In soarte fan bûgjen (Paperback)

0
Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjok...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De groep fan juf Pyt (Hardback)
De groep fan juf Pyt (Hardback)
Basisskoalle De Reinbôge hat it nije juf, se hjit Pytrikje. 'Dêr rekket ús tonge fan yn 'e knoop. Dus wy neame har juf Pyt.' Alle ferhalen yn dit boek spylje op skoalle. Sa lêst oer in robot dy't prate kin, oer picknicken op de flier fan it lokaal, oer in ferfelende mich dy't hieltyd tsjin it boerd fljocht en noch folle mear. Mar wat noch moaier is: dit boek lêst net allinnich. It is in teäterlêsboek dêr'tst mei-inoar út foarlêst. In soad wille mei dy grappige juf Pyt en har drokke, stoere, kreative, tûke groep! Mei-inoar tëaterlêze is mei in ploechje foarlêze oan in publyk. Do lêst tegearre foar mei in maat of freondintsje, mei mem of heit of mei bern út dyn groep. Of miskien wol pake of beppe wol meidwaan! By tëaterlêzen lêst foar mei it boek yn de hân. Hoechst gjin spesjale klean oan te lûken, of in achtergrûn te hawwen. It iennichste datst nedich hast, is dyn stim en in publyk fansels. Ferjit net nei ôfrin djip te bûgen. It applaus is foar dy!
14,95
Feroaring fan lucht (Paperback)
Feroaring fan lucht (Paperback)
Durk Snoad - wa ken him net? Yn 1971 ferskynde Rink van der Velde syn skelmeroman Feroaring fan lucht. It boek waard in klinkend sukses en neffens de ferhâldingen in absolute bestseller. Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad, is de heit fan in húshâlding mei tolve bern en wennet earne djip yn de Sweachster bosken, yn in âld klinte. In asosjale húshâlding, sa soe it spultsje tsjintwurdich bestimpele wurde. Durk Snoad libbet meast fan de steun fanwegen net te kontrolearjen rêchklachten en fan de streuperij. Hy is erfklik yn opstân tsjin it wettich gesach. Woltinkende en goedmienende minsken besykje der dochs noch in fatsoenlike húshâlding fan te meitsjen en prakkesearje it Snoad-folk nei in hierwente yn Drachten. Dat kin fansels net oars as misbeteare. Yn 1990 by de 13de printinge paste de skriuwer de tekst oan foar in nije generaasje lêzers. Dizze útjefte is gelyk oan de lêste, sechtjinde printing fan 2004. Yn Durk Snoad hawwe wy no dan lang om let de oerurven Frysk-Wâldsjer fariant
19,50
In tel de ierde stil (Paperback)
In tel de ierde stil (Paperback)
Ien tel de ierde stil is de nijste dichtbondel fan Arjan Hut en skreaun yn de tiid dat hy wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen. In perioade fan lockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn de trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn de bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op de camping yn De Pomp. As in knipperjende tried rint de tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger,” bromt in man op it terras. Op de Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei
17,50
Frisum Trilogy (Paperback)
Frisum Trilogy (Paperback)
Yn dizze trilogy binne de trije boeken fan Hilda Talsma oer it doarp Frisum bondele. It earste diel, De twadde hûd, begjint mei it ferhaal fan Elske, dy't tinkt dat in lytse poppe har libben kompleet meitsje sil. Dat kin lykwols net mei har man Sjoerd, want dy is ûnfruchtber. En dan stiet dy bekende âlde karavan op it merketerrein, mei har jeugdleafde Ronny. Yn it twadde diel, Flammen, is Elske dwaande mei de tariedings foar har houlik. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen. Dêr spuit har famylje raar guod fan, fanwege Betty har reputaasje yn it doarp. It wurdt yn mear as ien opsicht in ûnferjitlike dei. Yn it tredde diel, It geloksbern, stiet Betty sintraal. As Betty nei in lang ferbliuw yn it sikehûs wer thúskomt, wol se earst neat fan har freon Evert en dochter Ymkje witte. Elske besiket har wat op te fleurjen en ek har oare freonen dogge der alles oan om har te helpen. Betty begjint pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De
24,50
De rykdom fan it ferline (Paperback)
De rykdom fan it ferline (Paperback)
Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei. It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich. Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan
32,50
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
