Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

0
Literatuer yn lytse talen; fiif romans fan ien fan de ynfloedrykste Fryske romanskriuwers fan de 20ste ieu; de berneliteratuer fan no en yn de takomst, en in nijsgjirrige streaming fan realistyske skriuwers. Friestalig...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Passys (Paperback)
Passys (Paperback)
De skriuwer Josse de Haan ferrast syn trouwe lêzers mei dizze nije, grutte roman. Hy wurke der fiif jier oan. 'Passys' is in boek oer in libben yn leafde en literatuer. In boek dat út syn aard wei 'autofiksjoneel' wêze moast. Mar tagelyk hat Josse de Haan dy autobiografyske ynvestearring finaal ûnderút helle, troch in rûts oan perspektiven op dat libben te yntrodusearjen. Sa ûntstiet yn de roman in rige fan libbens, soms elkoar oerlaapjend, mar altyd optekene fanút in oar moment yn de tiid en fanút ûnderskate personaazjes: Jany - Nannie, Nannes, Nanne, Nanning en Nans. Om dit literêre spul kompleet te meitsjen, wurdt boppedat yn elk haadstik op dy libbens reflektearre oan de hân fan fragminten út romans fan foaral Frânske skriuwers. 'Myn libben is literatuer en literatuer is myn myn libben.' Josse de Haan Josse de Haan (1941) krige yn 2007 de Gysbert Japicxpriis foar syn wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer, benammen as romanskriuwer fan Piksjitten op Snyp en de
35,-
It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
Tin iis (Paperback)
Tin iis (Paperback)
De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder
22,50
Mei Russyske Mystearjes (Paperback)
Mei Russyske Mystearjes (Paperback)
Mei Russyske Mystearjes is it twadde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is ûnderdiel fan in searje ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje ha mei it libben fan de haadpersoan. Yn it earste boek, Mei it Mystearje, waard it libben fan Bouke beskreaun as jonkje (1944), as puber (1956), as studint fan de oplieding foar learkrêft (1958) en as begjinnend boer (1960). It twadde boek giet ûnder oare oer it libben fan Bouke Blomhof yn de jierren 1961 oant en mei 1967. In wichtige boarne is it Deiboek fan de boer en 'filosoof '. Ien fan de belangrykste ûnderdielen fan it twadde boek is de keunst en literatuer fan Ruslân yn relaasje ta de polityk. Dat ferklearret de namme Mei Russyske Mystearjes en de ôfbylding op it omslach: De Wolgaslepers fan skilder Ilja Repin. De auteur giet yn it twadde boek wer by guon mystearjes lâns en makket
22,95

Klanten-reviews van Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 1 - 4

Productomschrijving

Literatuer yn lytse talen; fiif romans fan ien fan de ynfloedrykste Fryske romanskriuwers fan de 20ste ieu; de berneliteratuer fan no en yn de takomst, en in nijsgjirrige streaming fan realistyske skriuwers. Friestalig

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460380662
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.