Meer Uitgeverij Bornmeer
Meer Uitgeverij Bornmeer in Kinderboeken

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)

0
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastra...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.
12,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom (Paperback)
Beaken foar it Minskdom is it seisentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Om't de Krúspôle mei syn miuwekoloanje yn In Fryske Odyssee in belangrike rol spilet, is Beaken foar it Minskdom skreaun. Hjiryn wurdt it ferhaal ferteld fan in miuwefolk dat in eilân as wenplak hat. Lykas by de minsken reagearret elke miuw op grûn fan genen en
22,95
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960). It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk. Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof'. It godsmystearje komt benammen nei foaren
22,95
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95
It Jier 1929 (Paperback)
It Jier 1929 (Paperback)
It jier 1929 is it njoggentjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. It jier 1929 wie yn de wrâld en ek yn Fryslân bysûnder. Nei it drama op 'e beurs yn New York ûntstie in wrâldwide krisis. De lange winter fan 1929 yn West-Europa hie fan gefolgen dat it gewoane folk min troch de tiid komme koe. It foardiel fan de strange froast yn Fryslân wie dat op 12 febrewaris de Alvestêdetocht holden
22,95
In oare wei (Paperback)
In oare wei (Paperback)
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS. Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard. Troch har ferhaal te fertellen yn dit
19,50
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Ferline stilset Fierder (Paperback)
Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skildert de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn skiednis. Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, syn opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsenen wêze by de mienskip . Hoe't er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet. It boek wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt rike pluspunten mei, en dermei in dokumintêre karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen. En… hy jout ferdjipjende fyzjes op it libben, wêryn we syn identiteit werkenne. It boek lêst flot en sûget de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn hieltyd ôfwikseljende partsjes dy't je dan wêryn 't nó en dan wer yn it ferline bringe. Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre
22,50

Klanten-reviews van Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)

Productomschrijving

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Uitgeverij Bornmeer

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.