Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Tuzen wurden (Paperback)

0
Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate âldens èn folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in tema út. Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderdielen út de tekenings nochris apart delset mei it Fryske wurd derby. De ...

Verkopers met dit product

Webshop
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
Nieuw
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
Nieuw
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
Nieuw
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie
27,95
Nieuw
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip 'Graf Zeppelin' om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy't mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint
22,95
Nieuw
Bloedgoud (Paperback)
Bloedgoud (Paperback)
Bloedgoud is it achttjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Bloedgoud is it ferfolch op Gouden Pest. Nei de pest ûnder de Inka's brânt de striid los om it goud. De jonge Manco Inka, soan fan Sapa Inka, bout in grut leger op om de Spanjaarden út Súd-Amearika te ferdriuwen. Syn ideaal fan wer in gouden takomst fan it Inka-ryk kin er net wiermeitsje. Syn eigen ein liedt ta de ein fan de
22,95
Nieuw
De Reade Bwarre (Paperback)
De Reade Bwarre (Paperback)
It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de Bwarristen dyt de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de grutte ferneuker. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dyt der yn 1980 by einsluten net kaam. De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.
27,50
Nieuw
Middlemarch (Paperback)
Middlemarch (Paperback)
De roman MIDDLEMARCH. A STUDY OF PROVINCIAL LIFE fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet. Dit tsjokke boek bestiet út ferskillende ferhaallinen, dy't har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrûn en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysûnder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou wêze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de ûntwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy't mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, in rike lânhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle âldere dominy Casaubon, dy't in grutte stúdzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy't earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn
39,95
Nieuw
Vet oud! Fryslân (Paperback)
Vet oud! Fryslân (Paperback)
Vet oud! is werom! Yn dit sechsde diel fan de populêre skiednisrige Vet oud! nimme de skriuwers dy mei yn de skiednis fan Fryslân. Kom yn 'e kunde mei de âlde Frisii, lear oer Fikingen en folgje de aventoeren fan Fryske fersetsstriders yn de Twadde Wrâldoarloch. Fansels ûntbrekke ek Grutte Pier, kening Redbad en de Alve- stêdetocht net. En wêrom hawwe Friezen eins harren eigen taal, in eigen flagge en fan dy bysûndere sporten? Yn Vet oud! Fryslân learst mear oer it ferline en de kultuer fan de Friezen. De ferhalen yn dit boek wurde oanfuld mei histoaryske feitsjes, museumtips, kleurrike foto's en yllustraasjes. Vet oud! Fryslân is dé must-have foar elkenien dy't noait syn nocht krijt fan skiednis, ék net ast net út Fryslân komst.
21,99
Nieuw
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy (Paperback)
Krêft fan de presidint John Fitzgerald Kennedy is it njoggende boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Fan in keninklik ferline is de earste roman yn In Fryske Odyssee. It ferhaal fan de swarte slaven giet oer yn dat fan de yndianen, dy't yn de rin fan de njoggentjinde iuw harren rjochten ferlearen. Yn Krêft fan de presidint, de twadde roman yn de rige, wurdt it boeiende libben, it ynspirearjende presidintskip en de tragyske dea fan John Fitzgerald
22,95

Klanten-reviews van Tuzen wurden (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tuzen wurden (Paperback)

Productomschrijving

Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate âldens èn folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detaillearre tekening, ferdield oer twa siden, byldet hieltyd in tema út. Yn it ramt dêromhinne wurde ûnderdielen út de tekenings nochris apart delset mei it Fryske wurd derby. De grappige tekenings jouwe in stimulân om it Fryske wurd dêr daliks mei te ferbinen sûnder it oer te setten. De op dy wize mei help fan de grutte tekening. Efteryn it boek is in alfabetyske wurdlist opnommen mei de Hollânske en Ingelske oersetting derby.

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.