Sûnder garânsje

0
Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de frou dy't samar fan in sûn minske yn in kankerpasjinte wurdt en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
Jacht op de Codex Frisicus (Paperback)
"Jacht op de Codex Frisicus is in eksplosive thriller sûnder wjergea. Willem Schoorstra nimt de lêzer yn in razend tempo mei yn in ynternasjonaal ferhaal, wêryn't feit en fiksje op ûnneifolchbere wize yninoar oerrinne." As op in stuit in samling skriften en brieven opdûkt dêr't ek âlde, yn runen beskreaune fellums by sitte, komme der krêften op gong dy't de libbens fan tal minsken op 'e kop sette sille. Lykas dat fan eks-resjersjeur Tideman Bijlsma, syn two-night stand Frida en syn help Bilinka. Sy reitsje betize yn in web fan moard, midsiuwske ynstitúsjes en hekserij. Troch de ûnderfinings dy't in frou út Frisia yn it Romeinske ryk opdien hat, wachtet it selskip fan Tideman lang om let in delgong yn de ûnderwrâld. It ryk fan de deaden, dêr't de grutste Magiër ea in talisman skepen hat om in legindarysk artefakt te beweitsjen. Jacht op de Codex Frisicus is in psychologyske thriller mei esotearyske, okkulte en filosofyske eleminten. It ferhaal spilet him ôf sawol yn de wrâld fan no as
22,50
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960). It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk. Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof'. It godsmystearje komt benammen nei foaren
22,95
Moard op 'e steger (Paperback)
Moard op 'e steger (Paperback)
Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan 'e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy't earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe't dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.” Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like. Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn 'e hite hei en Moard yn tsjerke.
16,50
Orpah (Paperback)
Orpah (Paperback)
De haadpersoan Maud Gallahgher is in jonge Ierske frou, in frou mei in geheim. Dêrom fielt se har twongen om har heitelân te ûntflechtsjen. Fia famylje komt se yn Fryslân telâne. Se krijt in relaasje mei Bouwe de Vries. Wannear't dy relaasje op in dramatyske wize oan de ein komt, wêrtroch't Bouwe yn 'e finzenis bedarret, giet se werom nei har heitelân. Se hat in soad stipe fan har twillingsuster Maureen. Stadichoan wurdt dúdlik wat him yn it ferline ôfspile hat. En dan is der noch de jongeman Collin, dy't op paad giet om syn biologyske mem te sykjen. Ek hy bedarret yn Ierlân. Hat it finen fan syn mem te krijen mei it geheim fan Maud? En wa is eins Orpah? Uteinlik komt it ta in spektakulêre ûntknoping.
17,50
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip 'Graf Zeppelin' om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy't mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint
22,95
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Redbad (Hardback)
Redbad (Hardback)
Redbad is wiidferneamd as 'grutste Fries ea', mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? Hoe stjoerde er Fryslân oan? Wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie krekt yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn dizze ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra wurdt in byld sketst fan hoe't it libben fan de romrofte kening derút sjen kinnen hie. Fan lyts jonkje oant syn dea, sjoen troch de eagen fan syn bloedfreon, dy't lykas harren fijannen, en Redbad sels, de rânen opsiket fan wat rjochtfeardige is yn tsjinst fan it hegere doel. 'Yn dizze graphic novel komme de wrâlden fan it boek fan Willem, it iepenloftspul fan Tjits en it album fan Baldrs Draumar byinoar. En dat allegear op in hiel eigen wize delset troch Skelte Braaksma. De gesichtsútdrukkingen fan de karakters jouwe de juste ynfolling by de emosjonelere sênes. Der sit in soad leafde en tiid yn dizze ferstripping fan dat
19,50
Wat in koffer seit (Paperback)
Wat in koffer seit (Paperback)
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal
12,50
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Josse de Haan (1941) levere in wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer troch op boartlike wize, mar ek fûl en flink kritysk, hieltyd op 'e nij oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer. De ferneatigjende mar tagelyk ek ynspirearjende wurking fan erotyk en leafde stiet faak sintraal yn syn boeken. Arjan Hut oer Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan: "In ferhaal dat streamt en foarmet, my oan it prakkesearjen set, op de goede mominten in nije laach yn dûkt, fan bûten nei binnen- in spul fan oantrekking en ôfkear - it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein, de iensumheid." Frou mei mandoline op sofa, roman, Frysk, 205 siden, paperback, nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015
17,50
Sweltsjes fan Gaast (Paperback)
Sweltsjes fan Gaast (Paperback)
Theunis Piersma is heechlearaar Trekfûgelekology yn Grins en is in ynternasjonale autoriteit op dat gebied. Op syn fakgebied hat Piersma in ôfgryslik soad skreaun. Yn syn frije tiid docht er yn syn wenplak Gaast ûndersyk nei sweltsjes. Syn buorfrou frege him 'Wêr bliuwe ús sweltsjes winterdeis, Theunis'. Dy fraach wie oanlieding foar in syktocht nei sweltsjes, nei hoe't se libje en wêr't se bliuwe.. Piersma ferstiet de keunst om syn wittenskiplik ynsjoch oer de bringen oan in breed publyk sûnder de kwaliteit te koart te dwaan. Dit is syn earste boek yn syn memmetaal. In oade oan sweltsjes en oan Fryslân.
15,-

Klanten-reviews van Sûnder garânsje

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Sûnder garânsje

Productomschrijving

Op yngeande wize is yn dizze roman beskreaun wat oer de frou dy't samar fan in sûn minske yn in kankerpasjinte wurdt en har neisten hinne komt en wat it betsjut fierder libje te moatten 'sûnder garânsje'. Friestalig

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461496577
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.