Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in Kinderboeken

Jentsje syn auto (Paperback)

0
Jentsje boartet mei syn auto. Lys mei ek even mar wol 'm net weromjaan. Komt dit wol goed? Kartonboekje op rym. Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder-van der Knoop...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
Winterwetter (Paperback)
Winterwetter (Paperback)
Oan de ein fan de tweintichste iuw groeit Lex op yn in doarp yn de Trynwâlden. In sêfte, kreative jonge yn in kristlik gesin mei in Frânske heit en in Fryske mem. In iepen jonge, dy't knoeid wurdt yn syn gefoelichheid en syn aaklike geheimen net diele kin. Winterwetter is in fiktive roman, basearre op wiere feiten. In ferhaal oer in jonge dy't wrakselet mei wa't hy wêze mei en wol. Mar ek in kultuerskiednis mei in pake dy't elk bern wol ha wol. 'Sa foarsichtich mooglik loek ik de plakrâne fan 'e slúf iepen. It skuorrende lûd like te galmjen troch myn skûlplak. Ik doarde amper te sykheljen en hope dat it iepenmeitsjen fan de slúf net mem har oandacht lûke soe; it lêste wat ik woe wie 'oandacht'.' Lex Paleaux (1977) is in Haarlimske skriuwer fan Frysk komôf. Troch it skriuwen fan skripts foar ferskate tv-searjes, koarte films en teäter ûntwikkele er in orizjinele, fisuele skriuwstyl. Paleaux nimt de lêzer mei op syn reis troch it jonge libben fan de haadpersoan. Winterwetter is syn
19,90
Fier fan alle drokte (Paperback)
Fier fan alle drokte (Paperback)
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in 'boereroman', mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D'Urbervilles, 'goed' ôfrint - mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy't yn syn lettere, inktswarte boeken ûntbrekt. De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriël Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in heel kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriël, dy't har as earste as frou ha wol, wurdt ôfwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ûngelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats fan har
32,50
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
Dy ferrekte Grousters (Paperback)
'Dy ferrekte Grousters …' It wiene de wurden fan in Wergeaster doe't er it hie oer in Grouster. Hoe koe it dochs dat er dy skerpe en misledigjende wurden spruts? In grutte rûzje, miskien âldsear? Hie Gjalt syn âldomke Arjen, dy't yn 1909 flechte nei Perû, der faaks wat mei te meitsjen? Dat it lang net lekker siet tusken de beide mannen, reidskarders foar einekuorren, is wol dúdlik. Gjalt, sels al syn hiele libben einekoerflechter, skriuwt mei kennis fan saken oer dat âlde ambacht, wol it as in foarm fan Fryske folkskeunst bewarje, trochjaan en sa yn libben hâlde. Hy naam it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan 'De Strampel', De Fryske Feriening fan Einekoerflechters. Mar it flechtsjen is safolle mear as nêstromte biede oan in ein, mear as it bewarjen fan folkskeunst, it is ek in foarm fan ta josels kommen. As jo sitte te flechtsjen dogge de hannen har wurk en kriget jo geast tiid ta tinken. Gjalt naam dy tiid om sa de moaie ferhalen fan fertellers rypje te litten om se dêrnei yn dit boek
17,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95

Klanten-reviews van Jentsje syn auto (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Jentsje syn auto (Paperback)

Productomschrijving

Jentsje boartet mei syn auto. Lys mei ek even mar wol 'm net weromjaan. Komt dit wol goed? Kartonboekje op rym. Barbro Lindgren, yllustraasjes Eva Eriksson Fryske tekst: J. Vledder-van der Knoop

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.