It beest fan de Westereen

0
In spannend boek oer in bysûndere dûmny op de Westereen. Friestalig....

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
De Bjusterbaarlike Baron (Hardback)
Dit is net samar in boek. Dit boek giet oer de baron von Münchhausen en dat is net de earste de bêste. Yn dit boek fertelt er wat er allegear meimakke hat op syn reizen. En dat naait derút! Der komme liuwen yn foar. Krokodillen, fisken dy't skippen opite en útsûnderlike hynders. It wiene dan ek bysûndere reizen en dit is dan ek in bysûnder boek. Mei bjusterbaarlike ferhalen. Om foar te lêzen of sels te lêzen, dizze aventoeren wolst net misse! Foar bern fan 6-10 jier. Jurjen Faber (1973) skreau foar dit boek de moaiste ferhalen fan de baron op yn it Frysk. Hy hat mei syn maat Paul van Dijk in foarstelling oer deselde baron makke. Yn syn frije tiid mei hy graach lêze, skriuwe en muzyk meitsje. Yn de boekekast op de basisskoalle stie in boek oer in baron, fol mei nuvere ferhalen dy't net wier wêze koenen. De tekeningen yn dat boek hat er noait ferjitten. Paul van Dijk (1981) makke de yllustraasjes foar dit boek. Hy is fierder warber as skriuwer, dichter en muzikant. Mei syn maat Jurjen
13,50
De humor yn (Paperback)
De humor yn (Paperback)
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa't yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa'n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha. Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.
16,50
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (Paperback)
The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, koartwei Tristram Shandy, fan Laurence Sterne (1713-1768), ferskynde yn njoggen frij koarte delen, twa yn 1759 en de rest ferspraat oer de sân folgjende jierren. It boek is neffens de namme in biografy fan Tristram Shandy, mar is yn werklikheid ien opienfolging fan sydpaden, omballingen en oare healwizichheden, dy't it boek ta miskien wol de aldernuverste roman yn de wrâldliteratuer meitsje. Der is wol ris oer opmurken dat it in post-moderne roman is - en dat yn de jierren '60 fan de 18de iuw! De grap is dus dat it ferhaal fan it libben fan de held net rjuchtút-rjuchtoan ferteld wurdt - troch al dy sydpaden en omballingen foar en nei wurdt de geboarte fan de held pas yn deel III beskreaun. Elk ûnderwerp jout oanlieding ta in sydpaad en alle soarten fan fierdere omballingen: sa beteart it bij it oansetten fan it bern Tristram daalk al net helendal goed, omdat op it beslissend momint de takomstige mem freget oft de heit de klok wol
34,95
De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
De Goargels en it geheim fan 'e gletsjer (Hardback)
Melle en syn famylje binne op fakânsje yn 'e Alpen. Midden yn 'e nacht wurdt Melle syn suske Limoni yn panyk wekker. Wêr is har rêchtas? En noch wichtiger, wêr is har eigen Goargel, Belia? Dat is it begjin fan in superspannend aventoer wêryn't it spoar liedt nei de gletsjer, dy't stadich begjint te ranen no't it waarmer wurdt. Melle, Bobba en Limoni komme yn 'e kunde mei Murmeltieren, rôffûgels, Berchgoargels en Koarrepûsters. Se wurde holpen troch Katja, dy't alles wit oer de gefaren fan 'e bergen … In op syn minst like spannend en fantasyryk aventoer as De Goargels. Fan komyk Jochem Myjer. Yllustrearre troch Rick de Haas, bekend fan Mees Kees én fansels De Goargels! Jochem Myjer is ien fan de grutste en meast populêre komiken. Hy stiet foar útferkochte sealen, oan 'e nok ta fol mei jong en âld. No ek bekend as skriuwer fan De Goargels!
18,99
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
De Onniefariant (Paperback)
De Onniefariant (Paperback)
It koroanafirus hat de wrâld al twa jier yn 'e greep. Lockdowns, faksinaasjes en oare maatregels ha in grutte wjerslach op 'e minsken. De grutte ûnwissichheid oer alles makket dat minsken hieltyd mear tsjinelkoar oer komme te stean. Ek de Onnies reitsje slim ferdield as it op pandemy en polityk oankomt. As dan ek noch de koarte, mar yntinse relaasje tusken Roos en Richard fan trije jier lyn oan it ljocht komt, rinne de frustraasjes oer en wer sa heech op, dat de famylje útinoar driget te fallen. In feest yn Klup Panhuys bringt koarte tiid wer wat fleur yn it libben, mar kin net foarkomme dat de oars sa krigele Connie hieltyd mismoediger wurdt. De help komt út ûnferwachte hoeke. Yn De Onniefariant komme suver alle âlde bekenden út de boeken fan Hilda Talsma wer werom, want allegear binne se op ien as oare wize ferbûn mei dy bysûndere twaling! Hilda Talsma skriuwt flotte en spannende boeken foar in breed publyk. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum: De twadde hûd, Flammen & It
21,50

Klanten-reviews van It beest fan de Westereen

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over It beest fan de Westereen

Productomschrijving

In spannend boek oer in bysûndere dûmny op de Westereen. Friestalig.

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    EAN
    9789460381317
    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.