Jabik en Dieuwertje

0
Jabik en Dieuwertje, skippers op in kontenerskip foar it Europeeske binnenwetter, kinne net mear farre fanwege de froast en brûke it stillizzen om te trenen foar de alvestêdetocht. It sil in bar aventoer wurde......

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

Allegearre snie (Paperback)
Allegearre snie (Paperback)
De biljertklup 'Krijt op tijd' wachtet op Bareld. Ek al is dy mar ûnderhâldsmonteur op in plestikfabryk, dêr't er gjin topynkommen hat, hy is altyd goed foar in rûntsje foar alle leden fan 'e klup. Bareld is meastal op 'e tiid, mar diskear is er frij let. As er syn partij spile hat en eefkes nei bûten is om in sigret te smoken, komt der in frommis mei read hier nei binnen en freget nei Bareld. Se stjoere har efter Bareld oan. Dy sil dus beskie jaan moatte as er werom komt. Mar hy komt net werom. It wurdt in plysjesaak. De resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen wurde op 'e saak set. Se kinne as de blommen en wurde op it buro dan ek 'de Blomkes' neamd. Der komt in hiel ferburgen libben oan it ljocht en, al filosofearjend, sa't de gewoante is fan 'de Blomkes', komme se ta ferrassende ûntdekkingen. In fermaaklike misdiedroman.
17,50
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid (Paperback)
Wyn fan de wierheid is it ferfolch fan de bestseller Wyn fan feroaring. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op 'e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie's de baas yn harren keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op 'e kop. Se moatte roeie mei de riemen dy't se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden... yn mear as ien opsicht. Wyn fan de wierheid is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer meinimt yn 'e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.
22,50
Sulver en minsken (Paperback)
Sulver en minsken (Paperback)
'Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy't men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.' Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De belangrykste 'persoan' soe men de sulvermyn neame kinne dêr't alles om draait. It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn, syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in deel fan de 'winst' ôf te dragen. De idealistise Charles hopet mei in goed wurkjende myn de korrupsje en wetteloasheid, sa typearend foar al dy Súd-Amerikaanse lannen, bestride te kinnen: 'ik festigje myn hoop op saaklike belangen. Lit de saaklike belangen earst mar ris de fuotten stevich
31,50
Frisum Trilogy (Paperback)
Frisum Trilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De
24,50
Littenser Merke (Paperback)
Littenser Merke (Paperback)
Yn de Fryske greidhoeke longeret Eeuwkje, in jonge dûmnysfrou, nei in bern. Wêrom is har man, dûmny Laurman, net by steat om har djipste winsk te ferfoljen? Hy hat de hannen mear as fol oan strideraasjes op tsjerklik mêd, mar dat kin dochs net de iennichste reden wêze? Alles stiet yn bloei, ek Eeuwkje, mar it duorret ferskuorrend lang foar de ferlossing komt. Mear as in ieu letter libbet it slachterssoantsje Liuwe Bosgra yn itselde doarp, mar wol yn in hiele oare tiid. Superyntelligint en ek wat autistysk stiet er yn de wrâld. Ale S. van Zandbergen hat in ferskuorrend moaie roman skreaun oer twa haadpersoanen dy't hiel fier fan inoar ôf lykje te stean. Dit boek kinne jo as lêzer allinne mar wurdearje as jo oan 'slow reading' dogge. Dan komme jo yn in wrâld te lâne dy't jo net gau wer loslitte sil: fol skjientme en heimsinnige spegelingen. Betsjoenend suver. En dan te betinken dat dit in debútroman is… Bekroand mei de Rink van der Velde Priis en de Douwe Tamminga Priis.
22,50
Moard yn tsjerke (Paperback)
Moard yn tsjerke (Paperback)
De koster fan in tsjerke makket alles ree foar de ynspeksje fan 'e grêfkelder dy't ûnder it gongpaad foar de preekstoel leit. Yn dy kelder lizze bonkerakken fan trije froulju fan boere-adel. Dy ynspeksje moat alle jierren dien wurde. Dat is fêstlein yn in âld testamint. Hjoed de dei wurdt der in lyts feestlik barren fan makke. Op in stuit is, op ien nei, elkenien oanwêzich. De koster iepenet it lûk alfêst mar. Hy jout in alderheislikste gjalp. Op 'e trep nei de kelder leit in lyk. Wurk oan de winkel foar brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen. De beide mannen binne folslein ferskillend fan aard. Se jouwe inoar gauris stekken ûnder wetter en Bekkema moat Roosjen regelmjittich wer by de les lûke, mar se kinne as de blommen. Op it buro wurde se dan ek “De Blomkes” neamd. Se dûke fuort yn dizze aparte saak. Al gau komme se bysûndere dingen tsjin en dy roppe wer allegearre fragen op. Wat is de rol fan de eardere koster? Wêrom wie de tsjerke net
16,50
De rykdom fan it ferline (Paperback)
De rykdom fan it ferline (Paperback)
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan
32,50
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
Wurk (Paperback)
Wurk (Paperback)
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan en dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin 'e sechstich rint. HIeltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Ferstjinje docht hy der net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedryke galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa't er sels mient, yn de keunst in bestimming fûn? Oer har foarige roman In kop as in almenak: "Nea wurdt it ferhaal, dat yn in prachtige literêre styl skreaun is, sentiminteel en saken wurde ek net moaier foarsteld as se binne." - (Doeke Sijens, LC) "In prachtich en meislepend boek." - (Tryntsje van der Steege, ensafh.) "Wêrs fan falske romantyk of nostalgy toant de roman maatskiplike
17,50

Klanten-reviews van Jabik en Dieuwertje

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over Jabik en Dieuwertje

Productomschrijving

Jabik en Dieuwertje, skippers op in kontenerskip foar it Europeeske binnenwetter, kinne net mear farre fanwege de froast en brûke it stillizzen om te trenen foar de alvestêdetocht. It sil in bar aventoer wurde...

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460380648

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.