It geheim fan Lord Jim (Paperback)
LORD JIM (1900) Stel, jo binne (noch mar sa'n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa'n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille. Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep
29,95
Quist (Paperback)
Quist (Paperback)
In man rint, in lege rolstoel foar him út triuwend, oer plakken as Weidum, Winsum en Baard fan Ljouwert nei Harns, om dêrnei troch te reizgjen nei ien fan 'e eilannen. Dy rolstoel is net fan himsels: hy hat him stellen. Mar is Julius Quist, learaar oan in gymnasium yn de haadstêd, dêrmei in dief? Want achter dy rolstoel sit it ferhaal fan in frou mei wa't er, steande foar it rút fan syn lokaal, in relaasje-op-ôfstân oangie. No is er ûnderweis nei har begraffenis. Algau fernimt er dat neat gewoan is op dizze tocht. En dat hat alles te krijen mei syn fûle reaksje op de fraach fan syn rektor oft it net tiid waard om wat betider mei pensjoen te gean: 'De duvel mei my helje as ik op jo suggestje yngean.' Nee, dat hie er better net sizze kind... Quist is in Faustiaanse fertelling dy't boeit fan begjin oant en mei de ferrassende ûntknoping. In boek om net te missen.
19,95
En it hie sa moai wêze kinnen (Paperback)
En it hie sa moai wêze kinnen (Paperback)
'It wie in ûngemak. Se is fallen, of net goed wurden. Nee. Nee. Der barde wat. Ja, wat is der bard? Do hast it net sjoen. Wiest dan op it hiem? Stiest njonken de dobbe doe'tst har heardest? Rôp se? Hat se in gjalp jûn? Of stiest by it hjid dehok? Ik soe in mannich planken fêsthuffe. Faaks ha 'k yn 'e steich tusken de droech - loadsen stien. Heardest noch dat se de doar tusken it gonkje en de loads tichtsloech. Of wie dat de miggedoar? As Baef nachts nei 't hús ke moast, heardest ek altyd sa'n klets. Ik skrok my bytiden dea. Krekt wit ik it net, mar der sloech wat. En doe dy gjalp. Of wie ik op Stad Niks om iten foar de geit? Hast neat heard. Se wie al kâld doe'tst har fûnst. It triedsjeread, dat har sa sûn troch de wangen floeide, waard al blau, tsjin 't swarte oan. Do hast it net dien. Do kinst it net dien ha. Do wiest efter yn 'e klyn dolten, yn it fjild. Of dochs net? Wêr wie ik? Hiest earst de plysje warskôgje moat ten. Of by de Brúnsma-jonges dokter belje. Mar koest net by har
19,90
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham (Paperback)
Spoar fan Abraham is it fjirtjinde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it folk en Mei gidsen nei hichten wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1996. Boek 14 stiet yn it teken fan spoaren. Elk minske lûkt in spoar troch it libben, sa ek Abraham dy't it rjochte spoar besocht te folgjen fan de belofte dy't er krigen hie, mar soms kaam er op kronkelpaden terjochte. Yn deselde stêd Oer dêr't geitehoeder Mardoek nei syn romtereis nei de planeet An de lieding oer krigen hie (boek 13),
22,95
FC Nostalgia (Paperback)
FC Nostalgia (Paperback)
It like as moast Romke Toering yn sân hasten in punt achter it libben sette. En wat dogge jo dan mei de tiid dy't der noch is? Romke pakte de pinne op en begûn te skriuwen dat it sta sei: koarte en langere ferhaaltsjes, gedichtsjes somtiden, in oade oan heit en mem, pakes en beppes, de bakker, de buorlju en al dy oaren dy't meielkoar de mienskip foarmen yn syn bertedoarp Easterlittens. In berneboek foar âlderen, mei in protte foto's út in tiid dy't west hast. Bylden yn wurden fongen. Werkenber foar minsken út de greidhoeke, mar ek fier dêrbûten. 'Deis in pear oerkes omdolle yn in Greidhoekster ferline, as in punt achter it libben wie gjin straf. In emosjoneel Doel en Treast.' Romke Toering (1947) wie akteur, regisseur, oersetter en skriuwer fan Fryske toanielstikken, û.o. by Tryater en it iepenloftspul fan Jorwert. Yn 1987 krige er de Obe Postmapriis foar syn oersettingen nei it Frysk fan toanielstikken foar Tryater út 1984-1986. Yn 2003 ûntfong er de Fedde en Martha Bergsmapriis foar
24,50

Klanten-reviews van In soarte fan bûgjen (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over In soarte fan bûgjen (Paperback)

Productomschrijving

Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade. Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer. www.geertnauta.frl

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.