Monkeys dilemma

0
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich ...

Alle aanbiedingen van dit product

Sorry, dit product is momenteel niet beschikbaar

Anderen bekeken ook

Tichtby (Paperback)
Tichtby (Paperback)
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. 'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd. 'Wêr is lytse Lutzen?' Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane
22,50
Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse (Paperback)
Pake Sytse is in klassiker yn it wurk fan Rink van der Velde (1932-2001). It is de bjusterbaarlike histoarje fan Sytse Cavelier, dy't as jongkeardel samar ferdwûn. It ferhaal wurdt ferteld troch pakesizzer Jehannes. 'Pake is jong weirekke, sa waard letter sein as it te praat kaam en wy ús mem of beppe fregen wêrom't der net in pake by ús beppe wie. De rike Fryske taal stelde harren yn steat om de wierheid achter te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.' Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him ta wenjen yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er syn dingen.
17,90
De lêste floed (Paperback)
De lêste floed (Paperback)
Yn 1969 wurdt de Lauwerssee ôfsletten fan it Waad. Dit hat foar de húshâlding fan Tsjerk Vogel, dy't dêr al jierren buorket en ploeteret mei it winnen fan lân, dramatyske gefolgen. Heit wol dat Tunnes, de âldste soan, de buorkerij oernimt. Dy sjocht der gjin heil yn as de seeynham ôfsletten driget te wurden; wat lânwinning ûnmooglik makket. Hy kriget slim rûzje mei syn heit, en giet mei de Willem Barendsz nei de Súdlike IIssee foar de walfisk-fangst. Dêr ferdwynt Tunnes op mysterieuze wize fan it skip. Arjen, de jongste soan rint, foar syn stúdzje, staazje by de ôfsluting fan de Lauwerssee en rekket by heit yn it ferdomboekje. As heit, jierren letter, yn 'e bernskens komt en help nedich hat, wurdt er in wike of wat troch de jongste soan fersoarge. In ûnderfining dy't Arjen mei leafde, tagedienens, mar ek mei ûnbegryp, ûndergiet. In spannend en oangripend ferhaal oer persoanlike drama's, tsjin de eftergrûn fan ûnfersetlikens en in net oan te ûntkommen generaasjekonflikt.
19,50
De Oerwinning (Paperback)
De Oerwinning (Paperback)
De heit fan de Sweed Axel Heyst wie de filosoof fan de doelloasheid fan it libben en fan de bannen dy't men yn it libben mei oaren oangiet, dy't de minsk inkeld mar kwetsber meitsje. Syn soan Axel hat genôch fan dy hâlding skipe om derfoar te kiezen om syn libben iensum te libjen, wat er die troch him net as in klûzner werom te lûken, mar troch omswalkjen sûnder rêst en troch sûnder bannen oan te gean op hieltyd wer oare plakken nergens fêst te wenjen. Sadwaande hie er it middel ûntdutsen fan in libben sûnder lijen en suver sûnder ien soarch op de wrâld - ûnkwetsber want ûngrypber. Dat libben spilet him ôf yn de Indonesise arsjipel, ein njoggentjinde iuw. Op in dei lykwols giet er toch in bân mei in oar oan, as er him wat jild lient om syn skulden te beteljen. De dêropfolgjende tankberheid smeit in bân dy't er eigenlik net wol, mar syn eigen minsklikheid kin dy bân net ôfwize. Axel Heyst, ienkear yn de falle rûn fan it betoanen fan waarme minsklikheid, ûntdekt dat sokke bannen freugde
29,95
Wek yn 'e rivier (Paperback)
Wek yn 'e rivier (Paperback)
In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn 'e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid. It ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.
19,50
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske Bestimming (Paperback)
Dynamyske bestimming is it tweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten, Hege flecht en Dynamyske bestimming wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 2000. Yn Dynamyske bestimming komt men net út by statyske situaasjes. Sa reizgje yn it jier 2000 Friezen út 'e hiele wrâld werom nei har bertegrûn en belibje dêr dagen fol dynamyk. Charles Lindbergh fleach yn it jier 1927 solo de Atlantyske Oseaan oer mei as bestimming Parys, dêr't him in dynamysk
22,95
De rebel (Paperback)
De rebel (Paperback)
Andreas Pum hat oan de ein fan de oarloch net folle oer. Hy hat noch ien skonk, in fergunning foar in draaioargel en in medalje op it boarst. Mar hy hat ek syn leauwe: yn minsken, yn alles dat boppe him stiet, yn it regear, yn God. Lykwols sil er dat geandewei allegear noch kwytreitsje, sadat er úteinlik net iens mear nei de himel ta wol. Joseph Roth (1894-1939) skreau omtrint hûndert jier lyn dizze ynkringende roman oer in inerlike en uterlike omkear. Ek mei dit wurk lit Roth sjen dat er in skerp waarnimmer is fan persoanlike en maatskiplike ûntjouwingen dy't fan alle tiden binne.
16,90
De nacht fan Mare (Paperback)
De nacht fan Mare (Paperback)
Mare, santjin jier, iennichst bern, beskerme grutbrocht yn in begoedige húshâlding. Thomas, twaentweintich jier, soan fan in kroechbaas en op 'e syk nei syn plak yn de weareld. Dat binne de haadpersoanen yn dizze nije roman fan Willem Schoorstra. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat. 'De Nacht fan Mare is, nei twa histoaryske romans, opnij eigentiids wurk fan Willem Schoorstra. In boek dat de lêzer fuortendaliks by de lurven krijt, om dêrnei net wer los te litten.' Ut de ynhâld 'Ik moat my noch even deljaan,' sis ik tsjin him, wylst ik op it matras krûp. 'Komst by my te lizzen?' 'Jawis,' antwurdet er. Hy laket en hellet de tonge suggestyf oer de lippen. 'Echt net. Dyn lul triuwt tsjin dyn harsens. Kom.' Ik draai my op 'e side en hy giet tsjin my oan lizzen. Hy
19,50
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50

Klanten-reviews van Monkeys dilemma

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Monkeys dilemma

Productomschrijving

It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no al goed fjirtich jier yn Tytsjerksteradiel. Earst wie er fyftjin jier automonteur, doe hast tritich jier freelance ferslachjouwer en letter noch sa'n fiif jier postbesoarger. Hy publisearre gedichten en ferhalen yn ûnder oaren Frysk en Frij, Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant (Lyrische Courant), F-Side en streekblêd Actief. Yn 1989 ferskynde syn debútroman Op 'e flecht. Yn 1993 kaam Hoe kinst dat no rymje út, in bondel mei rymadvizen en foarbylden fan gelegenheidsgedichten. Yn 1999 seach It sicht is withoefier en 't eachweid grut it ljocht, in bondel mei fersen yn sonnetfoarm oer Fryske doarpen. Yn 'e twadde helte fan 2017 fûn er romte om wurk te meitsjen fan in plan: it skriuwen fan syn twadde roman Monkeys dilemma.

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.