Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Jentsje syn bear (Paperback)

0
Jentsje syn bear, kartonboekje Barbro Lindgren & Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder- van der Knoop...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Obe Postma In libben dat bloeide nei syn aard (Paperback)
Obe Postma In libben dat bloeide nei syn aard (Paperback)
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En de himmel iepen sjoen' is skreaun troch Geart van der Meer en bestiet út seis yngeande 'lêsferslaggen' fan de poëzij fan Postma, mei dêrnêst inkelde artikels fan him oer Postma syn oersettingen (fan Emily Dickinson, Rainer Maria Rilke en Edna St. Vincent Millay). Fierder is ek opnommen syn gearfetting fan de filosofy fan Postma. Foar elke leafhawwer fan de poëzij fan Postma in oanrieder!
37,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Frjemde fûgels (Paperback)
Frjemde fûgels (Paperback)
De ferbylding foarby. Oan 'e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels? As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan 'e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa'n fyftich kollums, dy't allegear publissearre binne yn 'e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs. Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan 'e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.
18,50
Renger (Paperback)
Renger (Paperback)
Jimme litte jim meinimme troch moaipraters', hearde ik ús heit foeterjen. 'Sy bringe jim de holle yn ûnstjoer. Jimme moatte each ha foar de normale dingen fan it libben.' De roman Renger giet yn belangrike mjitte oer it libben fan Nyk de Vries sels. Syn heit wie in sunige boufakker út de Fryske Wâlden, syn mem wie húsfrou. Op jonge leeftyd wie De Vries sjonger fan de punkrockformaasje The Amp. Ferlegen wie er boppedat, mar útbundich net minder. Yn Grins studearre er skiednis, by IKEA kenne se him as magazynmeiwurker en sûnt 2000 is Nyk de Vries skriuwer. Oer dit libben, oer it arbeiders-miljeu yn de Fryske Wâlden en oer de needsaak jins ferline op te rêden giet dizze roman. Mar Renger giet ek oer it feit dat der gewoanwei dingen binne dy't net beneamd wurde kinne. Nyk de Vries (Noardburgum, 1971) is skriuwer en muzikant. Foar Renger krige er yn 2016 de Piter Jelles Priis. Foar syn humoristise ultrakoarte ferhalen wurdt er rûnom priizge. Renger is een (deels) autobiografische
10,-
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
'Dy ferrekte Grousters …' It wiene de wurden fan in Wergeaster doe't er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy't yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik. Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan 'De Strampel', De Fryske Feriening fan Einekoerflechters. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek
17,50

Klanten-reviews van Jentsje syn bear (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Jentsje syn bear (Paperback)

Productomschrijving

Jentsje syn bear, kartonboekje Barbro Lindgren & Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder- van der Knoop

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.