Tomke yn `e bistetún

0
Aksjeboek foar bern, mei ferskes en ferhaaltsjes. Friestalig. Leeftijd: 4+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-
Abe en de Aardichman (Hardback)
Abe en de Aardichman (Hardback)
Abe ferhuzet nei in hûs mei in grutte tún. As der in famke foar it stek stiet krûpt er gau ûnder in strúk. Omdat hy yn syn foarige wenplak pleage waard, doart er no net mear mei oare bern te boartsjen. Mar al gau fernimt er dat er net allinne is ûnder dy strúk … in brún bultsje mei in swiere bromstim en wapperjende hantsjes komt yn beweging. Wat is dat dochs?! En wat wol it famke fan him? In sfearfol ferhaal oer in jonkje dat syn eangst oerwint mei prachtige yllustraasjes. Foar bern fan 5-9 jier. Tialda Hoogeveen (1974) waard berne yn Haskerdiken yn in hûs mei in grutte tún, midden tusken de greiden. Se hat har wurk makke fan har leafde foar ferhalen en de natoer. Tialda is sjoernalist en skriuwer en hat ferskate Nederlânsktalige boeken skreaun, foar bern en folwoeksenen. Yke Reeder (1973) fynt beamkeklimme noch altyd leuk. As bern wie se graach bûtendoar om hutten te bouwen en tekene se ek al alles wat los en fêst siet. Yke sylde de heale wrâld oer en is yllustrator, dosint en
14,95
Boeken en bern ferskaat yn berneliteratuer (Hardback)
Boeken en bern ferskaat yn berneliteratuer (Hardback)
Dit boek jout in byld fan wat de beide begripen Boeken en bern mei elkoar te krijen hawwe. It begûn mei foarlêzen en it rûn út op stúdzje, skriuwen en oersetten. Stúdzje en ûndersyk leveren sadwaande artikels en boeken op. In tal fan de artikels dy't de ôfrûne tritich jier yn tydskriften ferskynden, hawwe yn dit boek in plak fûn. Sa jout dit gehiel in byld fan wat der yn dat tiidrek allegear te rêden wie yn berneboekelân, it Fryske sawol as it Nederlânske. Dêrby waard ek oer de grinzen sjoen. Jant van der Weg (1939) wurke oan de Fryske Akademy en skreau oer berneliteratuer yn it Friesch Dagblad. Dêrneist sette se berneboeken oer en skreau se ferskate artikels en boeken. Fan hantsjeklap en sûkerbak stie op de Honourlist fan IBBY (International Board on Books for Young People). Yn 2000 promovearre se mei in proefskrift oer Fryske bernepoëzij. Foar har ynset op it mêd fan berneliteratuer krige se yn 2007 de Hiëronymus van Alphen Prijs en waard se yn 2014 útroppen ta earelid fan IBBY.
25,-
By beppe útfanhûs (Hardback)
By beppe útfanhûs (Hardback)
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe… In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder. Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.
16,95
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska: Je bent - je moet voorbijgaan. Je gaat voorbij - en alles is oké. By wat der sa op syn wei komt, spilet by Edwin de Groot it besef fan it tydlik-wêzen fan de dingen in grutte rol. Mei wikseljende konklúzjejes jout hy dat besef foarm yn taal. Al wie it mar om foar te kommen dat jo sprakeleas tusken siiep tenûndergean. Edwin de Groot (1963) wûn al meardere kearen in Rely Jorritsma-priis foar syn poëzy. Earder publisearre hy de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas een gelukkig kind (2013). De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften. Frysk, paperback, 76 siden
15,-
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50

Klanten-reviews van Tomke yn `e bistetún

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tomke yn `e bistetún

Productomschrijving

Aksjeboek foar bern, mei ferskes en ferhaaltsjes. Friestalig. Leeftijd: 4+

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461492579
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.