Vet oud! Fryslân (Paperback)

0
Vet oud! is werom! Yn dit sechsde diel fan de populêre skiednisrige Vet oud! nimme de skriuwers dy mei yn de skiednis fan Fryslân. Kom yn 'e kunde mei de âlde Frisii, lear oer Fikingen en folgje de aventoeren fan Fryske fersetsstriders yn de Twadde Wrâldoarloch. Fansels ûntbrekke ek Grutte Pier, kening Redbad en de Alve- stêdetocht net. En wêrom ha...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk. Mei rychjes foarbylden fan oernommen wurden wurdt in yndruk jûn fan de ynfloed fan oare talen op it Frysk. Kaartsjes meitsje dúdlik hoe't de talen geografysk tusken de oare talen yn steane en hoe't der ferpleatsings west ha. Ek gâns oare yllustraasjes litte sjen dat it ferhaal fan de Fryske taal in soad nijsgjirrige haadstikken hat. Frysk, ynbûn, 144 siden.
22,50
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa't it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme 'Wyldinghen' en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun. Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
22,50
Oerbleaune Rimen en Teltsjes (Paperback)
Oerbleaune Rimen en Teltsjes (Paperback)
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa'n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy't skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.
22,90
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skildert de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn skiednis. Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, syn opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsenen wêze by de mienskip . Hoe't er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet. It boek wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt rike pluspunten mei, en dermei in dokumintêre karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen. En… hy jout ferdjipjende fyzjes op it libben, wêryn we syn identiteit werkenne. It boek lêst flot en sûget de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn hieltyd ôfwikseljende partsjes dy't je dan wêryn 't nó en dan wer yn it ferline bringe. Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre
22,50
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân - mar se binne net de iennichsten mei dy missy…
13,99
Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal. Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie. De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy't noait mear neifolging krige. Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.
49,90
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy't yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy't yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy't mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om? Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op 'e Jouwer.
24,90
Erfskip (Paperback)
Erfskip (Paperback)
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy't wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy't derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy't Ubba by syn berte opeaske. Nei't Ubba op syn tolfde in man deaslacht, rekket syn libben yn in streamfersnelling. Ien dy't him de wrâld oer fiert. In reis dy't him yn kontakt bringt mei hearskers en keningen lykas Redbad II, pakesizzer fan Rêdbâd Aldgillissoan, mei ûndeaden en meunsterlike skepsels, mei Bonifatius ek, de biskop dy't de wetten fan de Friezen skeint… Erfskip - De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga. In epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw. Mei ûnbegrinzge ferbyldingskrêft sketst Willem Schoorstra in byld fan de ier-midsiuwske
22,50
De Reade Bwarre (Paperback)
De Reade Bwarre (Paperback)
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de Bwarristen dyt de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de grutte ferneuker. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dyt der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.
27,50

Klanten-reviews van Vet oud! Fryslân (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Vet oud! Fryslân (Paperback)

Productomschrijving

Vet oud! is werom! Yn dit sechsde diel fan de populêre skiednisrige Vet oud! nimme de skriuwers dy mei yn de skiednis fan Fryslân. Kom yn 'e kunde mei de âlde Frisii, lear oer Fikingen en folgje de aventoeren fan Fryske fersetsstriders yn de Twadde Wrâldoarloch. Fansels ûntbrekke ek Grutte Pier, kening Redbad en de Alve- stêdetocht net. En wêrom hawwe Friezen eins harren eigen taal, in eigen flagge en fan dy bysûndere sporten? Yn Vet oud! Fryslân learst mear oer it ferline en de kultuer fan de Friezen. De ferhalen yn dit boek wurde oanfuld mei histoaryske feitsjes, museumtips, kleurrike foto's en yllustraasjes. Vet oud! Fryslân is dé must-have foar elkenien dy't noait syn nocht krijt fan skiednis, ék net ast net út Fryslân komst.

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.