Libben en dea neffens Jelke Bos

0
Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er ...

Alle aanbiedingen van dit product

Sorry, dit product is momenteel niet beschikbaar

Anderen bekeken ook

It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte delen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de sân folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biografy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy't it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne roman is - en dat yn de jierren '60 fan de 18de iuw! De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtút-rjuchtoan ferteld wurdt - troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn deel III beskreaun. Elk ûnderwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it bij it oansetten fan it bern Tristram daalk al net helendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de klok wol
34,95
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.
12,50
Renger (Paperback)
Renger (Paperback)
Jimme litte jim meinimme troch moaipraters', hearde ik ús heit foeterjen. 'Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.' De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy't net beneamd wurde kinne. Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge. Renger is een (deels) autobiografische
10,-
Omsjen (Paperback)
Omsjen (Paperback)
Teatske wurket yn it Bonifatiussikehûs yn Ljouwert. It is oarloch, it wurk is net sûnder gefaar en har heit wol graach dat se wer thúskomt. Mar Teatske fynt dêr har earste, allesoerhearskjende leafde. Se kin en wol de sike minsken en har leafste: de bysûndere, sensuele Joadske Otto, net yn 'e steek litte. As se troch omstannichheden dochs weromgiet nei har bertedoarp hoopt en dreamt se oer in libben mei har Otto. Mar dan krijt Teatske in brief… Yn maaie '45 as hiel Europa yn it ljocht fan de frijheid de frede fiert, belibbet Teatske har donkerste dagen. In dramatysk barren út har ferline makket dat it libben sa hiel oars rint as dat Teatske oait tocht hie. Wurdt de lêst dy't se meitôget ûndraachlik of binne de libbenslange, djippe freonskippen en de leafde har ynspiraasje om it libben yn al syn djipte- en hichtepunten temjitte te gean? In oangripend ferhaal, basearre op it libben fan de mem fan de skriuwster. Anneke Sieperda (1957) is berne yn de Kooi-polder by Sleat, waard oplaat ta
19,50
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten,
19,95
Rêdbâd (Paperback)
Rêdbâd (Paperback)
“Nea en te ninter hat de skiednis in kening lykas Rêdbâd kend, en syn namme is grut ûnder de himel. Doch wie it in minske lykas alle oaren. En ik, Hadagrim, soan fan Egisgar - mar ek Raven, namme fan Rêdbâd my jûn - sil it libben fan Rêdbâd Kening boekstaverje, alle pryslike en dappere dieden; mar ek de setten dêr't ik it nea mei lykfine kinnen haw. Sa't it west hat, sil it beskreaun wurde, ek myn eigen part yn de histoarje fan ús lân. En dat part is, lykas Rêdbâd sines, net allinne mar ynfieren en fan rom oergetten. Ferwis, no't ik tebek sjoch op it libben, benearje my de tsjustere en ferhoalen dieden. Yn dit geskrift wol ik ek dêr rekkenskip fan jaan.” Hadagrim is de ferteller yn de roman Rêdbâd - Kening fan 'e Friezen. Willem Schoorstra (1959) set it heldhaftige libben fan de meast legindaryske kening en syn tiid del yn masterlike styl. Syn eardere romans, Swarte Ingels (2004, bekroand mei de Fedde Schurerpriis), De ôfrekken (2007), Pier - de profesij fan bline Simen (2015) en De
22,95
FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50
Famke famke (Paperback)
Famke famke (Paperback)
Aam is in famke fan santjin dat net efter de keppel oan hobbelet; se lêst Couperus - yn 2012 - en tinkt nei oer wat se lêzen hat, dreamt har in bettere wrâld. Se wennet mei har heit op 'e Pôle, tegearre allinnich 'in the middle of nowhere'. By Haije Alkema, har learaar Nederlânsk, hat Aam in fin mear as in bears. Haije hat yn trije desennia net sa'n treflike learling hân. Oant koartlyn hat er har mentor west, mar har begeliede dat slagget langer net as it lesjaan him jimmer swierder falt, as in labilens him oppenearret, as it ferline him ta ferantwurding ropt... Yn 1973 hat er op it ferkennende paad fan de iere leafde in fatale misstap makke; dy faze yn syn libben hie er weistoppe, mar dan is dêr ynienen Lisabel, dy't, doe't se santjin wienen, wol wat mei him ha woe... wat mislearre fanwegen Saapke, in hynstefamke dat wat rûkte, en Erasmus lies, meiprate koe oer keunst, Haije syn passy neist literatuer, doe ek al... en syn oandacht krige. Famke famke is in meinimmende en yntrigearjende
22,50
Wat in koffer seit (Paperback)
Wat in koffer seit (Paperback)
k bin in lytse koffer út Frankfurt am Main en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein? As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Ilse liet as dichter sels in koffer prate, like ûnwennich fan minsken as elkenien yn in roetswarte oarloch. Ilse Weber, dy't as nachtsuster yn it bernesikehûs yn Theresienstadt altyd in sniewite skelk droech, waard in lytse stjer, sûnder it te witten of op stjerredom út te wêzen. Ljocht of tsjuster: dichters hawwe oeral wurden. Want it swijen hie it alderlêste west. Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy't se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding fan de bondel sketst Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal
12,50

Klanten-reviews van Libben en dea neffens Jelke Bos

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Libben en dea neffens Jelke Bos

Productomschrijving

Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining: hy woe de bal dy't syn baas yn de sleat keild hie ophelje - en doe barde it. Hy koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. 'Ik skink him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.' 'Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta. Mar wy dogge it net. Wy sille wol gek wêze. As minsken yn 'e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy yntelligint binne en dan skêkelje se ús helendal yn it arbeidsproses yn.' 'Mar no't ik sels dwaande bin myn libben oer te eidzjen, haw ik spitigernôch gjin oare termen om myn fielingen mei te beneamen as de minsklike. Wy hûnen prate noait oer soks. En ik wit net oars of ik moat in wat grynderige toan oanslaan. No, dat liket my op fleanen, ik wol nofteren prate oer it libben en de dea en dat dwaan yn gewoane wurden.'

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.