Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Tomke útfanhûs (Hardback)

0
Tomke sil by Yana Yu útfanhûs. Hy nimt al syn koesers yn syn kofferke mei. As se op bêd sille, fynt Tomke it dochs wol wat spannend! Yana Yu helpt him om al syn koesers út te pakken en mei syn allen falle se dêrnei lekker yn 'e sliep....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Anton yn it museum (Hardback)
Anton yn it museum (Hardback)
Anton komt fan 't bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars… Mirjam van Houten (1977) wurke as sjoernalist en tekstskriuwer, mar yn 2010 goaide se it roer om en lei har ta op it skriuwen en yllustrearjen fan berneboeken. En mei sukses, oant no ta ferskynden fiif berneboeken fan har hân: Tije (2016) - oersetten yn it Faeröersk en selektearre foar de IBBY-honourlist By beppe útfanhûs, oersetten yn it Faeröersk, Ladinysk en Noardfrysk, bekroand mei de Diet Huber yllustraasjepriis Jelle en Juf (2022), yn 2025 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis It Grutte Pake en Beppe Foarlêsboek (2023) Anton yn it museum (2025) - de printen yn dit boek makken yn de simmer fan 2024 diel út fan de eksposysje Verhaald - Verbeeld yn museum Belvédère op It Hearrenfean. It wurk wie fan febrewaris - 11 maaie 2025 te sjen yn de Koppelkerk yn Bredevoort, as
16,99
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij (1922-2013) wie foarbeskikt om by syn heit, dy't hússkilder wie, yn it wurk. It foarútsjoch in libben lang kezinen te striken, noaske him lykwols net: syn talinten leine earne oars. Fan jongs ôf oan tekene en skildere er al. Noch yn de oarlochsjierren slagge er oan in baan as reklametekener. Tegearre mei syn sweager Pier Feddema folge er lessen by Herman Dijkstra yn Grins, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Mei har fiven foarmen se de skildersgroep Yn 'e line. Yn de jierren '50 ûntwurp Van der Bij neist syn baan in grut tal boekomslaggen en mozaiken. Doe't der in ein kaam oan syn wurk by it reklameburo, waard er tekenlearaar. De earste helte fan de jierren santich kaam dêrtroch fan skilderjen net folle. Nei syn pensjoen koe er wer los, en hie er sukses mei tal fan eksposysjes. Mei de mozaiken, syn boekomslaggen en benammen mei syn lânskippen dêr't er Fryslân mei typearret, nimt er in wichtich plak yn de Fryske
25,-
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
"Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn't feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne." As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr't ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy't de libbens fan tal minsken op 'e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij. Troch de ûnderfinings dy't in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr't de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen. Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske thriller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf sawol yn de wrâld fan no as
22,50
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-

Klanten-reviews van Tomke útfanhûs (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tomke útfanhûs (Hardback)

Productomschrijving

Tomke sil by Yana Yu útfanhûs. Hy nimt al syn koesers yn syn kofferke mei. As se op bêd sille, fynt Tomke it dochs wol wat spannend! Yana Yu helpt him om al syn koesers út te pakken en mei syn allen falle se dêrnei lekker yn 'e sliep.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.