Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Klút & Mients ûntdekke eb en floed (Hardback)

0
Klút en Mients binne by de Waadzee. 'Mar wat is dat no? Al it wetter is fuort!' De freonen geane op syk nei de see. Se freegje in krabbe, leppelbekken en allegear oare bisten om har te helpen. Mar oft dy dêr tiid foar hawwe… Mei dit edukative printeboek komme bern op in boartlike wize yn 'e kunde mei eb en vloed en de bisten fan de Waadsee....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De aap foar de bokkewein (Paperback)
De aap foar de bokkewein (Paperback)
It jier hat bylden boud en wiske; wij stoarje troch it keamersrút - it krúspunt smeult, der twirret jiske, in pylk set noch de himel út. As it fehikel fan de foarútgong in bokkewein is, dan hiene we der leafst in wize sik foar hân. Mei fêst in idee om ergens hinne. Mar 2016 wie it jier fan de aap, net allinnich fan de Sinezen. Dichter Eppie Dam folge tsien moannen lang de tiid op 'e foet. De oanslaggen, it klimaat, de swalkjende polityk, ferlies oan gearhing en de iensumens fan God: it krijt allegear syn gerak yn dizze unike kronyk. Soms mei in lichtere toan om it út te sjongen. Ek mei de fraach oft der noch wat te kiezen falt yn in tiid dat neat mear te rymjen is. Ik sis, ik soe de kar ha wolle, mar oars as rymje kin ik net: tefolle wanklank yn 'e holle, en oeral wurde klokken let. Frysk, paperback, 96 siden
5,-
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50
De Wurdskat (Hardback)
De Wurdskat (Hardback)
Oskar fynt by it skatgraven in grutte kiste. Hy makket de kiste iepen, mar dan blykt dat der allinne mar wurden yn sitte. Oskar is bot teloarsteld, oant er de kracht fan wurden ûntdekt. Ast se ienkear útsprekst, hawwe wurden in magyske kracht. Dus gean der foarsichtich mei om. Mei wurden kinst de wrâld yn bloei sette. En kinst ûnferwachts ek samar in wurd fan ien kado krije. In orzjineel printeboek mei boartlike en humoristyske yllustraasjes oer wurdskat en fantasy. Fan 7 jier ôf.
17,99
Redbad (Hardback)
Redbad (Hardback)
Redbad is wiidferneamd as 'grutste Fries ea', mar wa wie hy? Hoe seach de bernetiid fan de kening fan Magna Frisia yn de iere midsiuwen derút? En hoe waard er letter kening? Hoe stjoerde er Fryslân oan? Wa wiene de minsken om him hinne? En wêrtroch wie krekt yn dy tiid de takomst fan Fryslân ûnwis? Yn dizze ferstripping fan de roman Rêdbâd fan Willem Schoorstra wurdt in byld sketst fan hoe't it libben fan de romrofte kening derút sjen kinnen hie. Fan lyts jonkje oant syn dea, sjoen troch de eagen fan syn bloedfreon, dy't lykas harren fijannen, en Redbad sels, de rânen opsiket fan wat rjochtfeardige is yn tsjinst fan it hegere doel. 'Yn dizze graphic novel komme de wrâlden fan it boek fan Willem, it iepenloftspul fan Tjits en it album fan Baldrs Draumar byinoar. En dat allegear op in hiel eigen wize delset troch Skelte Braaksma. De gesichtsútdrukkingen fan de karakters jouwe de juste ynfolling by de emosjonelere sênes. Der sit in soad leafde en tiid yn dizze ferstripping fan dat
19,50
By beppe útfanhûs (Hardback)
By beppe útfanhûs (Hardback)
Mem moat fuort en Maaike sil by beppe útfanhûs. Beppe fynt fan alles út, mar wat letter it wurdt, wat mear Maaike har mem mist. Beppe wit ried, mar no kin beppe sels net mear sliepe… In prachtich printeboek, geskikt foar bern fan 4 jier en âlder. Mirjam van Houten (1977) debutearre yn 2016 mei Tije, in boek foar bern fan sân jier ôf. Dat boek waard yn 2018 foardroegen foar de IBBY Honour List, in twajierlikse ynternasjonale list mei berne- en jeugdboeken fan hege kwaliteit.
16,95
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter (Hardback)
De Letterfretter, de Letterfretter fynt alle lûden like lekker In sinnebaaiende pappegaai, in gouddo en in sliepperich rûpke, de letterfretter komt alderhande bisten tsjin op syn reis troch Fryslân. Hy is op syk nei Fryske lûden (klinkers), sa as de Â, de OA, de II en al dy oaren, want dêr is er sljocht op. Folgje de letterfretter op syn reis en lear boartsjendewei alle Fryske lûden en de aldermoaiste Fryske wurden. Yn De Letterfretter steane 47 gedichten fol taalrykdom, mar ek mei humor, dat is Lida Dykstra wol tabetroud. Dat alle lûden dy't yn it Frysk foarkomme yn dit boek systematysk op in rychje steane, makket fan De Letterfretter in nije klassiker dy't yn gjin inkelde boekekast ûntbrekke mei. Fan 0 - 110 jier 'De letterfretter is foar jong en âld in skatkiste fan it Frysk, dêr't eltse kear wer wat nijs yn te ûndekken falt.'- Yvonne Dijkstra, Friesch Dagblad, 4 febrewaris 2023.
