Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Spetter, spetter ... en oare ferskes (Paperback)

0
De moaiste (opsis) ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht! Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan Rommele bom, rommele bom! Rommele bom bom bom! Yn elke hân in stokje. Ik slach op de trom. Retteketet retteketet! Retteke tet tet tet! Fingers op de knopkes: Ik spylje trompet. Tutetdetú...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Bêste jonge (Paperback)
Bêste jonge (Paperback)
In relaasje tusken man en frou, dat leit soms wat yngewikkeld. Sa ek by Tine en Jarich. Tine liket tefreden mei har libben, mar benammen Jarich krijt it geregeld benaud fan it feit dat alles al sa'n bytsje fêst leit yn syn libben. Risiko's nimme, it ûnferwachte in kâns jaan, in heger lok sykje, dêr giet de nije roman fan Geart Tigchelaar oer. "Op dy iene middei sloech it yn as in bom. Ik woe al langer folslein wat oars en it leafst wat oars as oars. Ik wist hieltiten mar net wat, mar doe't ik út it wurk wei ús strjitte ynried en oer it sket fan de oerbuorman de grutte koppen fan de sinneblommen weauwen seach, ferskynde der stadichoan in grutte glim op myn holle." "Blinders! Dizze waldpyk lit der gjin gers oer groeie!" (Elmar Kuiper) Paperback, 160 siden
14,50
Minskebern (Paperback)
Minskebern (Paperback)
Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan 'e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr't se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geke, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern. De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008. Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt. Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante 'Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele
14,50
De Jacht (Paperback)
De Jacht (Paperback)
Dizze roman spilet foar it grutste part yn Ealsum, in doarp efter Dokkum. Former Bloemkamp komt werom nei syn bertedoarp as breafisker, jager en mollefanger. By de Ealsumers leit er der al gau út, om't er eigensinnige wegen giet. Syn tsjinspiler is Lútsen Idsardi, in idealist, mar tagelyk in labyl figuer, dy't maatskiplik rûnom mislearret. In slepend konflikt tusken Former en Lútsen einiget op befrijingsdei 1945 yn in drama. De roman De Jacht ferskynde foar it earst yn 1988 en wie doe al de sande roman fan Van der Ploeg. Mei it boek berikte er in breed lêzerspublyk. It is de earste fan de fjouwer romans dy't yn de oarloch yn de Dongeradielen spylje. De oare trije ferskynden as De oarloch fan Durk van der Ploeg yn 2011 yn ien bân by de Friese Pers Boekerij. Dizze tredde printing fan De Jacht is in werútjefte fan de earste. Yn it beskriuwen fan it lânskip en it skreppen, wrotten en bealgjen fan de lytse man is Van der Ploeg in master, ek wat syn taalgebrûk oanbelanget. Dick Eisma yn de
22,50
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
Wij en het Ik-tijdperk (Paperback)
Wij en het Ik-tijdperk (Paperback)
Een meeslepende en actuele cultuurgeschiedenis over Nederland vanaf 1980 tot aan onze coronatijd. Op de drempel van 1980 verscheen Het Ik-tijdperk als kerstspecial van het roemruchte tijdschrift Haagse Post. De tekst sloeg in als een bom. Auteur John Jansen van Galen beschreef hoe Nederland in deze jaren 'een welvarend villadorp' was geworden, waar de inwoners vooral met zichzelf en niet met de samenleving bezig waren. Iedereen - lezers, politici, kunstenaars, reclamemakers, geestelijken, wetenschappers, journalisten - herkende wel iets in het beeld dat Jansen van Galen schetste. En zo werd het Ik-tijdperk een gevleugeld begrip voor een samenleving die de weg kwijt was. Het Ik-Tijdperk zag het levenslicht in een verwarrende tijd. De droom dat de welvaartsgroei van de naoorlogse wederopbouw eeuwig zou duren, spatte in de tweede helft van de jaren zeventig uiteen. De werkloosheid liep op, de economie stortte in, een nieuwe internationale wapenwedloop was in de maak, de grote steden waren
20,-
Middlemarch (Paperback)
Middlemarch (Paperback)
De roman MIDDLEMARCH. A STUDY OF PROVINCIAL LIFE fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet. Dit tsjokke boek bestiet út ferskillende ferhaallinen, dy't har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrûn en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysûnder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou wêze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de ûntwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy't mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, in rike lânhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle âldere dominy Casaubon, dy't in grutte stúdzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy't earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn
39,95
Verraad (Paperback)
Verraad (Paperback)
In het donker brengen twee ex-pacifisten een bom aan op de spoorlijn waar een Wehrmachttrein zal rijden. Het is 1942. Een van de twee is Herman, de ex-schoonvader van de schrijver. Er is verraad en Herman en zijn vrienden verdwijnen naar concentratiekamp Vught. Zijn vrouw Leen gaat naar de Sicherheitsdienst en verleidt een Hauptscharfu¨hrer met een oog voor vrouwelijk schoon. Dit alles om haar man te redden. 'Als ik op zo'n manier ben bevrijd dan wil ik liever terug naar het kamp', roept Herman verontwaardigd uit als hij het verhaal hoort. Hij jojoot tussen vreugde over zijn herwonnen vrijheid en weerzin over het idee dat zijn vrouw in de armen van de vijand lag en daardoor verraad zou hebben gepleegd. Roel van Duijn onderzocht de familieverhalen en legt na driekwart eeuw de historische werkelijkheid over deze overspelige bevrijding bloot. Tevens werpt hij licht op de tot nu toe vrijwel onbekend gebleven Twentse verzetsgroep Hazemeijer. Deze reconstructie van een verborgen geschiedenis
18,95

Klanten-reviews van Spetter, spetter ... en oare ferskes (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Spetter, spetter ... en oare ferskes (Paperback)

Productomschrijving

De moaiste (opsis) ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht! Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan Rommele bom, rommele bom! Rommele bom bom bom! Yn elke hân in stokje. Ik slach op de trom. Retteketet retteketet! Retteke tet tet tet! Fingers op de knopkes: Ik spylje trompet. Tutetdetút tuterdetút! Tuterde tút tút tút! Ik blaas op it fluitsje. No is it ferske út.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.