Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3: Fryske berneliteratuer

0
Fryske berneliteratuer. Ûntjouwing en foarútsjoch oan de hân fan de lêste 20 jier. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Passys (Paperback)
Passys (Paperback)
De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys' is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. 'Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.' Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de
35,-
Beafeart (Paperback)
Beafeart (Paperback)
In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân. Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr't er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr't er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta - yntusken ek al lang troud - nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr't er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat. Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
16,90
Nieuw
Tryater spilet (Hardback)
Tryater spilet (Hardback)
Tryater bestiet 60 jier! Om dat te fieren jout de Afûk yn gearwurking mei Tryater in jubileumboek út wêryn't de alsidigens fan it âldste selskip fan Fryslân fierd wurdt. As jo oan seis willekeurige minsken de fraach stelle soenen “Wat is Tryater?” sille jo net in iensidich antwurd krije, omdat Tryater in dynamysk selskip is dat yn 2025 al sechtich jier yn beweging is. Artistike lieders kamen en giene, krekt as akteurs en technisy. Budzjetten waarden grutter, budzjetten waarden lytser, en de grinzen fan wat teäter is en wêze kin, waarden hieltyd ferkend en oprutsen. Tryater spile earst yn feesttinten, doe yn doarpshuzen, en letter sels yn in fuotbalstadion of yn in dúnpanne op Skylge, sawol by sinne-opgong as sinne-ûndergong. Yn it jubileumboek oer 60 jier Tryater toane wy dizze feroaringen, oan de hân fan foto's en oantinkens fan minsken dy't (yn de ôfrûne 60 jier) in bân mei Tryater opboud hawwe (tink oan: publyk, (âld-)meiwurkers en pommeranten) en seis gruttere ferhalen wêryn't oan
35,-
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht (Paperback)
Hege flecht is it fyftjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk, Mei gidsen nei hichten en Hege flecht wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1999. Yn it lêste diel fan Hege flecht kriget it jier 1929 in bysûndere betsjutting, ûnder oare troch de flecht fan loftskip 'Graf Zeppelin' om de ierde hinne en de earste flecht fan in fleanmasine oer de Súdpoal. Yn it earste diel wurdt de myte beskreaun fan de hege flecht fan Ikaros, dy't mei heit Daidalos op wjukken út it labyrint
22,95
Oerbleaune Rimen en Teltsjes (Paperback)
Oerbleaune Rimen en Teltsjes (Paperback)
De Rimen en Teltsjes hearre ta de klassiken fan de Fryske literatuer. It is it sammelwurk fan de bruorren Eeltsje, Tsjalling en Joast Halbertsma, dat mear as oardel iuw lyn foar it earst útkaam. It waard faak werprinte en ek oanfolle, mar dochs binne net alle literêre dichten en stikken fan de bruorren útjûn. Undersyk fan Philippus Breuker nei harren teksten levere sa'n sechstich ûnbekende stikken op. It giet benammen om teksten fan Eeltsje en Tsjalling, dy't skreaun binne tusken 1812 en 1857. Yn Oerbleaune Rimen en Teltsjes komme dy nije stikken oan it ljocht, foarsjoen fan ynliedende skôgingen en taljochtingen oan de hân fan brieven fan en oan de bruorren Halbertsma en har bern. Sa is mei dizze útjefte dan einlik it literêre wurk fan de grûnlizzers fan de Frysktalige literatuer kompleet beskikber. Philippus Breuker (1939) publisearret oer skiednis, taal en literatuer fan Fryslân. Earder ferskynde fan syn hân Eelko Alta (1723-1798), De keunst as útwei en Fryslân yn de Gouden Iuw.
22,90
Losse hannen (Paperback)
Losse hannen (Paperback)
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001)
16,50

Klanten-reviews van Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3: Fryske berneliteratuer

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 3: Fryske berneliteratuer

Productomschrijving

Fryske berneliteratuer. Ûntjouwing en foarútsjoch oan de hân fan de lêste 20 jier. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460380693
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.