Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)

0
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Fryslân yn de Gouden Iuw (Hardback)
Hoe seach Fryslân der yn de Gouden Iuw út? Wat hat tusken 1585 en 1685 it ûnderskiedende west fan Fryslân binnen de Republyk? Fryslân ûnderskiede him fan de oare gewesten troch in eigen steedhâlder, in bloeiende akademy en troch in taal. Lju út de boargerij koenen foar it earst in foarnaam plak fine yn de maatskippij en waarden sa diel fan de regintemacht. In nije, ûnôfhinklike steatsfoarm koe opboud wurde. Mar om 1620-1630 hinne waard yn reginterûnten eigenbelang boppe publyk belang steld en de ekonomyske efterútgong fan 1650 ôf makke dat doe in iuwen duorjende statyske stannemaatskippij ûntstie. De Gouden Iuw wie foar Fryslân in bloeiperioade dy't noait mear neifolging krige. Philippus Breuker (1939) hat meiwurker fan de Fryske Akademy west en heechlearaar oan de universiteiten fan Leiden en Amsterdam. Hy publisearret oer skiednis, letterkunde en lânskip fan Fryslân.
49,90
Anton yn it museum (Hardback)
Anton yn it museum (Hardback)
Anton komt fan 't bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars… Mirjam van Houten (1977) wurke as sjoernalist en tekstskriuwer, mar yn 2010 goaide se it roer om en lei har ta op it skriuwen en yllustrearjen fan berneboeken. En mei sukses, oant no ta ferskynden fiif berneboeken fan har hân: Tije (2016) - oersetten yn it Faeröersk en selektearre foar de IBBY-honourlist By beppe útfanhûs, oersetten yn it Faeröersk, Ladinysk en Noardfrysk, bekroand mei de Diet Huber yllustraasjepriis Jelle en Juf (2022), yn 2025 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis It Grutte Pake en Beppe Foarlêsboek (2023) Anton yn it museum (2025) - de printen yn dit boek makken yn de simmer fan 2024 diel út fan de eksposysje Verhaald - Verbeeld yn museum Belvédère op It Hearrenfean. It wurk wie fan febrewaris - 11 maaie 2025 te sjen yn de Koppelkerk yn Bredevoort, as
16,99
Orpah (Paperback)
Orpah (Paperback)
De haadpersoan Maud Gallahgher is in jonge Ierske frou, in frou mei in geheim. Dêrom fielt se har twongen om har heitelân te ûntflechtsjen. Fia famylje komt se yn Fryslân telâne. Se krijt in relaasje mei Bouwe de Vries. Wannear't dy relaasje op in dramatyske wize oan de ein komt, wêrtroch't Bouwe yn 'e finzenis bedarret, giet se werom nei har heitelân. Se hat in soad stipe fan har twillingsuster Maureen. Stadichoan wurdt dúdlik wat him yn it ferline ôfspile hat. En dan is der noch de jongeman Collin, dy't op paad giet om syn biologyske mem te sykjen. Ek hy bedarret yn Ierlân. Hat it finen fan syn mem te krijen mei it geheim fan Maud? En wa is eins Orpah? Uteinlik komt it ta in spektakulêre ûntknoping.
17,50
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij - keunstner tusken berop en ropping (Hardback)
Jan Frearks van der Bij (1922-2013) wie foarbeskikt om by syn heit, dy't hússkilder wie, yn it wurk. It foarútsjoch in libben lang kezinen te striken, noaske him lykwols net: syn talinten leine earne oars. Fan jongs ôf oan tekene en skildere er al. Noch yn de oarlochsjierren slagge er oan in baan as reklametekener. Tegearre mei syn sweager Pier Feddema folge er lessen by Herman Dijkstra yn Grins, dêr't er yn 'e kunde kaam mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Mei har fiven foarmen se de skildersgroep Yn 'e line. Yn de jierren '50 ûntwurp Van der Bij neist syn baan in grut tal boekomslaggen en mozaiken. Doe't der in ein kaam oan syn wurk by it reklameburo, waard er tekenlearaar. De earste helte fan de jierren santich kaam dêrtroch fan skilderjen net folle. Nei syn pensjoen koe er wer los, en hie er sukses mei tal fan eksposysjes. Mei de mozaiken, syn boekomslaggen en benammen mei syn lânskippen dêr't er Fryslân mei typearret, nimt er in wichtich plak yn de Fryske
25,-
Redbad (Hardback)
Redbad (Hardback)
Redbad is wiidferneamd as 'grutste Fries ea', mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? Hoe stjoerde er Fryslân oan? Wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie krekt yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn dizze ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra wurdt in byld sketst fan hoe't it libben fan de romrofte kening derút sjen kinnen hie. Fan lyts jonkje oant syn dea, sjoen troch de eagen fan syn bloedfreon, dy't lykas harren fijannen, en Redbad sels, de rânen opsiket fan wat rjochtfeardige is yn tsjinst fan it hegere doel. 'Yn dizze graphic novel komme de wrâlden fan it boek fan Willem, it iepenloftspul fan Tjits en it album fan Baldrs Draumar byinoar. En dat allegear op in hiel eigen wize delset troch Skelte Braaksma. De gesichtsútdrukkingen fan de karakters jouwe de juste ynfolling by de emosjonelere sênes. Der sit in soad leafde en tiid yn dizze ferstripping fan dat
19,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
Fisk (Hardback)
Fisk (Hardback)
De bokking better besjoen, in reuzesnoek út 'e Fryske Wâlden, in fabel fol ûntefreden maitsen, in oade oan 'e dôber. It binne in pear foarbylden dy't op lichtfuottige wize yn Fisk oan 'e oarder komme. Alles yn Fisk hat te krijen mei natuer, fisk, fiskjen, wetter en Fryslân. Nei harren earste projekt - Stabij, in boek oer in hûn - is Fisk it twadde boek fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra en skriuwer-ferteller Douwe Kootstra. Douwe libbe him út yn 'e ferhalen. Tjibbe makke der tekeningen by. De miks fan bylden en koarte teksten makket Fisk ta in hearlik lês- en sjochboek.
17,90
Gouden Pest (Paperback)
Gouden Pest (Paperback)
Gouden pest is it santjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Tusken de pest, dy't de Spaanske ûntdekkingsreizgers meinamen út Europa, en it blinkende goud fan de Inka's, lei in lange wei. Francisco Pizarro foer mei syn bemanning oer twa oseanen nei it suden en marsjearre mei it leger fierder nei de Inka-stêd Cajamarca. It leger fan Wayna Capac, de âlde Inka-kening, teach út it noarden wei
22,95

Klanten-reviews van Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)

Productomschrijving

Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân - mar se binne net de iennichsten mei dy missy…

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.