Muoike klaptut

0
In boek fol ferhalen, dy't troch de bern sels betocht binne. Friestalig. Leeftijd: 10+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Lekker eigenwiis (Hardback)
Lekker eigenwiis (Hardback)
Bisto wolris eigenwiis? En dan ek echt LEKKER eigenwiis? Datst tinkst: sa is it en net oars, en wat oaren tinke moatte se sels mar witte! Dit boek stiet fol ferhalen dy't dwers tsjin alles yngeane. Lês oer bern dy't tinke dat se it better witte as grutte minsken en oer in eamel dy't hast oan syn ein komt troch syn eigenwizens. Bisto te eigenwiis om dit boek te lêzen? Dat is spitich foar dy! Rinst grappige ferhalen mis dy't dyn eigenwiisheid prikelje kinne! Mar ja, ast dêr sels te eigenwiis foar bist…
14,95
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
Nieuw
Mearkes fan Grimm (Hardback)
Mearkes fan Grimm (Hardback)
In klassiker dy't jong en âld al twa ieuwen lang oansprekt is no einliks ek yn it Frysk foarhannen. De mearkes fan de buorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Foar it earst is der sa'n grutte samling fan har mearkes oerset yn it Frysk: fyftich ferhalen. No kinne bern en folwoeksenen mar (foar)lêze fan Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Dêrby falt der foar jong en âld gâns te ûntdekken yn de prachtige, artistike yllustraasjes dy't nij makke binne foar dit Fryske mearkeboek. De oersettings binne fan Anne Tjerk Popkema, dy't yn 2012 de Obe Postmapriis foar Fryske oersettings wûn. De yllustraasjes by de ferhalen binne fan Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.
29,50
Koade read (Paperback)
Koade read (Paperback)
In wynpark yn 'e achtertún, samar ferskynt hjiroer in artikel yn 'e krante. De ynwenners fan Fierum, in middelgrut plak yn 'e buert fan Einum, steane op 'e achterste poaten. Trije boeren hawwe har lân al beskikber steld en sille meidiele yn de opbringst. Mar by de oare Fierumers, dy't har oerfallen fiele, krije se de hannen net opelkoar. Al gau komme de hierskuorkes sa't dy troch elke mienskip rinne, oan it ljocht. Uteinlik komme de bewenners foarelkoar oer te stean, mei gefolgen dy't noch lang neitrilje sille. Yn achttjin haadstikken wurde likefolle belutsenen foarsteld, wêrûnder guon dy't earder al in plakje opeasken yn de roman Einum (2012), om geandewei in rol te spyljen yn 'e ferhalen fan de oaren, in portret foarmjend fan in mienskip yn ûnstjoer. Koade read is in ferslach út 'e frontliny fan de enerzjytransysje, fan 'e striid om ôf te kommen fan fossile brânstoffen en troch te skeakeljen nei in griene takomst. In boek fol mei emoasjes, dy't heech oprinne sa gau as de realisaasje
19,95
De fjildferhalen (Paperback)
De fjildferhalen (Paperback)
Rink van der Velde fielde him nearne sa goed thús as yn fjild en bosk. As jonge strúnde er om yn 'e bosken fan Beetstersweach en learde er de natuer troch skerp observearjen fan tichtby kennen. Fiskje en jeie wie syn lust en syn libben. En harkje nei de ferhalen fan manlju dy't de tiid noch meimakke hiene, dat minsken libje moasten fan fiskerij, mollefangen en de jacht op murden. De fjildferhalen fan Rink van der Velde binne prachtich skreaun en steane fol mei sekuere observaasjes fan it hâlden en dragen fan minske en bist yn it iepen fjild. De fjildferhalen is in werútjefte fan de ferhalebondel fan Rink van der Velde (1932-2001), ien fan de populêrste skriuwers dy't Fryslân kend hat.
19,90
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Tsien fan Hylkje (Paperback)
Tsien fan Hylkje (Paperback)
De bondels mei koarte ferhalen fan Hykje Goïnga (1930 - 2000) binne al lang útferkocht. Foar titels as Twa dames yn in DAF, Thús is de Maggi op en In superman fersûpt net wienen destiids in protte lêzers. De "Martha-aventoeren", fol nuveraardige situaasjes en brike setten, binne fan alle tiden. Hylkje Goïnga wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der aardichheid oan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De lêzer wurdt geregeld op ' e ferkearde foet setten omdat de ferhalen oan de ein faak in hiel ûnferwachte, soms absurde draai meitsje. Op fersyk fan Thys Wadman hat Douwe Kootstra de opdracht krigen om "tsien fan Hylkje" út te sykjen. Net dé tsien fan Hylkje. Nee, gewoan tsien ferhalen dy't karakteristyk binne foar har wurk: koart om 'e hoeke, humoristysk en bysûnder.
7,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it godsmystearje (Paperback)
Mei it Godsmystearje is it tredde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn it earst boek, Mei it Mystearje, wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant hy begjinnend boer wurdt (1960). It twadde boek, Mei Russyske Mystearjes, giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. Belangrike ûnderdielen yn dit boek binne de Russyske keunst en literatuer yn relaasje ta de polityk. Yn it tredde boek wurdt de libbensskiednis fan Bouke fan ein 1967 oant en mei begjin 1969 fierder beskreaun. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof'. It godsmystearje komt benammen nei foaren
22,95

Klanten-reviews van Muoike klaptut

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Muoike klaptut

Productomschrijving

In boek fol ferhalen, dy't troch de bern sels betocht binne. Friestalig. Leeftijd: 10+

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789460381003
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.