Tin iisIn ferhaal foar jong en âld oer Fryske minsken dy't har libben ynsetten foar meiminsken. Friestalig10,-
Tin iis (Paperback)De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder22,50
Beaken foar it Minskdom (Paperback)Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Om't de Krúspôle mei syn miuwekoloanje yn In Fryske Odyssee in belangrike rol spilet, is Beaken foar it Minskdom skreaun. Hjiryn wurdt it ferhaal ferteld fan in miuwefolk dat in eilân as wenplak hat. Lykas by de minsken reagearret elke miuw op grûn fan genen en22,95
Silke & Miss Dee (Hardback)De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.14,95
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.17,50
Spegel en sonde (Paperback)As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy't Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline? Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy't nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.22,90
FC Nostalgia (Paperback)It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar24,50
Harm van der Meer fertelt (Paperback)It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy't yn dizze bondel sammele binne. Yn de wurden fan Hylke Speerstra: 'Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: "Jim hawwe it begrepen." Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.' De sfearfolle swart-wytfoto's fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man17,50
It Achterhûs (Paperback)De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.17,50
Wei, mar net fergetten (Paperback)Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy't yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy't yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy't mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om? Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op 'e Jouwer.24,90