Wyn fan feroaring

0
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't de...

Alle aanbiedingen van dit product

Sorry, dit product is momenteel niet beschikbaar

Anderen bekeken ook

Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
De wûndere leafde fan Emine en Einte (Paperback)
De wûndere leafde fan Emine en Einte (Paperback)
Emine en Einte binne de haadpersoanen yn dizze aktuele leafdesroman. Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy't in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis. Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hied er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013) en It sinfol bestean (2017).
26,50
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Pionier foar it Frysk (Hardback)
Tony Feitsma (1928-2009) kaam yn Brantgum te wrâld en waard grut op in pleats yn de Wieringermar. Fan hûs út krige hja ambysje en pioniersgeast mei, mar ek in hechte bân mei de taal fan it heitelân. Sy waard yn 1976 de earste froulike heechlearaar Frysk. Foar har foelen wittenskip en Fryske beweging gear mei it ynnimmen fan har plak as minske yn 'e mienskip. Wa wie Tony Feitsma en hoe hat se har útsprutsen mienings en wittenskiplike kwaliteiten yn in manljuswrâld befochten? It hat yn alle gefallen net om 'e nocht west. Mear as 25 jier lang hat se studinten ynspirearre. De FNP hat se yn 1962 rêden foar in iere dea. Mei eigen jild rjochte se in fûns op dat noch altiten stipe jout oan Frysktalige aktiviteiten. Yn dizze biografy beskriuwt Liuwe H. Westra har libben yn de mienskip fan famylje, skoalle en universiteit, fan frisistyk en Fryske beweging. Hy besiket in antwurd te jaan op de fraach hoe't Tony Feitsma sa'n fûleindich strider foar it Frysk wurde koe. Mar ek: wêrom wie se altiten
49,50
Spegel en sonde (Paperback)
Spegel en sonde (Paperback)
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy't Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline? Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy't nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.
22,90
Frisum Trilogy (Paperback)
Frisum Trilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De
24,50
Orpah (Paperback)
Orpah (Paperback)
De haadpersoan Maud Gallahgher is in jonge Ierske frou, in frou mei in geheim. Dêrom fielt se har twongen om har heitelân te ûntflechtsjen. Fia famylje komt se yn Fryslân telâne. Se krijt in relaasje mei Bouwe de Vries. Wannear't dy relaasje op in dramatyske wize oan de ein komt, wêrtroch't Bouwe yn 'e finzenis bedarret, giet se werom nei har heitelân. Se hat in soad stipe fan har twillingsuster Maureen. Stadichoan wurdt dúdlik wat him yn it ferline ôfspile hat. En dan is der noch de jongeman Collin, dy't op paad giet om syn biologyske mem te sykjen. Ek hy bedarret yn Ierlân. Hat it finen fan syn mem te krijen mei it geheim fan Maud? En wa is eins Orpah? Uteinlik komt it ta in spektakulêre ûntknoping.
17,50
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95

Klanten-reviews van Wyn fan feroaring

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Wyn fan feroaring

Productomschrijving

Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes...

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.