Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K in EBooks

It neidiel fan 'e twivel (Paperback)

0
Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei 't sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no't se har ...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De flecht fan Victor (Paperback)
De flecht fan Victor (Paperback)
It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan 't sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega's iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr't in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde. Wat hat de soan dy't op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy't it ynienen op Ale fersjoen hat? Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.
14,95
Djipdún (Paperback)
Djipdún (Paperback)
Anna Buttenveldt van Him fan Beetstersweach wurdt fermist. Har man Germ kloppet by resjersjeur Ale Alema oan, mar as se de twadde kear ôfprate fynt de Bontebokker Germ yn it koetshús, delslein. De fynst fan it boek Dramatysk Djipdún, skreaun troch Anna is it begjin fan in speurtocht dy't djip giet. Fan de kelder ûnder it koetshús nei it topke fan it dún mei it fakânsjehûs op Skiermûntseach. It dollen yn it mystearje út it ferline is dreech en de wierheid is net samar boppe it waad, Skiermûntseach en Beetstersweach te krijen en sa gefaarlik as yn Djipdún hat hy it noch net earder meimakke. De tydlike, froulike pleatsferfanger fan Heine Hanssen soarget earst foar nochal wat argewaasje, foaral by Wytske, Mar Jo van Aken komt nei wat sy taseit. Dêr mei Ale wol oer al komt sy letter wol wat te tichtby. Djipdún is spannend, mysterieus mar ek loftich. Ale Alema sit op 't heden goed yn syn fel en dat hat foar in part mei Jo van Aken te meitsjen, mar ek mei dochter Jelly. Sy is thús út Itaalje
18,95
Quist (Paperback)
Quist (Paperback)
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan 'e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa't er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie. No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: 'De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.' Nee, dat hie er better net sizze kind... Quist is in Faustiaanse fertelling dy't boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
19,95
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje fan Ieme tou (Paperback)
Jeltsje wurdt troch har heit Ieme besteld by boer Hessel Brandsma. Ieme hat as bynamme 'tou', fanwege de negoasje fan allegear guod dêr't hy mei by de doarren lâns sutelet. It is skraabjen om 'e kant en hy kin de fertsjinst fan Jeltsje skoan brûke. Mar dan komt boer Brandsma Jeltsje tenei nei in jûn fan ôfwaaid praat en dat bliuwt net sûnder gefolgen. Brandsma soarget derfoar dat Jeltsje de oerstek nei Kanada makket, tegearre mei Ike Molenaar, dy't tinkt dat it berntsje fan him is. Jeltsje ûntsnapt hjirmei oan in libben fan wrotten en earmoede, mar it libben yn de frjemdte is ek net maklik. It boek begjint mei de besite fan dizze soan, Klaas, oan Brandsma, as dy al op leeftyd is. Doarpsgenoaten werkenne yn him it stal fan de Brandsma's en hy moat ek oan syn soan Wybrand tajaan dat er safolle jierren lyn in misstap makke hat. De famylje tinkt dat Klaas op de pleats of op jild út is en se ha gjin idee fan de wei dy't Jeltsje mei har húshâlding ôflein hat. Sa leart hy syn famylje goed
19,50
It Guozzeroer (Paperback)
It Guozzeroer (Paperback)
Bavius Bouma, in âld frijfeint yn Akkrum, fertelt oan syn besiker, in sjoernalist en hertstochtlik fisker, wat er yn de oarloch meimakke hat. Oanlieding ta syn relaas is de fynst fan in Dútske motorfyts mei sydspan yn it wetter yn de Heafeart nei De Deelen. Mei in pear maten hat Bavius yn de lêste oarlochsjierren yn dat ûnlân ûnderdûkt sitten. Krekt foar de befrijing hat him dêr in singelier drama ôfspile, dat noait bekend wurden is. It guozzeroer, in antyk stik sjitark mei de útwurking fan in kanon, spilet in belangrike rol yn dizze oangripende en sober fertelde roman. Ek giet It Guozzeroer oer de leafde fan Bavius foar in Russyske faam, twangarbeidster yn Normandië. It Guozzeroer is in werútjefte fan de lêste roman fan Rink van der Velde (1932-2001).
15,-
Kabel en tou (Paperback)
Kabel en tou (Paperback)
Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei't syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde. Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst ûnder it personiel. En giet it thús wol allegear sa't it moat? Abe fernimt dat Doet him noch net fergetten is. Hy komt foar nuvere ferrassingen te stean. En hy is net de iennichste dy't noch wat mei it ferline te ferrekkenjen hat. Jan Schokker hat in rige fan fiif flotte en fermaaklike misdiedromans skreaun. Dit boek is it earste yn in nij sjenre, yn deselde humoristyske styl. www.janschokker.frl
17,50
Dreaun fan ierde' dream (Hardback)
Dreaun fan ierde' dream (Hardback)
It libben fan Obe Postma hat ryk west. Hy hold him yntinsyf dwaande mei sokke ferskillende dingen as de wis- en natuerwittenskippen, de filosofy en de psychology, de dichtkeunst, de skiednis en it ûnderwiis. Syn wittenskiplik wurk is ynbêde yn ynternasjonale ferbannen. Syn dichtwurk jout sicht op ynfloedrike poëzy. Hy hat syn besibbens mei de grutte tinkers en dichters fan syn tiid herkend, har lêzen en ferarbeide, en mear as ien en twa wrâldferneamde Nederlânske gelearden hat er persoanlik kend. Yn de poëzy hawwe Rilke, Emily Dickinson en de klassike Sineeske dichters him tige nei lein. Tsjinstellingen wiene der ek. Hy hong oan it libben, woe lokkich wêze en diel útmeitsje fan in ienheid, mar wie folslein in man op himsels. By alle geleardheid is de grûntoan fan syn bestean mankelikens en syn libben is tekene troch ûnrêst en begearen. It wie in dreaun man. Hy moast wurkje, hy koe net oars. Oan de ein fan syn libben sei er: 'Mar ik haw dien wat ik moast' en dêr bedoelde er mei dat er
35,-
Monkeys dilemma (Paperback)
Monkeys dilemma (Paperback)
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net mei. Hy sjocht net heech by himsels op en wurdt oanhâldend pleage troch twifels. Gauris stiet er yn twastriid en dat liedt ta swierrichheden en frustraasjes. Foar syn frou Tanja en de beide bern is dat ek perfoarst net maklik. 'Monkey' is gjin held of heechdraver. Dochs is er wol in trochsetter, dy't echt wat kin. De tiid is dreech, mar hy wol graach wat moais fan it libben meitsje. Miskien kin dat syn rêding wurde? Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no
19,95
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten,
19,95
Slangen ûnder it bêd (Paperback)
Slangen ûnder it bêd (Paperback)
Marte en Rienk geane mei de klasse nei Amsterdam. As Marte op in jûn by in knappe jonge út har jeugdherberch sitten giet ynstee fan by har freonen, hat er gjin goede bedoelings mei har. De jonge en syn maat nimme Marte mei, mar litte har efter as se neat mei har wurde kinne. Rienk fljocht him út 'e naad om har werom te finen en sa komme se yn 'e kunde mei Justine en har soannen. Yn in foto-album by Justine thús sjocht Rienk ta syn fernuvering in foto fan in echt Piipster skûtsje. Dat liedt ta in ferrassende reis nei Justine har bertelân, Suriname. Hilda Talsma hat namme makke mei har flotte, meinimmende romans De twadde hûd, Flammen, It geloksbern (bondele yn Frisum Trilogy), Brekber en har skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid en Wyn fan de winners. Slangen ûnder it bêd is har earste jeugdroman, skreaun nei in idee fan Henk de Vries.
19,50

Klanten-reviews van It neidiel fan 'e twivel (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over It neidiel fan 'e twivel (Paperback)

Productomschrijving

Bas hat al it ien en oar meimakke as er nei Italië giet foar in útwikselingsprojekt fan skoalle. Hy hat it dêr prima nei 't sin en wurdt al gau fereale op de mysterieuze Julia. Mar dan grypt it coronafirus om him hinne en de bûtenlânske studinten moatte daliks op it fleantúch nei hûs. Mar kin Bas syn grutte leafde sa achterlitte, krekt no't se har geheimen oan him ferteld hat? En hoe sit it eins mei syn eigen ferline? It neidiel fan 'e twivel is de twadde jeugdroman fan I.E. Bloem, dy't yn 2020 debutearre mei Eudaimoania. Sjoch hjir foar in ynterview yn it Friesch Dagblad: https://frieschdagblad.nl/cultuur/Schrijver-I.E.-Bloem-%E2%80%98De-Fryske-taal-is-te-moai-om-foar-de-jongerein-lizze-te-litten%E2%80%99-26806122.html

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

Verken gerelateerde categorieën

Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.