Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Tomke nei skoalle (Hardback)

0
Tomke giet nei skoalle. Dêr docht er fan alles: boartsje, yn 'e rûnte, plakke..... Ynienen sjocht juf wat sitten yn de sânbak, wat soe dat wêze..?...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95
ynbêde / ingebed (Paperback)
ynbêde / ingebed (Paperback)
De ein fan in moai houlik, it begjin fan in nije leafde en tagelyk as Dichter des Vaderlands by fersoargingshuzen del om mei âlderen te praten oer harren bernetiid, wurk en relaasjes, wylst in goeie freon stoar en in bêste freondin slim siik waard, sa seagen Tsead syn ôfrûne jierren derút. De bondel fertelt persoanlike ferhalen oer leafde, mar docht ek ferslach fan de skiednissen fan pasifist Willy Geijlvoet (1936-2020) dy't yn 1944 mei syn âlders rinnende it platbombardearre Arnhem ûntflechtsje moast, fan âld-timmerman Auke Groenhof (1929-2020) waans heit yn dyselde oarloch geskutskoepels bouwe moast yn Frankryk en ûnder de flieën wer thúskaam en fan Helen Bergen (Willemstad, 1939) fan wa't de libbensreis begûn op Kurasao dy't fia Suriname nei Nederlân late dêr't se leaver de stoptrein pakte as de intercity omdat se dan alle doarpen en stedsjes dy't se op skoalle leare moatten hie no ris rêstich yn it echt sjen soe. Het einde van een mooi huwelijk, het begin van een nieuwe liefde en
22,50
Jorrit & Philo begjinne in klup (Hardback)
Jorrit & Philo begjinne in klup (Hardback)
Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se fûgelklup "It Fearke. Mar....hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup "It Sturtsje"oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn 'e strjitte stiet. En auto's besjen, dat fine Jorrit en Philo ek moai. En dan moat der fansels in autoklup komme....!
14,95
Fan in keninklik ferline (Paperback)
Fan in keninklik ferline (Paperback)
Fan in keninklik ferline is it sânde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke Blomhof beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêftfjilden komt sawol op 'e Blomhof-pleats as yn de Heidenskipster skoalle it slavebestean oan de oarder. Nei't op skoalle it lot fan de slaven yn de skiednisles behannele is, lizze de learlingen in ferbân mei de situaasje op 'e Blomhof-pleats: feint Sije Minnema soe ek in slaaf wêze. Yn de roman Fan in keninklik ferline wurdt in ferbân lein tusken it lot fan de
22,95

Klanten-reviews van Tomke nei skoalle (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Tomke nei skoalle (Hardback)

Productomschrijving

Tomke giet nei skoalle. Dêr docht er fan alles: boartsje, yn 'e rûnte, plakke..... Ynienen sjocht juf wat sitten yn de sânbak, wat soe dat wêze..?

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.