Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Myn poppe boek (Hardback)

0
Yn dit "Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?" - poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt.... Mei romte foar dyn eigen foto's, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing… Underwilens freget Fleur har ôf wêr't de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe't de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle. De dei dat se de ferrassing bringe sillle, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing? It mei net útmeitsje wêr'tst wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe'tst derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa'tst bist en datst hâlde meist fan wa'tst wolst.
17,50
De lêste oerstek (Paperback)
De lêste oerstek (Paperback)
Tony, Hugh en Karen tochten dat se inoar tritich jier foar it lêst sjoen hienen. In heal libben is foarby gien en oantinkens binne begroeven en fuortstoppe. Mar wannear't harren frege wurdt dochs wer gear te wurkjen - om geasten te beïerdzjen en de takomst feilich te stellen - hawwe sy allegearre in eigen reden om mei te dwaan. Op de oerstek fan Noard-Ierlân nei Skotlân komt it ferline op in pynlike wize wer boppe - en sommige saken kinne dan net efterlitten wurde. Yn De lêste oerstek binne oantinkens ûnbetrouber, is de wierheid unwis en rûzich, en foarmet it geweld fan de Troubles wer in gefaar foar it hjir en no. “In djipsinnich, oandwaanlik en moreel kompleks boek” - Irish Times “Alwer in útsûnderlike roman fan ien fan de masters fan de Ierske misdaadliteratuer” - Adrian McKinty “In meislepend ferhaal oer ferlies en skuld yn in brutsen maatskippij. In prachtich skreaun boek dat jin lang bijbleaut” - Steve Cavanagh “Ast Noard-Ierlân begripe wolst, of eltse maatskippij dy't konflikten
23,50
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-
De geheime doar (Hardback)
De geheime doar (Hardback)
25 ferhalen om yn te ferdwinen… De geheime doar stiet fol ferrassende en ferwûnderlike ferhalen oer in plysjehûn, minsken út it jier 2275, Jacob dy't yn de Twadde Wrâldoarloch ûnderdûke moast, strafwurk yn de sechstjinde iuw … en noch folle mear. Yn in tige meinimmende styl wit Lida Dykstra de lêzer altyd de skiednis óf krekt de takomst yn te lûken, mei ferhalen fol fantasy en humor en hjir en dêr in sparkje magy. De geheime doar is in ferfolch op de suksesfolle ferhalebondel It Spûkskip. Lida Dykstra wie de earste Fryske Berneboeke-ambassadeur (2020-2022) en sawol har Fryske as har Nederlânske wurk wurdt geregeld bekroand mei in literêre priis. Sa is se bygelyks ûnderskieden mei de Zilveren Griffel, de Thea Beckmanprijs en de Simke Kloostermanpriis en waard se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon. Leeftyd: 10+
17,50
Frysk Bakboek (Hardback)
Frysk Bakboek (Hardback)
It Frysk Bakboek sammelet de swiete resepten út de bakkerstradysje dy't Fryslân ryk is. Oranjekoeke, sûkerbôle en dúmkes binne uteraard opnommen, mar ek heamiel, trommelkoeke, fanyljestaafkes, reepkoeke en alderhande oare bekend en ûnbekend gebak komt oan bod. Op syn Frysk rjucht en sljucht beskreaun, sûnder kâlde drokte, sadatst it thús goed meitsje kinst en in stikje Fryslân út dyn keuken toverest. De susters Henny en Betty Feenstra wurken allebeide jierrenlang by bakkers op 'e Lemmer. Neist harren deistich wurk, Henny as dosint en Betty as direkteur, bleaune se bakken foar harren húshâlding, famylje en freonen.
24,90
Hero (Hardback)
Hero (Hardback)
Yn de lêste winter fan de Twadde Wrâldoarloch moat Izaak syn ûnderdûkplak yn Amsterdam ferlitte, omdat it dêr te gefaarlik wurdt. Hy reizget achter op de fyts by koerierster Els nei syn nije skûlplak, in buorkerij yn it noarden fan Fryslân. En ek al binne de minsken dêr leaf foar him, hy fielt him iensum en ellindich. Pas at er freonskip slút mei it prachtige swarte hynder Hero, feroaret dat. De Dútsers wolle dy sterke Fryske hynst ek graach hawwe, en as de soldaten komme om it hynder op te heljen, kin allinnich Izaak in manier betinke om him te rêden. Martha Attema skreau in prachtich ferhaal, basearre op histoaryske feiten en it boek is twatalich: Frysk/Ingelsk. During the last winter of World War II, Izaak must leave his hiding place in Amsterdam to travel with Els, a bike courier, to live on a farm in the northern part of the Netherlands. Although the people are kind to him, he is miserable until he makes friends with a beautiful black horse, Hero, a frisian stallion wanted by the
16,95

Klanten-reviews van Myn poppe boek (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Myn poppe boek (Hardback)

Productomschrijving

Yn dit "Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?" - poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt.... Mei romte foar dyn eigen foto's, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.