Keatse foar de krânse

0
Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Friestalig. Leeftijd: 10+...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De albasten nimf (Paperback)
De albasten nimf (Paperback)
It houlik fan Antonius Hendrikus van Wely hâldt net oer. Fangefolgen ûntflechtet er syn Antsje gauris, wat sei, hy ûntflechtet himsels, op syn deistige kuier s moarns ier as er passanten in rol jout yn syn imazjinêr belibjen fan de werklikheid. Hy tinkt himsels by minsken yn 'e hûs, by moaie froulju, sterke froulju… hy tinkt him de bedriging yn fan de jonges fan de stegen, sechstjinjierrigen dy't op fernielerij út binne, op it skoppen fan âlde minsken… en ja, dan libbet it swier as de reële en de imazjinêre wrâlden bytiden trochinoar rinne. Yn syn tredde roman, nei Littenser Merke en Famke famke sketst Ale S. van Zandbergen in haadpersoan dy't oanhelle is mei iensumens, in situaasje dy't op 'en doer om help ropt. De help komt der, fan in psychoterapeute, in frou dy't mei har freondinne in bernewinsk hat… dan is der ferlet fan in donor. Der ûntstiet in plan dêr't even gjin plak is foar de eed fan Hippocrates…
19,95
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50
Moard yn tsjerke (Paperback)
Moard yn tsjerke (Paperback)
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net
16,50
Monkeys dilemma (Paperback)
Monkeys dilemma (Paperback)
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no
19,95
Jou my de romte! (Paperback)
Jou my de romte! (Paperback)
Troch op in beslissend momint yn in belangrike fuotbalwedstriid de bal net ôf te jaan, feroaret Anno syn libben. Hy wurdt troch al syn klasgenoaten yn 'e steek litten en komt allinne te stean. It pesten wurdt hoe langer hoe slimmer. Hoe moat er dêr mei oan? As er him gjin ried mear wit, siket er help by twa klasgenoaten dy't ek pest wurde. Mei syn trijen betinke se in plan… Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsjin mysels sizze moat dat ik okee bin. Die 't froeger noait. Noait ha ik mysels fertelle moatten dat ik net sneu bin. Ik bin ommers net sneu. Mar no moat ik it lûdop sizze. Oars begjin ik oan mysels te twiveljen. Is der miskien dan toch wól wat mis mei my? Nee toch? Nee! Toch?
9,95
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-

Klanten-reviews van Keatse foar de krânse

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Keatse foar de krânse

Productomschrijving

Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed, mar is ek bloedfanatyk! Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Friestalig. Leeftijd: 10+

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460381065
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.