Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Sirkus PeM en de ûlewapper (Paperback)

0
Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar ...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Tin iis (Paperback)
Tin iis (Paperback)
De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder
22,50
De koma-korrektor (Paperback)
De koma-korrektor (Paperback)
Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske "nee"seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde. Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wûn foar har ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.
17,50
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend! 'Wer in hearlik Hilda-boek!' Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk.
21,50
Blyn rjocht (Paperback)
Blyn rjocht (Paperback)
Ids Sytswerda is rjochter yn oplieding en wit him tegearre mei syn blinehûn Kjeld prima te rêden op syn wurk en thús. Syn frou Minke is dokter en wurket yn it sikehûs. Tegearre ha se in moai libben, mar se ha ien grutte winsk en dy kin net yn ferfolling gean: in bern fan harren sels. Se melde har dan oan foar adopsje. Dat is in lange wei, mei om't Ids blyn is. En troch de omjouwing wurdt it ek net altyd begrepen. Mar úteinlik krije se dan nijs. In oprjochte roman yn in noflike styl. Mei faasje en humor skreaun.
21,50
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
Nearnewâld (Paperback)
Nearnewâld (Paperback)
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige fantasijwrâld dy't in soad op uzes liket, in feest likegoed as in drama fan werkenning, ôfwikseljend as it libben sels.
27,50
Sanfirdo (Paperback)
Sanfirdo (Paperback)
Liuwe is in gewoane jonge, dy't it dreech fynt om te kiezen. Tusken muzyk en technyk. Tusken leafdes dêr't er tsjinoan rint. Hy wit net altyd hoe't er reagearje oat as it libben en de maatskippij sûnder oerlis foarôf yngripe yn syn libben. As syn mem ynienen stjert. As syn earste leafde stikken rint. As syn bern opgroeie en eigen paden gean. As sels net kieze betsjutte kin dat oaren dat foar jo dogge. Sa stroffelt Liuwe troch it libben. Mar dogge we dat net allegear? Sanfirdo is yn in soad opsichten in ferolchferhaal. it is it ferfolch op de novelle Sânfurd, út 1999, oer de koarte romance dêr tusken Liuwe en Elize. Liuwe sels fertelt hoe't it doe fierder gie. En noch altyd giet.
19,50
Lekker eigenwiis (Hardback)
Lekker eigenwiis (Hardback)
Bisto wolris eigenwiis? En dan ek echt LEKKER eigenwiis? Datst tinkst: sa is it en net oars, en wat oaren tinke moatte se sels mar witte! Dit boek stiet fol ferhalen dy't dwers tsjin alles yngeane. Lês oer bern dy't tinke dat se it better witte as grutte minsken en oer in eamel dy't hast oan syn ein komt troch syn eigenwizens. Bisto te eigenwiis om dit boek te lêzen? Dat is spitich foar dy! Rinst grappige ferhalen mis dy't dyn eigenwiisheid prikelje kinne! Mar ja, ast dêr sels te eigenwiis foar bist…
14,95

Klanten-reviews van Sirkus PeM en de ûlewapper (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Sirkus PeM en de ûlewapper (Paperback)

Productomschrijving

Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten .... Foar Pier en Marieke. Fyftjin fleurige ferhalen foar jong en âld om foar te lêzen of om sels te lêzen.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.