Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Karlsson fan it dak (Hardback)

0
It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op 'e rêch en in startknopke op 'e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa'n mantsje. En Erik ken net ien dy't sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding i...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Pippi Langkous (Hardback)
Pippi Langkous (Hardback)
Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan 'e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy't neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogense famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy't bern bliuwe wol. Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op 'e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; it waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy't oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans-Christiaan-Andersen-Medaille en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer.
24,99
It Achterhûs (Paperback)
It Achterhûs (Paperback)
De nije Fryske edysje fan 'It Achterhûs' fan Anne Frank. Oerweldigjend as je jong binne, yngripend as je âlder binne. Yn maart 1945 stoar Anne Frank op 15-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Bergen-Belsen. Goed twa jier letter soarge Otto Frank, de iennichste fan de famylje dy't de oarloch oerlibbe, derfoar dat it deiboek dat syn dochter fan 1942 oant 1944 op har skûladres byholden hie, yn it Nederlânsk publisearre waard. Dêrmei waard Anne Frank foaral foar jonge minsken it symboal fan de Joaden dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fermoarde binne. It boek is ien fan de meast lêzen boeken op 'e wrâld: it ferskynde yn mear as tritich lannen en der binne mear as sechtjin miljoen eksimplaren fan ferkocht. Sa kinne minsken út de hiele wrâld har ynlibje yn Anne har oangripende striid om it bestean, har langstmen, har gefoelens en har hoop op 'e takomst.
17,50
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
Frisum Trilogy (Paperback)
Frisum Trilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De
24,50
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
De rôf fan de Fryske mummy (Hardback)
“Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe.” De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste en saaiste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn 'e gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy
16,99
Tin iis (Paperback)
Tin iis (Paperback)
De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dy't it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dy't dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dy't de jongerein fan dizze tiid, dy't de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder
22,50
Koartsluting (Paperback)
Koartsluting (Paperback)
Harry Stobbe docht oars net mear as lige tsjin syn mem. Hy hat jild liend en dat jild hat er fergokt yn it kasino. No moat er fytsen stelle foar Sjors. Harry wennet yn Ljouwert. Yn in tunneltsje ûnder de rûnwei komt er yn kontakt mei Yfke Jorritsma fan de hifi-shop. Ynienen wit er in oare manier om fan syn skuld ôf te kommen... Harry rekket betize yn syn eigen leagens en dat soarget foar koartsluting yn de ferhâlding mei syn mem. En dan is Jurre der noch, klassegenoat fan Yfke, dy't ferlyfd op har is. Hoe moat er har dat dúdlik meitsje? Geandewei reitsje de ferhaallinen fan Harry en Jurre mei elkoar ferbûn. Akky van der Veer skreau Koartsluting yn opdracht fan it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân by gelegenheid fan syn 75-jierrich bestean. It ferskynde yn 1991 yn ien bân mei Hoogspanning fan Jan Terlouw. Dizze werútjefte is neffens de earste, sûnder de yllustraasjes. It ferhaal fan Harry Stobbe is meinimmend en aktueel. K. Dantuma yn Frysk en Frij It binne libbene persoanen dy't Van
13,95
De koma-korrektor (Paperback)
De koma-korrektor (Paperback)
Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens de aksje in befel wegere. Wylst Siemen - fertize yn hallusinaasjes - yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy't Betty twingt sels ek in kar te meitsjen. Mar hoe dochst dat as der mear fragen as antwurden lykje te wêzen, en wat makket dat in minske "nee"seit as it derop oankomt? Safolle partijen, safolle ferhalen, mar ien ding is wis: it ferhaal kin altyd wer opnij ferteld wurde. Baukje Zijlstra (1967) is redakteur en skriuwer, en hat ferhalen publisearre yn ûnder oaren Ensafh, Friesch Dagblad en Revisor. Se hat ferskate prizen wûn foar har ferhalen, wêrûnder trije kear in Rely Jorritsmapriis. De Koma-Korrektor is har debútroman.
17,50
Losse hannen (Paperback)
Losse hannen (Paperback)
Tessa is fjirtjin jier. Op skoalle en ek thús heart se der net echt by. Har âldere broer is jaloersk op syn kreas suske en mem hâldt him de hân boppe de holle. Tessa komt graach oer de flier by Sjerda, dy't troch in hormoansykte bedutsen is mei in tin laachje hier. Sjerda is widdofrou en wennet in ein bûtenút. Se fielt har sterk en ûnôfhinklik en hat mei net folle lju gedoente. Jeroen, tritich jier, in troude filosofystudint, docht boadskippen foar har. Hy is ferlyfd op Tessa en kin syn hannen net thúshâlde. As Tessa him ien kear gewurde lit komt se yn 'e problemen, mar se wit har steande te hâlden mei help fan Sjerda. Losse hannen wie yn 2000 Saakje Huisman har romandebút. It ferhaal hat my fan it begjin oan 'e ein yn 'e besnijing hân en ik bin der fan oertsjûge dat soks foar de measte lêzers jilde sil. Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad Huisman toant har op har bêst yn 'e dialogen, dy binne libben en bytiden feninich. Sjoerd Bottema yn Trotwaer Saakje Huisman (1951-2001)
16,50

Klanten-reviews van Karlsson fan it dak (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Karlsson fan it dak (Hardback)

Productomschrijving

It komt net sa faak foar dat der lytse, dikke mantsjes mei propellers op 'e rêch en in startknopke op 'e búk boppe op it dak wenje. Karlsson is sa'n mantsje. En Erik ken net ien dy't sa goed streken úthelje kin as Karlsson fan it dak. Dat rint fansels net altyd goed ôf. Mar wa leaut him no, as er seit dat Karlsson fan it dak it dien hat? Ien ding is wis: as Karlsson yn 'e buert is, hoechst dy noait te ferfelen! Astrid Lindgrens skriuwerskarriêre begûn eins op de dei dat har dochterke Karin frege om in ferhaal; in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as 20 boeken, dy't oer de hiele wrâld lêzen en wer lêzen wurde. Yn Nederlân wûn Astrid Lindgren trije kear de Zilveren Griffel en yn 2002 waard der in ynternasjonale berneboekepriis nei har neamd: de Astrid Lindgren memorial Award. Dizze bekroaning is de grutste priis yn de berneboekewrâld!

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.