Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Tomke op it iis (Hardback)

0
Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op 'e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op 'e stoel sitte? Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Tin iis (Paperback)
Tin iis (Paperback)
De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder
22,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten (Hardback)
42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten (Hardback)
Der falt hiel wat te ûntdekken yn dizze natoergids foar bern mei 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens en twa talen: it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân. Oan de kust bart wat ûngewoans. Twa kear deis lûkt de see him werom en jout de seeboaiem frij. It wetter komt en giet. Eb en floed wurdt dat neamd. De seeboaiem bestiet út sân en in hiel soad slyk, it saneamde waad. It griisbrune slyk is ûnfoarstelber ryk oan bisten en planten.In ûneinich soad moksels, wjirms, kreeften en algen libje op en yn 'e boaiem. En yn 'e slinken dy't troch it Waad rinne, binne hielwat fisken te finen. Foar fûgels is de kust in rynsk klearmakke tafel.Se kinne der hearlik ite en fretten fine foar harren jongen. De Waadsee is it grutste waadgebiet fan 'e wrâld. In geweldich grut lâningsplak foar miljoenen hongerige trekfûgels, dy't der útrêste kinne, en in prachtich plak foar briedfûgels. Hiel wat fûgels bouwe harren nêsten fuort oan 'e râne fan it
8,95
De SUC-saak en de bonken fan Brongergea (Paperback)
De SUC-saak en de bonken fan Brongergea (Paperback)
Resjersjeur Ale Alema fan it plysjeburo fan it Hearrenfean sit wat yn in labile tiid. Wurk is der genôch om yn ûnder te dûken en miskien om wer wat hâldfêst yn te finen. Lykwols, tusken de drokke dagen sitte de swarte nachten en de flesse drank is op e taast wol te finen. Foar oerlis yn in saak oer stellen djoere autos komt Ale yn e kunde mei twa froulike kollegas, Petra Zeijlstra en Rykje Wybenga. Sy sitte yn it saneamde SUC-team. Geandewei it ûndersyk hat Ale it gefoel dat hy oan e sydline stiet en as in sike poedel efter de froulike kollegas oanrint. It is in mysterieuze saak dy t nei binnen teart, de SUC-unit yn. Kollega Wytske de Boer komt yn Brongergea foar in hiel oar fraachstik te stean. Fan wa binne de bonken dyt boufakkers fine by in ferbouwing? Alde bonkerakken of spilet der oars wat? Dizze twadde Ale Alema bringt in protte spanning en ferdivedaasje. Jan Schokker is in boeiende ferteller mei in tige humoristyske styl.
18,95

Klanten-reviews van Tomke op it iis (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tomke op it iis (Hardback)

Productomschrijving

Yn Tomke op it iis is it winter. Der leit iis op 'e fiver! Tomke wol graach reedride, mar hy wibelt wol in bytsje… Mei in stoel giet it better, en wa kin moai op 'e stoel sitte? Der binne fjouwer moaie nije rigeboekjes fan Tomke ferskynd, foar alle seizoenen ien. De boekjes binne te keap foar € 6,50 it stik, óf meielkoar yn in stevige kassette foar € 25,-.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.