Op redens oer

0
De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Friestalig....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Wet fan de eleminten (Paperback)
Wet fan de eleminten (Paperback)
In dramatysk ferhaal oer Sjierd en Sander, manlju dy't troch de froulju wolris byinoar oer de flier komme. Sjierd is baas fan in boubedriuw. Sander wurket as learaar. Freonen sille it net wurde. Yn 'e eagen fan Sjierd is Sander in suertsje. Dat wol er him oan 't ferstân bringe mei it rinnen fan in tocht oer it Waad. Om syn maat in leske te learen, kiest Sjierd foar in ôfwikende rûte. De froulju, Adel en Dora, farre mei de boat nei it eilân. Se wachtsje de manlju op by it Hege Dún. As de manlju net yn 't sicht komme, betinkt Adel - dy't alles leaut wat har man Sjierd seit - hieltyd wer in oar ferlechje. Dora fertrout it net. Wylst by de manlju de spanningen heech oprinne, sjocht Dora gefaren dêr't se fan 't begjin ôf bang foar wie. As de kammeraatskes troch twivel en wanhoop slaande deilis reitsje, krije oergeunst en âldsear it foar 't sizzen. Wylst him op it Waad in drama ôfspilet.
18,95
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy't yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy't yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy't mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om? Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op 'e Jouwer.
24,90
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
'Dy ferrekte Grousters …' It wiene de wurden fan in Wergeaster doe't er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy't yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik. Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan 'De Strampel', De Fryske Feriening fan Einekoerflechters. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek
17,50
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
De skilders fan it Fryske lân (Hardback)
Hoe hawwe keunstners it Fryske boerelibben en it plattelân troch de iuwen hinne op doek en papier útbylde? Yn dit boek binne keunstwurken fan it Fryske plattelânslibben byinoar brocht, dêr 't de boer, it lânskip, de bisten en de bedriuwsgebouwen yn beljochte wurde. Al dy wurken mei-inoar litte in grut ferskaat yn keunstútdrukkings sjen: fan realistysk, figuratyf, ympresjonistysk, ekspresjonistysk, fynskilderwurk en naïve keunst oant abstrakt. Kwa technyk is der ek in grutte fariaasje te sjen: fan tekening, print, ets, gûache en akwarel oant oaljeferve en akryl. Oan keunstners is it in bûnte mjuks fan grutte en lytse nammen, bekend en ûnbekend, guont profesjoneel wurkjend fia fêste regels, oaren út drang en hobby wei, yn naïve styl. Se diele in mienskiplik skaaimerk: de leafde foar harren omjouwing en de minsken, bisten en gebouwen dy't dêryn letterlik figurearje. De skilders fan it Fryske lân is ûnderdiel fan de rige Keunstnerskoloanjes yn Nederlân. Oer de skiuwer Henk Dijkstra wie
27,95
Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Fryslân, lân fan talen (Paperback)
Reitze J. Jonkman & Arjen P. Versloot Fryslân lân fan talen fertelt oer de skiednis fan it Frysk: wêr't it weikomt, hoe âld at it is, dat it yn de rin fan de iuwen aardich wat feroare is en noch feroaret, hoe't it plak yn de maatskippij net altyd itselde wie en wat syn posysje yn de lêste iuw wurden is. It ferhaal fan dy taal stiet net op himsels, want fan it begjin fan ús jiertelling ôf hat it yn kontakt stien mei oare talen lykas it Latyn, it Frankysk, it Middelnederlânsk, it Stedsk, it Nederlânsk en de lêste tiid hieltyd mear it Ingelsk. Mei rychjes foarbylden fan oernommen wurden wurdt in yndruk jûn fan de ynfloed fan oare talen op it Frysk. Kaartsjes meitsje dúdlik hoe't de talen geografysk tusken de oare talen yn steane en hoe't der ferpleatsings west ha. Ek gâns oare yllustraasjes litte sjen dat it ferhaal fan de Fryske taal in soad nijsgjirrige haadstikken hat. Frysk, ynbûn, 144 siden.
22,50
De lêste floed (Paperback)
De lêste floed (Paperback)
Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
19,50

Klanten-reviews van Op redens oer

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Op redens oer

Productomschrijving

De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Friestalig.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789461495730

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.