Pégasus (Paperback)

0
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 ieuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút me...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L. (Paperback)
Lippebiter fan L. / Lippenbijter van L. (Paperback)
Dizze bondel mei gedichten bestiet út nij wurk, mar Anne Feddema hat ek in seleksje makke fan it bêste wurk út syn eardere dichtbondels. Sa presintearret de dichter him foar it earst folslein meartalich. 'Het is muziek. En we hebben een bourdon, die er altijd is. Letterlijk is het een hommel, in de muziek gaat het om de grondtoon. Die loopt er de hele tijd onderdoor, en daaroverheen komen je improvisaties.' 'Soms is het alsof het buiten je om gaat. Alsof je in je tuintje aan het oogsten bent, maar dat je niet weet wat je eruit haalt. Terwijl je dingen in de grond hebt gestopt die iets anders zouden moeten opleveren.' Anne Feddema (Ljouwert, 1961) is dûbelkeunstner en krige yn 2007 de Margaretha de Heerprijs foar syn skilderkeunst, yn 2009 de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Reidhintsje op 'e Styx en yn 2016 de Rink van der Veldepriis foar syn ferhalebondel De triennen fan Cheetah.
22,50
Skitterje en skûlje (Paperback)
Skitterje en skûlje (Paperback)
De dichter Jacobus Q. Smink (1954-2024) wie in markant persoan. Nei syn jeugd yn Sondel (Gaasterlân) en syn studintetiid yn Grins wenne er it grutste part fan syn libben yn Eindhoven, dêr't er wurke as learaar Nederlânsk. Yn 2022 kaam er werom nei Sondel, dêr't er de lêste twa jier fan syn libben trochbrocht. Hy wie ûnwjersteanber sjarmant, mar faak ek ûnbrûksum. Syn bipolêre steurnis brocht ferslavings oan alkohol, nikotine en kannabis mei, wêrtroch't allerhanne problemen ûntstienen. Dêr skreau er iepenhertige gedichten oer. Ek al wenne er yn Eindhoven, hy bleau dichtsjen yn syn memmetaal, it Frysk. Jacobus Q. Smink en Marian Hulshof kenne mekoar fan harren stúdzjetiid yn Grins. Tsientallen jierren nei harren moeting frege er har in blomlêzing út syn gedichten te meitsjen en ynterviewde sy him oer syn literêre boarnen, froulju en ferslavings. It resultaat is in biografy oer Jacobus Q. Smink, waans libben oanskôchlik makke wurdt mei in romme seleksje fan syn gedichten. Syn gedichten
27,50
De keunst as útwei (Paperback)
De keunst as útwei (Paperback)
Wat makke dat Simke Kloosterman keas foar in bestean as skriuwster, en dan ek noch yn it Frysk? Wat feroarsake de mankelike toan, dy't ek yn it wurk fan har heit Jan Ritskes werom te finen is? En hokker rol spile har ferloving en lettere freonskip mei Douwe Kalma? Philippus Breuker besiket yn dizze biografy har langsten en lotgefallen yn libben en wurk te ûntriedseljen. Simke hat mei har keunst in útwei út de ellinde fan har jonge jierren fûn, mar sykte en twivel oan de wearde fan dy keunst hawwe har letter it betreklike fan har stribjen fiele litten. Dochs is de Fryske literatuer net sûnder har te tinken. Mannich boek fan har hat noch altyd syn leafhawwers. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân De Gouden Iuw yn Boazum en Fryslân yn de Gouden Iuw.
27,90
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij (Paperback)
DC ... en tichterby / DC ... en dichterbij (Paperback)
Dizze tredde bondel fan Simon Oosting is twatalich en hjit DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC dêr't de dichter in skoft wenne hat; gedichten oer DC steane yn it skift mei de gelikense namme. Der komme mear fiere streken oan bar, mar ek de omkriten fan de Feanhoop yn Fryslân dêr't de dichter in searje gedichten oer brêgen makke hat. De bondel hat fiif skiften dy't allegear in motto meikrigen hawwe út de Odyssee. Deze derde bundel van Simon Oosting is tweetalig, Fries en Nederlands, en heet DC...en tichterby / DC...en dichterbij. DC is Washington DC waar de dichter een tijd woonde; gedichten over DC staan in de gelijknamige afdeling van de bundel. Er komen nog andere verre gebieden aan de orde, maar ook de streek rondom de Veenhoop in Friesland waar de dichter een serie gedichten over bruggen maakte. De bundel bestaat uit vijf afdelingen die ieder een motto hebben meegekregen uit de Odyssee.
17,50
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
Boechbylden (Paperback)
Boechbylden (Paperback)
In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy't wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005). Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn 'e stêd, siet mei Simon Vestdijk op 'e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr't syn mem weikaam) en inkelde waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op 'e Sweach. Obe Postma neamde him 'een Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland'. Hendrik de Vries tocht dat der 'ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven'. En Anne Wadman miende: 'Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek
19,90
It libben fan de Hillige Martinus (Paperback)
It libben fan de Hillige Martinus (Paperback)
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de dei ferneamd om syn goedens en syn ienfâldige libbenswize. Wat net sa bekend is, is dat hy tidens syn libben in tige goed kristlik en tsjerklik lieder wie, dy't yn de midsiuwen fereard waard as in heilân. Mannich tsjerke, ek yn Fryslân, is oan him wijd. En sels no noch binne wy ûnder syn 'tsjoen' as wy op 11 novimber it Sinte-Martensfeest fiere.
18,50
Minskebern (Paperback)
Minskebern (Paperback)
Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan 'e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr't se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geke, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern. De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008. Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt. Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante 'Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele
14,50

Klanten-reviews van Pégasus (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Pégasus (Paperback)

Productomschrijving

Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 ieuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan it libben. De ynhâld fan de bundel spilet him ôf rûn dit thema. Alderlei ûnderwerpen komme yn dichtfoarm oan 'e oarder: mythen, fabels, patriottyske gedichten, in boerekalinder, leafdessankjes, dronkemanslietsjes, en sa mear. Frijwat fan dizze ûnferwacht fraaie gedichten hawwe konneksjes mei literère produkten út 'e lettere skiednis of ek mei wurk út oare taalgebieten. Dat betsjut dat mannich dichter har/him al ynpirearje litten hat troch de Grykse poëzij. Dizze bondel makket de skatkeamer fan de Grykse
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.