Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse (Hardback)

0
Op in dei krijt Sibbedeus de Bear in gânzeboerd tastjoerd, ôfkomstich fan in Wisse, dy't him in goeie hân fan goaien winsket. Even letter stiet Sulver foar de doar, in sniewite gâns dy't Sibbedeus freget om him te folgjen. It is de start fan in wûnderlik aventoer fan tafal en gelok, fan fallen en opstean. Mar wa is Wisse? Oersetter Eppie Dam: 'Sibb...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Krêft fan it folk (Paperback)
Krêft fan it folk (Paperback)
Krêft fan it folk is it achtste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft en Krêftfjilden wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1986. Yn Krêft fan it folk spilet de paradoks fan ienheid en skieding in rol. Op it skilderij 'Prosesje yn it gûvernemint Koersk' fan de Russyske skilder Ilja Repin sjocht men de ienheid fan de Narod (folk), dat him ûnderdrukt fielt troch de machthawwers. It skilderij 'Presidint Lincoln hâldt in rede' fan de Frânske skilder Jean-Léon Gérôme' sprekt ek fan ienheid, nei de skieding en
22,95
Karlsson fan it dak (Hardback)
Karlsson fan it dak (Hardback)
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op 'e rêch en in startknopke op 'e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa'n mantsje. En Erik ken net ien dy't sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn 'e buert is, hoechst dy noait te ferfelen! Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy't oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!
13,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
De nacht fan Mare (Paperback)
De nacht fan Mare (Paperback)
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat. 'De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.' Ut de ynhâld 'Ik moat my noch even deljaan,' sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. 'Komst by my te lizzen?' 'Jawis,' antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. 'Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.' Ik draai my op 'e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy
19,50
Fier fan alle drokte (Paperback)
Fier fan alle drokte (Paperback)
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D'Urbervilles, 'goed' ôfrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy't yn syn lettere, inktswarte boeken ûntbrekt. De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriël Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in heel kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriël, dy't har as earste as frou ha wol, wurdt ôfwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ûngelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats fan har
32,50
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
Erfskip (Paperback)
Erfskip (Paperback)
Fryslân yn de 8ste iuw: Ubba, soan fan Raeddeg en Gerlind, hat syn thús op Grut Bjinthiem, it tsjinwurdige Hegebeintum. Yn syn jonge jierren is er in dwerse kneppel, in neatnut, ta fertriet fan syn heit en ta freugde fan syn mem. It is Gerlind dy't wit dat har soan ta grutte dieden foarbestimd is. Ommers: it is Wêda dy't derfoar soarge dat se him krigen hat, de heechste fan de goaden dy't Ubba by syn berte opeaske. Nei't Ubba op syn tolfde in man deaslacht, rekket syn libben yn in streamfersnelling. Ien dy't him de wrâld oer fiert. In reis dy't him yn kontakt bringt mei hearskers en keningen lykas Redbad II, pakesizzer fan Rêdbâd Aldgillissoan, mei ûndeaden en meunsterlike skepsels, mei Bonifatius ek, de biskop dy't de wetten fan de Friezen skeint… Erfskip - De saga fan Ubba Skylding is in hybride fan in roman en in saga. In epyske fertelling, basearre op in skriftlike oerlevering út de 12de iuw. Mei ûnbegrinzge ferbyldingskrêft sketst Willem Schoorstra in byld fan de ier-midsiuwske
22,50
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
In fauna fan ingels (Hardback)
In fauna fan ingels (Hardback)
De haadpersoan yn dizze roman is in kroanysk psychiatrysk pasjint dy't yn 'e rin fan syn libben ferskillende kearen yn kliniken en ggz-ynstellings opnommen wurde moast. Sânenfjirtich jier nei de earste opname wennet er allinne yn it hûs fan syn âldelju. Omdat er oars net ien hat om mei te praten en om te witten wa't er is fertelt er himsels syn libbensferhaal dat giet oer syn ferbliuw yn ferskillende ynrjochtings, oer syn psychoazen, eangsten, efterfolgingswaan en de labels dy't him yn 'e rin fan 'e jierren opplakt binne.
24,50

Klanten-reviews van Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse (Hardback)

Productomschrijving

Op in dei krijt Sibbedeus de Bear in gânzeboerd tastjoerd, ôfkomstich fan in Wisse, dy't him in goeie hân fan goaien winsket. Even letter stiet Sulver foar de doar, in sniewite gâns dy't Sibbedeus freget om him te folgjen. It is de start fan in wûnderlik aventoer fan tafal en gelok, fan fallen en opstean. Mar wa is Wisse? Oersetter Eppie Dam: 'Sibbedeus is in boek dat ik sels skriuwe wold hie. Gelokkich koe ik it fertale. Ik bin o sa wiis mei dizze bear. En úteinlik ek mei Wisse.' Yn de parse oer de Nederlânske útjefte: Bas Maliepaard yn Trouw: 'Meinderts doet wat hij goed kan: met talige humor, sprankelfantasie, een filosofische, soms licht melancholische ondertoon en een beeldende, maar toch ingetogen stijl schrijven over het leven.' Mirjam Noorduijn yn NRC: 'Er ligt onmiskenbaar een laagje Meinderts-weemoed over het verhaal, extra aangezet door Annette Fieniegs dromerige, innemende illustraties. Daaronder is echter voldoende lucht en licht.' Edward van de Vendel: 'Het schrijven van

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.