Pseudo-Homearus - De Striid tusken Froasken en Mûzen

0
In luftige parody op de Ilias fan Homearus, yn prachtige, steatlike taal mei bysûndere taalfynsten wurde piipjende mûzen en kwêkjende kikkerts foarinoar oer set. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De weddenskip (Paperback)
De weddenskip (Paperback)
Lida Dykstra Mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy't bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy't fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy't seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende
15,-
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Tusken heiten en soannen (Paperback)
Tusken heiten en soannen (Paperback)
Tusken heiten en soannen is it trettjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Tusken heiten en soannen is it ferfolch op Tusken twa planeten. De eardere geitehoeder Mardoek is mei de astronauten fan de tolfde planeet wer op Ierde oankommen. Mei de kennis fan planeet An wurdt de ûntwikkeling yn it gebiet fan de Eufraat en de Tigris yn gong setten. Mei de bou fan twa stêden, Oer en Oeroek, ûntstiet yn
22,95
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Harm van der Meer fertelt (Paperback)
Harm van der Meer fertelt (Paperback)
It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy't yn dizze bondel sammele binne. Yn de wurden fan Hylke Speerstra: 'Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: "Jim hawwe it begrepen." Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.' De sfearfolle swart-wytfoto's fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man
17,50
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
Tusken twa planeten (Paperback)
Tusken twa planeten (Paperback)
Tusken twa planeten is it tolfde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Yn Tusken twa planeten ferkeart de ierde noch yn in primitive faze. De jonge geitehoeder Mardoek makket de lâning mei fan in romteskip fan de tolfde planeet. Hy wurdt troch de astronauten meinommen nei An. Op dizze planeet is de tsjinstelling tusken twa stêden grut. Anstêd hat in hege technologyske ûntwikkeling trochmakke, wylst Alterstêd
22,95
DE TAKOMST FAN DE FRISISTYK - Tradysje en fernijing (Paperback)
DE TAKOMST FAN DE FRISISTYK - Tradysje en fernijing (Paperback)
Op 29 maart 2019 organisearre de Stifting Freonen Frysk Ynstitút Ryksuniversiteit Grins, yn 'e mande mei de Fryske Akademy, in sympoasium oer de takomst fan de frisistyk, de wittenskiplike stúdzje fan de Fryske taal en kultuer. Hoe moat dy stúdzje stal jûn wurde no't de niget oan talestúdzjes stadichoan minder wurdt? Wa is eins ferantwurdlik foar de takomst fan de frisistyk? Yn dizze bondel litte alve minsken út it fjild har ljocht oer dizze problematyk skine.
17,50
De humor yn (Paperback)
De humor yn (Paperback)
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.
16,50

Klanten-reviews van Pseudo-Homearus - De Striid tusken Froasken en Mûzen

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Pseudo-Homearus - De Striid tusken Froasken en Mûzen

Productomschrijving

In luftige parody op de Ilias fan Homearus, yn prachtige, steatlike taal mei bysûndere taalfynsten wurde piipjende mûzen en kwêkjende kikkerts foarinoar oer set. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460380631
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.