Rinus (Hardback)

0
Eartiids wie pake in hiele wylde noashoarn. En hy wie sterk, geweldich sterk. Hy koe wol hûndert beamstammen tagelyk optille. Mar no is pake âld. It leafst leit er de hiele dei wat yn it skaad te slûgjen. Hjoed past er op Rinus. En dy wol foaral boartsje en wyldjeie!...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy't as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes. 'Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom't der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.' Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.
17,90
Jesse (Hardback)
Jesse (Hardback)
Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan 'e seedyk. Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy't oppakt is, syn hûn dy't net meiferhúzje koe en syn mem dy't sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr't er ferlyfd op wurdt.
14,99
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99

Klanten-reviews van Rinus (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Rinus (Hardback)

Productomschrijving

Eartiids wie pake in hiele wylde noashoarn. En hy wie sterk, geweldich sterk. Hy koe wol hûndert beamstammen tagelyk optille. Mar no is pake âld. It leafst leit er de hiele dei wat yn it skaad te slûgjen. Hjoed past er op Rinus. En dy wol foaral boartsje en wyldjeie!

Productinformatie

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.