Nacht op it eilân

0
Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius te besjen dy't yn de haven leit. Friestalig. Leeftijd: 9+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Tichtby (Paperback)
Tichtby (Paperback)
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. 'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd. 'Wêr is lytse Lutzen?' Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane
22,50
Wy geane hjoed op bearejacht (Paperback)
Wy geane hjoed op bearejacht (Paperback)
In oersetting fan dit hast klassyk te neamen printeboek, dêr't heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden as blabze, wetter, in sniestoarm en in tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear. Mar dan is der de konfrontaasje en witte se net hoe gau't se werom fleane sille nei it feilige hûs. In kostlik sirkelferhaal mei oansprekkende werhellings by elk obstakel.No yn kartonferzje! Wy geane hjoed op bearejacht. Wy fange fêst in gruttenien. Wat ha we in prachtige dei! Wy jouwe nergens om. No yn kartonferzje!
10,99
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95
Koade read (Paperback)
Koade read (Paperback)
In wynpark yn 'e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn 'e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn 'e buert fan Einum, steane op 'e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy't har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa't dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy't noch lang neitrilje sille. Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy't earder al in plakje opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn 'e ferhalen fan de oaren, in portret foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer. Koade read is in ferslach út 'e frontliny fan de enerzjytransysje, fan 'e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy't heech oprinne sa gau as de realisaasje
19,95
Iepenbiering (Paperback)
Iepenbiering (Paperback)
It libben kin hurd oars. Dizze spannende thriller set útein as in teolooch dy't krekt beneamd is ta heechlearaar oan de Frije Universiteit yn Amsterdam de Friezinne Jantje moetet. Dêrnei feroaret de man dy't promovearre is op it bibelboek Iepenbiering yn heech tempo fan in studeartafelgelearde yn in tûke speurder nei it grutste geheim fan 'e wrâld: wannear sil de Lêste Dei oanbrekke? Nei't in slúf besoarge wurdt mei in riedselich boadskip, en nei't de boadskipper net folle letter fermoarde oantroffen wurdt, begjint in aventuerlike reis dy't it duo fiert fan de Fryske marren en Bouwekleaster yn 'e noardlike Fryske Wâlden nei in kleaster op it Grykske eilân Patmos. Wat leart de heechlearaar oer himsels? En is elkenien wol dy't er seit dat er is? Wa besiket it twatal op syn syktocht nei de wierheid de foet dwers te setten? “Iepenbiering boartet fernimstich mei yninoar gripende filosofyske en bibelske motiven en wurdt yn perfekte thrillerstyl mei faasje en feardichheid ferteld.”
22,50
De neidagen (Hardback)
De neidagen (Hardback)
De lêste libbensdagen falle Mûnte Vanger swier. Soms hat er in dei dan kin er it net litte en wrakselje de dykstreppen op om nei de boat te sjen, mar ek om rotsjend slyk en brakke lucht fan see te rûken. Inkeld weaget er him by heech wetter oer de bûtenfalling nei it basalt. Sechtich, santich meter út 'e kust leit de boat dêr't er hast sechtich jier syn brea mei fertsjinne hat. De reis omheech, it falt him alle kearen swierder. Mar opjaan wol er net fan witte. Sûnt er net mear op it Waad komt, dreamt er nachts dat er fisket op 'e Ree, by de Izerbult en westlik fan It Boaze Wiif. Syn dagen slyt er mei neatdwaan en kloatdroegjen. Omdat er ôfgelegen wennet, wolle de bern him nei in oanleunwent yn 'e buorren ha, en dat wol er net. Geduerich bang dat de bern har baas meitsje komt der in dei dat alles feroaret. Ynbûn / 184 siden.
22,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50

Klanten-reviews van Nacht op it eilân

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Nacht op it eilân

Productomschrijving

Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius te besjen dy't yn de haven leit. Friestalig. Leeftijd: 9+

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461496331
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.