Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Jentsje syn pemper (Paperback)

0
Jentsje sil op bêd en hat in pemper om, mar dêr fynt er himsels fierstente grut foar. Pukky kin dat ding wol om ha... Kartonboekje op rym. Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder-van der Knoop...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Djipdún (Paperback)
Djipdún (Paperback)
Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, Skiermûntseach en Beetstersweach te krijen en sa gefaarlik as yn Djipdún hat hy it noch net earder meimakke. De tydlike, froulike pleatsferfanger fan Heine Hanssen soarget earst foar nochal wat argewaasje, foaral by Wytske, Mar Jo van Aken komt nei wat sy taseit. Dêr mei Ale wol oer al komt sy letter wol wat te tichtby. Djipdún is spannend, mysterieus mar ek loftich. Ale Alema sit op 't heden goed yn syn fel en dat hat foar in part mei Jo van Aken te meitsjen, mar ek mei dochter Jelly. Sy is thús út Itaalje
18,95
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
Dingeman krijt wjukken (Hardback)
De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy't tegearre wennet mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen… Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer. Hy skriuwt behalve berneboeken, ek gedichten, ferskes foar jong en âld, en lieten foar toaniel. Dêrneist set er poëzy oer út ferskate talen. Hy krige yn 2001 foar Dingeman krijt wjukken de Simke Kloostermanpriis. De yllustraasjes en wurkboeken fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra nimme in spesjaal plak yn. Se foarmen foar de skriuwer in ynspiraasjeboarne foar it skriuwen fan dit boek en litte sjen datst mei wat fantasy fan ienfâldich materiaal wiere keunstwurken meitsje kinst. Wat hearlik,
15,-
Beafeart (Paperback)
Beafeart (Paperback)
In Fryske sjoernalist ûndernimt in beafeart nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútskers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje. Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân. Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr't er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr't er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta - yntusken ek al lang troud - nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr't er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat. Beafeart nei Saint-Martin is in werútjefte fan de tredde Fryske roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
16,90
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Der dy namma fan heten is (Paperback)
Yn Fryslân tilt it op fan doarpen, en der binne ek noch alve stêden. Efter de namme fan elk fan dy delsettingen sit in ferhaal. Wêrom hawwe de minsken harren wenplak neamd sa't it hyt? Hoe kamen de minsken op de plaknamme 'Wyldinghen' en wat is de doarpsnamme no? In hiel soad plaknammen binne foar it earst oerlevere yn it twadde part fan de midsiuwen, mar der is net by skreaun wat de eftergrûn fan dy nammen is. Mei kennis fan it Frysk en oare talen kin fan gâns fan dy nammen dochs hiel wat fan it komôf sein wurde. Yn dit boek wurde yn goed fjouwerhûndert koarte haadstikjes de nammen fan alle offisjele Fryske delsettingen beskreaun. Pieter Duijff is al mear as trije desennia oan de Fryske Akademy ferbûn. Hy hat dêr al dy tiid warber west op it mêd fan Fryske wurdboeken en wurdlisten. Boppedat hat er bygelyks skreaun oer taalfariaasje yn Fryslân, yn it bysûnder oer it Stedfrysk.
22,50
De achttjin (Paperback)
De achttjin (Paperback)
Praag 1969. Jan Palach hat himsels yn brân stutsen as protest tsjin de Russyske besetting fan Tsjecho-Slowakije. It Politburo yn Praach moat soargje dat de skea dy't sa tabrocht wurdt oan it stalinisme, beheind bliuwt. Mar hoe bliuwt it Politburo in ienheid? In roman oer krityk, keuzes meitsje en de gefolgen dy't dat hawwe kin. Net allinnich foar jo sels. "Alhoewol't er mei de rêch nei my ta stie, wist ik dat er it wie: de man dy't my al in moai skoft dwaande hâlde. It wie syn hâlding, de opfallende yntensivens dy't my ek de earste kear al rekke. Hy koe net witte dat if foar my mear wie as in gelokkich tafal dat wy op itselde momint foar de Guernica stienen" "De Achttjin fan Aggie van der Meer is ien fan de nijsgjirrichste romans dy't ik yn it Frysk lêzen ha. Dat leit oan it sintrale gegeven: de ferantwurdelikheid fan it yndividu foar it kollektyf, mar ek foar syn eigen idealen oer. Mar it leit likegoed oan de literêre wize sa't Van der Meer it ferhaal staljûn hat. De skriuwstyl is sa
13,50

Klanten-reviews van Jentsje syn pemper (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Jentsje syn pemper (Paperback)

Productomschrijving

Jentsje sil op bêd en hat in pemper om, mar dêr fynt er himsels fierstente grut foar. Pukky kin dat ding wol om ha... Kartonboekje op rym. Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder-van der Knoop

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.