Mentha Minnema mystearjes searje 1

0
Mentha Minnema wennet noch mar krekt yn har nije hûs, of se sit al oan kop en earen ta yn de aventoeren. En dat bliuwt ek sa, it is krekt as lûkt se soks oan. Friestalig. Leeftijd:9+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Minskebern (Paperback)
Minskebern (Paperback)
Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan 'e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn 'e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan 'e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr't se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geke, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern. De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008. Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dy't ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt. Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante 'Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele
14,50
Silke & Miss Dee (Hardback)
Silke & Miss Dee (Hardback)
De âlde Miss Dee dy't yn Ingelân berne is, wennet mei hûn en kat in eintsje bûten it doarp, ticht by de bushalte. De minsken fine har mar raar, want se sammelt fan alles en noch wat. Har hiele hûs leit fol. Bomfol. Sa is Miss Dee gek op kranten. Der lizze steapels troch it hiele hûs en der hingje selsmakke gerdinen fan krantepapier foar de finsters. De minsken sizze dat Miss Dee ûnder krantepapier sliept! Wa docht soks no? As Silke, in famke dat in eintsje fierderop op in pleats wennet, op in kear yn it krantehûs skûlje mei foar de rein, ûnstiet der in bysûndere freonskip. It hûs fan Miss Dee ûnderoan 'e dyk is foar Silke in oare wrâld, se komt dêr graach. Se leart in protte fan dy âld-learares dy't har in bytsje iensum fielt op it Fryske plattelân. Sa komt Silke stadichoan mear te witten oer it libben fan Miss Dee yn Ingelân en fansels ek oer de Ingelske taal! Silke hat it net altyd maklik op skoalle, se kin hiel goed leare, mar se wurdt ek faak pleage troch twa famkes út har klasse.
14,95
Tichtby (Paperback)
Tichtby (Paperback)
De kop fluitet en kreaket him. Freegjen is in belangryk part fan syn wurk, mar hy hat ynienen gjin fragen mear. Hy pakt Ryk by de skouders en se ferwart har no net. Trochelkoar skodzje wol er har, mar docht it net. Ynstee dêrfan lûkt er har tsjin him oan. Soks docht er oars net. It is begrutsjen, miskien wanhoop, in meilibjen, in ynlibjen. 'Moatst my helpe Ale,' seit se mei in smoard lûd. 'Wêr is lytse Lutzen?' Plysjeman Ale Alema rekket diskear djip betize yn de leafde en yn de misdied. Syn hûs wurdt wer opboud nei in ferwoastgjende brân, mar der is mei in steger knoeid, wêrtroch't dy ynstoart. En letter krijt Ale in foto tastjoerd, fan Nanke, syn freondinne, dy't leit te sliepen. Kin hiel tichtby komme! stiet op it briefke dat der by sit. Letter krijt er noch ien, fan syn kollega Wytske, ek sliepend, mei itselde drigemint. Ek wurdt syn bankrekken leechhelle, troch Tichtby bv. Wa hat it op him foarsjoen? Op advys fan de ofsier fan justysje dûke Nanke en Ale in skoftsje ûnder en geane
22,50
Lampke (Hardback)
Lampke (Hardback)
Dit is in ferhaal oer de see. Oer geheimsinnige seewêzens en woeste piraten. Oer it Swarte Hûs fan de Admiraal, dêr't se fan sizze dat der in meunster wennet. Oer in grize fjoertoer op in eilân dat noch krekt fêstsit oan it fêstelân. Oer Lampke, de dochter fan de fjoertoerwachter, dy't alle jûnen de ienensechstich treden yn de fjoertoer opklimt om it ljocht oan te stekken. Oer in stoarmachtige jûn, as de lúsjefers op binne en alles misgiet. Mar foaral is it in ferhaal oer dapper wêze en mear kinne as datst oait tocht hiest. 'Mei Lampje hie ik der fuortendaliks in nij leaflingsboek by. It lêst as in modern en tagelyk tiidleas mearke.' - Tialda Hoogeveen, berneboeke-ambassadeur
19,99
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
Losse hannen (Paperback)
Losse hannen (Paperback)
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001)
16,50
Pippi Langkous (Hardback)
Pippi Langkous (Hardback)
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy't bern bliuwe wol. Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op 'e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy't oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.
24,99

Klanten-reviews van Mentha Minnema mystearjes searje 1

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Mentha Minnema mystearjes searje 1

Productomschrijving

Mentha Minnema wennet noch mar krekt yn har nije hûs, of se sit al oan kop en earen ta yn de aventoeren. En dat bliuwt ek sa, it is krekt as lûkt se soks oan. Friestalig. Leeftijd:9+

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461496089
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.