Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer
Meer 20 Leafdesdichten BV Bornmeer in Kinderboeken

Stabij (Hardback)

0
Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen. Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy't ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij t...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Anton yn it museum (Hardback)
Anton yn it museum (Hardback)
Anton komt fan 't bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars… Mirjam van Houten (1977) wurke as sjoernalist en tekstskriuwer, mar yn 2010 goaide se it roer om en lei har ta op it skriuwen en yllustrearjen fan berneboeken. En mei sukses, oant no ta ferskynden fiif berneboeken fan har hân: Tije (2016) - oersetten yn it Faeröersk en selektearre foar de IBBY-honourlist By beppe útfanhûs, oersetten yn it Faeröersk, Ladinysk en Noardfrysk, bekroand mei de Diet Huber yllustraasjepriis Jelle en Juf (2022), yn 2025 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis It Grutte Pake en Beppe Foarlêsboek (2023) Anton yn it museum (2025) - de printen yn dit boek makken yn de simmer fan 2024 diel út fan de eksposysje Verhaald - Verbeeld yn museum Belvédère op It Hearrenfean. It wurk wie fan febrewaris - 11 maaie 2025 te sjen yn de Koppelkerk yn Bredevoort, as
16,99
Mei Russyske Mystearjes (Paperback)
Mei Russyske Mystearjes (Paperback)
Mei Russyske Mystearjes is it twadde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is ûnderdiel fan in searje ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje ha mei it libben fan de haadpersoan. Yn it earste boek, Mei it Mystearje, waard it libben fan Bouke beskreaun as jonkje (1944), as puber (1956), as studint fan de oplieding foar learkrêft (1958) en as begjinnend boer (1960). It twadde boek giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof '. Ien fan de belangrykste ûnderdielen fan it twadde boek is de keunst en literatuer fan Ruslân yn relaasje ta de polityk. Dat ferklearret de namme Mei Russyske Mystearjes en de ôfbylding op it omslach: De Wolgaslepers fan skilder Ilja Repin. De auteur giet yn it twadde boek wer by guon mystearjes lâns en makket
22,95
Testamint fan de siel (Hardback)
Testamint fan de siel (Hardback)
Twa jonges belibje, alhiel los fanelkoar, in ferskriklike jeugd. De iene yn it Fryske wetterlân, de oare tusken in keppel mislearre ymmigranten op de Kanadeeske prairy. As bern wurde se oan harren lot oerlitten, mar se sette troch. Beide meitsje se karriêre en fine de leafde. Wat se trochmakken en harren pleaget ferswije se. Oant se wer allinne komme te stean en yn Kanada as âlde mannen mei-elkoar yn 'e kunde komme. Se reitsje oan de praat en fertrouwe elkoar ta wat se noait kwyt woene. By tafal komme se derachter dat harren hertferskuorrende libbens ferweven binne…
29,90
Famke famke (Paperback)
Famke famke (Paperback)
Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears. Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder falt, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt... Yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is dêr ynienen Lisabel, dy't, doe't se santjin wienen, wol wat mei him ha woe... wat mislearre fanwegen Saapke, in hynstefamke dat wat rûkte, en Erasmus lies, meiprate koe oer keunst, Haije syn passy neist literatuer, doe ek al... en syn oandacht krige. Famke famke is in meinimmende en yntrigearjende
22,50
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99

Klanten-reviews van Stabij (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Stabij (Hardback)

Productomschrijving

Tjibbe Hooghiemstra (byldzjend keunstner) en Douwe Kootstra (skriuwer en ferteller) ha in soad niget oan stabijen. Tjibbe hat al jierren sokke hûnen. Dy ynspirearren him ta in grutte seary tekeningen. Los fan Tjibbe syn ferbyldingen skreau Douwe ferhalen dy't ien oerienkomst ha: in stabij spilet de haadrol. De miks fan byld en tekst makket Stabij ta in bysûnder boek. Gjin hûneboek yn de klassike sin mar in oade oan de minske yn it bist.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    20 Leafdesdichten BV Bornmeer

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.