Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Omke Ûle sjocht stjerren (Hardback)

0
Omke Ûle hat in dream: hy wol op romtereis. Mar hy komt net fierder as syn beam. Syn neefke Eppy wit wol ried. Hy bout foar Omke in raket, mar it ding docht net wat omke wol. Op it momint dat Omke en Eppy it opjaan wolle, komt der help út in ûnferwachte hoeke… Omke Ûle sjocht stjerren giet oer freonskip, omgean mei teloarstellingen en it neijeien f...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Monkeys dilemma (Paperback)
Monkeys dilemma (Paperback)
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no
19,95
Tichtby (Paperback)
Tichtby (Paperback)
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. 'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd. 'Wêr is lytse Lutzen?' Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane
22,50
De NEEhoarn (Hardback)
De NEEhoarn (Hardback)
Yn it Hearlike Hertewâld wurdt in snoeperdepoeperige Ienhoarn berne. Hoewol't elkenien lilaleaf foar him is en hy oanienwei fuorre wurdt mei swiete geloksklaver, gedraacht dat bist him bepaald net ienhoarneftich! Hy seit op alles domwei NEE, en dus wurdt er troch syn famylje al gau allinnich noch mar NEEhoarn neamd. Op in dei rint de NEEhoarn fuort út syn sûkerwattewrâld. Hy treft in waskbear dy't net lústerje wol, in hûn dy't it allegearre neat skele kin, en in prinses dy't ivich en altyd wjerwurd jout. Dy fjouwer foarmje in knap partoer. Want mei-inoar lekker bokkich wêze is folle leuker!
17,99
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Wurk (Paperback)
Wurk (Paperback)
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin 'e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Ferstjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa't er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn? Oer har foarige roman In kop as in almenak: "Nea wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as se binne." - (Doeke Sijens, LC) "In prachtich en meislepend boek." - (Tryntsje van der Steege, ensafh.) "Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike
17,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50

Klanten-reviews van Omke Ûle sjocht stjerren (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Omke Ûle sjocht stjerren (Hardback)

Productomschrijving

Omke Ûle hat in dream: hy wol op romtereis. Mar hy komt net fierder as syn beam. Syn neefke Eppy wit wol ried. Hy bout foar Omke in raket, mar it ding docht net wat omke wol. Op it momint dat Omke en Eppy it opjaan wolle, komt der help út in ûnferwachte hoeke… Omke Ûle sjocht stjerren giet oer freonskip, omgean mei teloarstellingen en it neijeien fan dyn dreamen.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.