Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Pim en Pier (Hardback)

0
Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje ha wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne? In waarm printeboek, ynspirearre op in wierbard ferhaal. Leeftyd: 3 - 5 jier....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Jorrit & Philo begjinne in klup (Hardback)
Jorrit & Philo begjinne in klup (Hardback)
Jorrit en Philo binne freonen. Al hiel lang. Sy sitte byelkoar op skoalle en se boartsje hast alle dagen mei-elkoar. Faak fine se deselde dingen leuk, sa as bûten boartsje. En fytse. At se op it trottoir in deade fûgel lizzen sjogge, fine se dat se dêr wat mei dwaan moatte en dêrom begjinne se fûgelklup "It Fearke. Mar....hûnen, dy binne ek leuk! Dy kinst útlitte en dêr kinst lekker mei drave! En dus wurdt hûneklup "It Sturtsje"oprjochte. Oant der op in dei in reade sportauto yn 'e strjitte stiet. En auto's besjen, dat fine Jorrit en Philo ek moai. En dan moat der fansels in autoklup komme....!
14,95
Sirkus PeM en de ûlewapper (Paperback)
Sirkus PeM en de ûlewapper (Paperback)
Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou - al giet net alles sa't se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten .... Foar Pier en Marieke. Fyftjin fleurige ferhalen foar jong en âld om foar te lêzen of om sels te lêzen.
14,95
Bart en Bouke (Paperback)
Bart en Bouke (Paperback)
Fries-Nederlands kinderboek voor 8+ Bart en Bouke maile. Se meitsje kennis, se meitsje rûzje, se meitsje wille, mar se ha elkoar noch noait sjoen. Wurdt dat noch wat? Of net................ Bart en Bouke mailen. Ze maken kennis, ze maken ruzie, ze maken lol, maar ze hebben elkaar nog nooit gezien. Wordt dat nog wat? Of niet................... Dolf Verroen en Mindert Wijnstra binne beide skoalskriuwers. Dolf yn it Nederlânsk en Mindert yn it Frysk. Tegearre binne se twatalich. Dêrom dit boekje! Dolf Verroen en Mindert Wijnstra zijn beide schoolschrijvers. Dolf in het Nederlands en Mindert in het Fries. Vandaar dit boekje!
14,95
Gozert (Hardback)
Gozert (Hardback)
Ties hat in probleem. Teminsten… dat fine de measte minsken. Ties fynt dat net: hy hat in freon. Gozert. De bêste, leukste, stoerste, coolste freon dy'tst dy foarstelle kinst. Allinne is Ties de iennige dy't Gozert sjocht en heart. En de plannen fan Gozert binne sa fantastysk dat Ties dêrtroch yn 'e swierrichheden rekket… Ties syn heit en mem wolle dat Gozert ferdwynt en nimme in yngripend beslút. Mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Wat moat er dwaan? Leeftyd: 10+ Jeugdteater FRETS hat in toanielfoarstelling makke n.o.f. it boek: https://gozertdevoorstelling.nl/nl/
16,99
Hero (Hardback)
Hero (Hardback)
Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden. Martha Attema skreau in prachtich ferhaal, basearre op histoaryske feiten en it boek is twatalich: Frysk/Ingelsk. During the last winter of World War II, Izaak must leave his hiding place in Amsterdam to travel with Els, a bike courier, to live on a farm in the northern part of the Netherlands. Although the people are kind to him, he is miserable until he makes friends with a beautiful black horse, Hero, a frisian stallion wanted by the
16,95
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
De Onnie's en it hynstebal (Paperback)
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net mei omgean kin, op har eigen wize teplak. De relaasje tusken Roos en Hindrik hat bot te lijen ûnder de frustraasjes fan Hindrik en sadwaande giet Wildrik nei de maneezje fan Richard en Sinne. Wildrik fielt him al gau thús by Sinne en Roos by Richard. Mei-inoar dogge se de tarieding fan Wildrik foar de hynstekeuring yn it WTC Expo en de oanrin dêrhinne én de útkomsten dêrfan binne mear as ferrassend! 'Wer in hearlik Hilda-boek!' Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk.
21,50
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing… Underwilens freget Fleur har ôf wêr't de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe't de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle. De dei dat se de ferrassing bringe sillle, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing? It mei net útmeitsje wêr'tst wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe'tst derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa'tst bist en datst hâlde meist fan wa'tst wolst.
17,50
Pier en de drakenboot (Hardback)
Pier en de drakenboot (Hardback)
Pier en Wolf vervelen zich. Daarom besluiten ze iets spannends te doen: varen met een drakenboot! Eerst moeten ze die boot wel maken. Op de spullenstort vinden ze de slaapkist van Piers opa: die is ideaal voor de boot. Maar zullen ze wegraken van de spullenstort, voor de Geheime Oppasser hen grijpt? En wordt hun boot wel stevig genoeg? En was is Pier van plan midden in de nacht? Een fris leesboekje in de magische en fantasierijke AVI-reeks BOE!kids. Ontdek ook de andere boekjes in de serie en beleef zo alle avonturen mee van Boe, Pier, Wolf, Nes, Pas en Mie.
9,50
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
Pim en Pom (Hardback)
Pim en Pom (Hardback)
In dit Gouden Boekje zijn 26 versjes van Mies Bouhuys bijeen gebracht, vanzelfsprekend in combinatie met de illustraties van Fiep Westendorp. De eigenwijze katten Pim en Pom, die nu hun eerste eigen Gouden Boekje krijgen, klimmen in de gordijnen en halen allerlei ander kattenkwaad uit. Niks poezeligs is hen vreemd! Kortom een vrolijk boekje vol kattengrappen uit het kattenleven van Pim en Pom. Pim is een gestreepte kat, hij is avontuurlijk en soms een beetje dom. Pom is een zwarte kat, hij is wijs en deftig. Ook al zijn de twee katten heel verschillend, ze zijn elkaars beste vrienden en beleven samen heel wat avonturen.
8,99

Klanten-reviews van Pim en Pier (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Pim en Pier (Hardback)

Productomschrijving

Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje ha wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne? In waarm printeboek, ynspirearre op in wierbard ferhaal. Leeftyd: 3 - 5 jier.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.