Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2: Dien wurk

0
Dien wurk. De fiif romans fan Koos Tiemersma. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

It libben fan de Hillige Martinus (Paperback)
It libben fan de Hillige Martinus (Paperback)
It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus' Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om't it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert. Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen). Sint Martinus is hjoed de dei ferneamd om syn goedens en syn ienfâldige libbenswize. Wat net sa bekend is, is dat hy tidens syn libben in tige goed kristlik en tsjerklik lieder wie, dy't yn de midsiuwen fereard waard as in heilân. Mannich tsjerke, ek yn Fryslân, is oan him wijd. En sels no noch binne wy ûnder syn 'tsjoen' as wy op 11 novimber it Sinte-Martensfeest fiere.
18,50
Anton yn it museum (Hardback)
Anton yn it museum (Hardback)
Anton komt fan 't bêd, klaait him oan, yt, en nimt de bus nei kantoar. Alle dagen wer. Op in dei sjocht Anton in poster fan in skilderij, hy lit de bus trochride en giet nei it museum. En dan wurdt alles oars… Mirjam van Houten (1977) wurke as sjoernalist en tekstskriuwer, mar yn 2010 goaide se it roer om en lei har ta op it skriuwen en yllustrearjen fan berneboeken. En mei sukses, oant no ta ferskynden fiif berneboeken fan har hân: Tije (2016) - oersetten yn it Faeröersk en selektearre foar de IBBY-honourlist By beppe útfanhûs, oersetten yn it Faeröersk, Ladinysk en Noardfrysk, bekroand mei de Diet Huber yllustraasjepriis Jelle en Juf (2022), yn 2025 bekroand mei de Simke Kloostermanpriis It Grutte Pake en Beppe Foarlêsboek (2023) Anton yn it museum (2025) - de printen yn dit boek makken yn de simmer fan 2024 diel út fan de eksposysje Verhaald - Verbeeld yn museum Belvédère op It Hearrenfean. It wurk wie fan febrewaris - 11 maaie 2025 te sjen yn de Koppelkerk yn Bredevoort, as
16,99
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten,
19,95
Passys (Paperback)
Passys (Paperback)
De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys' is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. 'Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.' Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de
35,-
De sûnde fan Haitze Holwerda (Paperback)
De sûnde fan Haitze Holwerda (Paperback)
Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêrt de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God. Van Houten syn iennichste roman is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. Dizze alfte printing is de werútjefte fan de njoggende printing út 1983.
15,50
Ik Vincent van Gogh (Paperback)
Ik Vincent van Gogh (Paperback)
Ik Vincent van Gogh is it fjouwertweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gidsen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen en Swart Gat wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2002. Ik Vincent van Gogh hie de titel wêze kind fan de autobiografy fan de wrâldferneamde skilder. In eigen beskri-uwing hie grif mearwearde hân njonken tal fan boeken oer syn libben en wurk. No't Vincent van Gogh gjin autobiografy skreaun hat, is de auteur de útdaging
22,95

Klanten-reviews van Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2: Dien wurk

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 2: Dien wurk

Productomschrijving

Dien wurk. De fiif romans fan Koos Tiemersma. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460380686
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.