Mentha Minnema en it hûnemystearje

0
Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Wat hat dy Belgyske bistedokter yn it sin? Friestalig. Leeftijd: 9+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
'Dy ferrekte Grousters …' It wiene de wurden fan in Wergeaster doe't er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy't yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik. Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan 'De Strampel', De Fryske Feriening fan Einekoerflechters. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek
17,50
Wyntrilogy (Paperback)
Wyntrilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne trije skûtskjeromans fan Hilda Talsma bondele. Yn diel 1, Wyn fan feroaring, treft de jonge húsdokter Johanna Kamstra har neef Ate en har âlden foar it earst nei jierren wer. Dat is it gefolch fan it testamint fan omke Hannes, dy't harren allinnich syn foarstlike erfenis neilit as se mei elkoar syn skûtsjekasko klear meitsje foar de IFKS-silerij en dêrmei by de earste trije eindigje. Johanna har mem Connie en dy har suster Bonnie, koartwei de Onnie's neamd, binne fan it begjin ôf oan smaakmakkers yn dit boek mei har flotte Ljouwerter taal en prachtige útspraken. Yn diel 2, Wyn fan de wierheid, sylt de famylje Kamstra foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna tsjinst dwaan as sintraal punt. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden … yn mear as ien opsicht. Yn diel 3 Wyn fan de winners
24,50
Nieuw
It sjaaltsje (Paperback)
It sjaaltsje (Paperback)
Omdat de boeken fan har net mear te krijen wienen, ferskynde yn 2016 de bondel Tsien fan Hylkje, in lytse kar út har wurk. Yn It sjaaltsje en njoggen oare ferhalen fynt de lêzer nochris tsien teksten dy't karakteristyk binne foar de skriuwster: koart om 'e hoeke, humoristysk en net sûnder tragyk. Hylkje Goinga (1930-2001) is as skriuwster foaral bekend wurden troch har koarte ferhalen. Tusken 1971 en 1993 publisearre se seis bondels. In grut part fan de ferhalen skreau se foar it moanneblêd De Strikel en de Leeuwarder Courant. Blêden as Opzij en Margriet namen ek wurk fan har op. Yn de wrâld fan de koarte ferhalen is Hylkje Goinga in opfallende ienling. Se wurdt wolris fergelike mei de Ingelske skriuwer Roald Dahl. Krekt as Dahl hat se der in hantsje fan om it ûnwierskynlike as deagewoan foar te stellen. De ferhalding tusken man en frou is it weromkommende tema. De lêzer wurdt geregeld op 'e ferkearde skonk set omdat de ferhalen oan de ein faak in ûnferwachte, soms absurde draai
7,50
De rykdom fan it ferline (Paperback)
De rykdom fan it ferline (Paperback)
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan
32,50

Klanten-reviews van Mentha Minnema en it hûnemystearje

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Mentha Minnema en it hûnemystearje

Productomschrijving

Stabij Mette fan Jeltsje en Jurjen Risselade is ûntfierd en der binne mear stabijs dy't slachtoffer wurden binne. Wat hat dy Belgyske bistedokter yn it sin? Friestalig. Leeftijd: 9+

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
EAN
9789461496003
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.