensjoen en kin mar net wenne oan syn tefolle oan lege tiid. En dan bellet Maart. Beke Maart den Backer is in freondinne fan Ale syn ferstoarne frou Els en in krûdfet fol tsjinstellingen. 'It Mystearje Maart' sei syn Els altyd. Fiifentritich jier lyn liet se har man en beide bern samar efter doe't se nei Austraalje ôfsette. Wêrom is Maart werom en wat wol se fan Ale? Maart komt mei in roukaart oansetten. De datum stiet al fêst: 16 septimber. It hellet it o sa rêstich libben fan Ale fan de iene op 'e oare dei folslein oer de kop. Dit is it sânde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol. Jan Schokker is yn 1952
19,95
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
Famke fan snie (Paperback)
Famke fan snie (Paperback)
Famke fan snie is in boartlike, byldrike bondel fol dreamen en fantasy. De fersen foarmje in lange, skrinende reis yn in sykjen nei soen mei it ferlies fan in famke. Mei de ynbylding fan in bern besiket de ïk"rjochting te sykjen yn dream en taal, yn stêd en bosk, op syk nei it ferlerne, om te oerlibjen. Paul van Dijk (1981)is in alsidige geast. Hy is skriuwer fan berneboeken, kollums en teaterstikken en is aktyf as muzikant en as tekener. Troch syn dochter waard er dichter. Dizze bondel is syn debút. Foar it fers "Etude yn 'e rein" krige er de Rely Jorritsmapriis.
15,-
De humor yn (Paperback)
De humor yn (Paperback)
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.
16,50

Klanten-reviews van Allegearre snie

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Allegearre snie

Productomschrijving

In fermaaklike misdiedroman mei de resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen yn de haadrol.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460381683

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.