18,99
Jelle en juf (Hardback)
Jelle en juf (Hardback)
Jelle is gewoan in leaf, tûk, sterk en grappich jonkje. Mei in hiel soad fantasy. Dat wol. Jelle syn luie each is soms sa lui dat it thús op de bank lizzen bliuwt te tillefyzjesjen. Jelle komt te let omdat er ûnderweis nei skoalle rúzje hat mei in babydino. Jelle hat altyd aparte fratsen. Juf hat it der mar drok mei … Fiifentweintich humoristyske foarlêsferhaaltsjes mei prachtige yllustraasjes oer it fantasyrike jonkje Jelle en syn juf dy't soms strang, mar ek hiel leaf is. Foar bern fan 4-8 jier. Mirjam van Houten (1977) wennet op de Himrik en hat in grutte tún mei in prachtige beamhutte. Sy kin net allinne moai skriuwe, mar ek nochris prachtich tekenje. Har earste boek Tije ferskynde yn 2016 en is oersetten yn it Faëroers. It boek waard fuortendaliks nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Yn 2021 ferskynde it prachtige printeboek By beppe útfanhûs.
15,-
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Frou mei mandoline op sofa (Paperback)
Josse de Haan (1941) levere in wichtige bydrage oan de fernijing fan de Fryske literatuer troch op boartlike wize, mar ek fûl en flink kritysk, hieltyd op 'e nij oandacht te freegjen foar nije foarmen fan literatuer. De ferneatigjende mar tagelyk ek ynspirearjende wurking fan erotyk en leafde stiet faak sintraal yn syn boeken. Arjan Hut oer Frou mei mandoline op sofa fan Josse de Haan: "In ferhaal dat streamt en foarmet, my oan it prakkesearjen set, op de goede mominten in nije laach yn dûkt, fan bûten nei binnen- in spul fan oantrekking en ôfkear - it útinoar fallen fan in mienskip, húshâlding, houlik, persoan, oant de skynbere ein, de iensumheid." Frou mei mandoline op sofa, roman, Frysk, 205 siden, paperback, nominearre foar de Gysbert Japicx-priis 2015
17,50
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco en de monsternimmers (Hardback)
Achlum Nobusco is in âld-seeman mei in echte houten skonk. Hij wennet al trettjin jier yn 'e skieppeskuorre ûnder oan 'e seedyk. Soms klimt er op in âld ierappelkistje en stekt in preek ôf oer de fersmoarging fan it miljeu. De minsken fine him in nuver man, ien mei aparte ideeën, en se fertrouwe him net heal. Bern dy't oer him dreame, wurde gûlend wekker. Dat jildt net foar Mark en Nina van der Vliet. Dy ha noait bang foar Achlum west. As se op in middei wettermonsters nimme út 'e see, meitsje se kennis mei Achlum. Se fine him aardich en sjogge dat er sachte brune eagen hat, as fan in hiel leaf dier. Se ferjitte dat se eins net mei him prate meie en gean mei nei de skuorre. Dêr fertelt Achlum dat er op in eigenmakke skip nei it Nije Lân ta sil. Fan dy tiid ôf ha Mark en Nina noch mar ien gedachte: mei Achlum Nobusco nei it Nije Lân. Mar hoe fertelle se dat thús? Wat dogge se as Achlum har net mei ha wol? En dat Nije Lân - wêr leit dat eins? Wêrom is it nergens yn in atlas of op in
14,95
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing… Underwilens freget Fleur har ôf wêr't de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe't de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle. De dei dat se de ferrassing bringe sillle, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing? It mei net útmeitsje wêr'tst wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe'tst derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa'tst bist en datst hâlde meist fan wa'tst wolst.
17,50

Klanten-reviews van Klút & Mients ûntdekke eb en floed (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Klút & Mients ûntdekke eb en floed (Hardback)

Productomschrijving

Klút en Mients binne by de Waadzee. 'Mar wat is dat no? Al it wetter is fuort!' De freonen geane op syk nei de see. Se freegje in krabbe, leppelbekken en allegear oare bisten om har te helpen. Mar oft dy dêr tiid foar hawwe… Mei dit edukative printeboek komme bern op in boartlike wize yn 'e kunde mei eb en vloed en de bisten fan de Waadsee.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.