Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer in Kinderboeken

Underweis (Paperback)

0
Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings. Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra's en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân. Yn Underweis jou...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
Wyn fan feroaring (Paperback)
Wyn fan feroaring (Paperback)
Johanna Kamstra is in jonge húsdokter dy 't sa op it each it perfekte libben hat. Har pasjinten binne wiis mei har, se is ferloofd mei gynaekolooch Joost en wennet yn in prachtige filla oan 'e râne fan Ljouwert. Dochs hat se altyd it gefoel dat se tekoart sjit en net past yn har omjouwing. Se hat al jierren gjin kontakt mear mei har âlden, dy 't der mar wat hinne libje. De ienige fan har famylje dêr 't se har by thús fielt is omke Hannes. Mei him en har neef Ate gong se as jongfaam altyd op sylfekânsje. As omke komt te ferstjerren moat Johanna wol kontakt sykje mei har heit en mem en sjocht se har famylje foar it earst yn jierren werom. Ek Ate. It testamint fan Hannes set it libben fan de famylje Kamstra folslein op 'e kop. Se moatte mei elkoar in kasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. De ynset: it foarstlik neilittenskip fan Hannes... Mei Wyn fan feroaring skriuwt Hilda Talsma de earste echte skûtsjeroman. Fris en tagongklik, mei 'it brûs foar
22,50
Spegel en sonde (Paperback)
Spegel en sonde (Paperback)
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy't Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline? Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy't nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.
22,90
In ekstremist út Westergeast (Paperback)
In ekstremist út Westergeast (Paperback)
In Westergeastmer dy't fûl nasjonaal-sosjalist wurdt. En allike fûl Frysk nasjonalist. Dy't alhiel yn de ban is fan it Oera Linda Boek. En ek fan hinnen. En boppedat, wol it meast bjusterbaarlik, fan wite wiven. Wat foar man wie dat wol? Yn dizze biografy jout Oebele Vries in byld fan Jan Bartele Vries út Westergeast en fan de ûntjouwing fan syn tinken. It is de beskriuwing fan in tige fleurich en tagelyk djip tragysk man. Oebele Vries is histoarikus. Hy is yn 'e fierte famylje fan Jan Bartele Vries en komt boppedat ek út Westergeast.
19,90
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Wês wiis mei nuvere houtsjes (Paperback)
Yn dit boek bondelt Meindert Bylsma aparte ferhalen mei nuveraardige útkomsten. Hy neamt se kremearkes, kre(kt)mearkes. Dêrmei eigenet er him ta wat mearkes eigen is: frijheid. Gjin gemier mei wat wier is en net wier, gjin gemiter mei wat kin en wat net kin. Alles kin en alles is wier, oeral en altyd. In koartswilige bondel mei orizjinele fynsten en ynfalshoeken. Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke. Fierders skreau er de assosjaasroman It iene hellet it oare út, de novelle En dêr marsjearje ik hinne en twa bondels ferhalen en oertinkingen: Rys mei rezinen en In balpinne tsjin de râne fan it trotwaar.
19,50
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
ynbêde / ingebed (Paperback)
ynbêde / ingebed (Paperback)
De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy't yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa't de libbensreis begûn op Kurasao dy't fia Suriname nei Nederlân late dêr't se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy't se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe. Het einde van een mooi huwelijk, het begin van een nieuwe liefde en
22,50
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skildert de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn skiednis. Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, syn opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsenen wêze by de mienskip . Hoe't er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet. It boek wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt rike pluspunten mei, en dermei in dokumintêre karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen. En… hy jout ferdjipjende fyzjes op it libben, wêryn we syn identiteit werkenne. It boek lêst flot en sûget de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn hieltyd ôfwikseljende partsjes dy't je dan wêryn 't nó en dan wer yn it ferline bringe. Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre
22,50

Klanten-reviews van Underweis (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Underweis (Paperback)

Productomschrijving

Underweis komme jo de moaiste ferhalen tsjin, wit Bonne Speerstra nei in libben as feekeapman en fertsjintwurdiger. Yn dit boek beskriuwt er de meast bysûndere ferhalen, humoristyske foarfallen en oangripende moetings. Tagelyk fertelt er de famyljeskiednis fan de Speerstra's en dêrmei ek de ûntjouwing fan it boerelibben yn Fryslân. Yn Underweis jout Speerstra mei in myld each en gefoel foar humor stal oan de ferhalen fan en oer it plattelân.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    20 Leafdesdichten BV Bornmeer

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.