Nei it Park

0
Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan de deminte Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
Spegel en sonde (Paperback)
Spegel en sonde (Paperback)
As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minneres) in nije baas krijt, giet der ynienen in soad mis. Om't se it iene nei it oare ferjit, minsken net mear werkent en regelmjittich it paad bjuster is, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en lit it yn har omgean har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op te krijen. As Anniek, har suster dy't se tsientallen jierren net troffen hat, kontakt opnimt, komt alles yn in streamfersnelling en komme dingen oan it ljocht dy't Doutsen har hiele libben ferswijd hat. Wat is der eins bard yn it ferline? Op meinimmende wize fertelt Jetske Bilker dit oangripende, en bytiden humoristyske, ferhaal oer geheugen, de eangst foar alzheimer en famyljebannen. Fan Jetske Bilker (1960) ferskynde earder de roman It libben fan in oar, dy't nominearre waard foar de Gysbert Japicxpriis.
22,90
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
We strupe derunder! (Paperback)
We strupe derunder! (Paperback)
We strûpe derûnder! It wie in needgjalp. As by't hjerst de fûle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei de Lege Midden fan Fryslân opwaaide en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it ien grutte striid om boppe te bliuwen. It bûtenwetter rûn oer de polderdykjes en de binnenkrytsjes drigen fol te rinnen. Gjalt de Groot, fjildman en folksskriuwer, opgroeid yn dat wetterlân, skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy't dêr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legendaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust (18-mêd) en de Koaipleats. En fansels oer Sytze en Maaike. Allegear steeën dêr't men allinne mei de boat komme koe. Gjalt fertelt yn dizze roman op in meinimmende wize oer it libben fan Jeen en Anne dy't troch fûleindich arbeidzjen, moed en striid boer wurde op de Koaipleats. Mar ek oer it libben fan meanders en ûngetiders op de Wyldlannen, de molkfarder as ûnmisbere skeakel mei de bewenne wrâld, de
17,50
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
De Hobbit (Paperback)
De Hobbit (Paperback)
Dizze oersetting is bekroand mei de Obe Postmapriis 2012. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêrt Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet. Dit klassike berneboek foar folwoeksenen fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dyt de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant
22,50
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
De albasten nimf (Paperback)
De albasten nimf (Paperback)
It houlik fan Antonius Hendrikus van Wely hâldt net oer. Fangefolgen ûntflechtet er syn Antsje gauris, wat sei, hy ûntflechtet himsels, op syn deistige kuier s moarns ier as er passanten in rol jout yn syn imazjinêr belibjen fan de werklikheid. Hy tinkt himsels by minsken yn 'e hûs, by moaie froulju, sterke froulju… hy tinkt him de bedriging yn fan de jonges fan de stegen, sechstjinjierrigen dy't op fernielerij út binne, op it skoppen fan âlde minsken… en ja, dan libbet it swier as de reële en de imazjinêre wrâlden bytiden trochinoar rinne. Yn syn tredde roman, nei Littenser Merke en Famke famke sketst Ale S. van Zandbergen in haadpersoan dy't oanhelle is mei iensumens, in situaasje dy't op 'en doer om help ropt. De help komt der, fan in psychoterapeute, in frou dy't mei har freondinne in bernewinsk hat… dan is der ferlet fan in donor. Der ûntstiet in plan dêr't even gjin plak is foar de eed fan Hippocrates…
19,95
De weddenskip (Paperback)
De weddenskip (Paperback)
Lida Dykstra Mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen Lida Dykstra hat har foar De weddenskip ynspirearje litten troch de midsiuwske poëzy en ferhalen út sawol de poëzy-Edda as de proaza-Edda fan Snorri Sturluson en nimt de lêzer op in boartlike wize mei nei de njoggen wrâlden fan de Noardske kosmos, dy't bewenne wurde troch Asen, Wanen, reuzen, alfen, dwergen en minsken. De bline dichter Bernlef helpt Jari, dy't fan moard fertocht wurdt, om te ûntspannen oan in stel soldaten. Bernlef nimt Jari op sleeptou, yn de hope dat er syn learling wurde wol. Sy komme yn in herberch telâne. Dêr sjongt de âldman, om in miel te beteljen, in lang liet oer de slûchslimme Loki, dy't seis foarwerpen mei bysûndere krêften troch de dwergen fan Nidavellir meitsje lit. Jari en in bûnt publyk hearre spannende ferhalen út de Noardske mytology: oer de spear Gungnir, it skip Skidbladnir, de hammer Mjöllnir en folle mear. Pas as de sinne opkomt, is it liet ôfrûn. En pas dan docht ek bliken wat de djipper lizzende
15,-

Klanten-reviews van Nei it Park

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Nei it Park

Productomschrijving

Op tige humoristyske, mar tagelyk oangripende wize beskriuwt Hylkje Goïnga de striid fan de deminte Martha om út it hûs foar âldere minsken te bliuwen. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789461497826
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.