In oare wei (Paperback)

0
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sik...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

In oare wei (Paperback)
In oare wei (Paperback)
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS. Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard. Troch har ferhaal te fertellen yn dit
19,50
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen (Paperback)
Op it tsjerkhôf en oare brike ferhalen is in samling fan koarte ferhalen. It binne observaasjes fan gewoane, bysûndere minsken. Faak om te laitsjen, somtiden emosjoneel, mar o sa werkenber. Sa binne der de aventoeren fan it duo The Melody Brothers, dat yn kafees en feesttinten spile en it ferslach oer de sterilisaasje fan Wander de Groot yn 'Kastraasje'. Mar ek de oandwaanlike ferhalen fan fjouwer leden fan húshâlding Zonderland oer 'De skieding' en it ferhaal fan pensionado Jehannes van der Heide dy't as tiidferdriuw grêfstiennen skjinmakket. Santjin ferhalen oer freonskip, leafde en ferlies, mar wol mei in flinke doasis humor. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) hie yn syn tiid op de middelbere skoalle graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy sels mei skriuwen. Earder ferskynde fan syn hân de bondel It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen.
14,90
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen (Paperback)
It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen is in samling gedichten en koarte ferhalen. It is proaza en poëzy oer it deistige libben, mar mei in flinke knypeach. Fleurige ferhalen en oertinkingen, fan 'De hûnen fan Barry Hay' oant 'De Hooliganbus' en de absurdistyske gedichten 'By de kofje-automaat'. Want der mei bêst wat mear lake wurde yn de Fryske literatuer. Freddie Scheltema (Easterein, 1960) skriuwt yn it Nederlânsk, mar foaral yn it Frysk. Yn syn tiid op de middelbere skoalle hie er graach wat flottere Fryske boeken lêze wollen foar syn boekelist. Dêrom begûn hy yn 2010 sels mei skriuwen.
12,50
It iene hellet it oare út (Paperback)
It iene hellet it oare út (Paperback)
Jo sille it no grif wol yn 'e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn 'e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn. Dizze assojaasjeroman rint 'fan koarstekoeke nei jenever'. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle. En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr't hy sels ek kleur en smaak oan jout.
19,95
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Lockdownleafde (Paperback)
Lockdownleafde (Paperback)
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy't de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy't har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie's en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen
12,50
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Wei, mar net fergetten (Paperback)
Tusken 2011 en 2020 betocht Cor Waringa sneintemoarns op Omrop Fryslân it libben fan Friezen dy't yn dy tiid weirekken. It wiene trochstrings gjin ferneamde lju, mar gewoane minsken. Mar withoefaak die bliken hoe ûngewoan oft it libben fan sokke manlju en froulju bytiden ferrûn. Yn de 139 miniatuerkes dy't yn dit boek opnommen binne folget de skriuwer har op har wei troch it libben en krijt de lêzer tagelyk in byld foar eagen fan de maatskippij dy't mei de tiid feroare. Foar de brijkarre kaam de supermerk yn it plak en der kaam in tiid dat in arbeidersjonge trochleare koe foar dominy of dokter. Guon giene mei har tiid mei en oaren holden fêst oan it âlde. Wêr kamen se úteinlik telâne troch har mismoedigens, har eigenwizens, har tefredenheid, har beheinings of har sucht nei aventoer? En as de ein yn sicht kaam, hoe giene se dêrmei om? Cor Waringa (1944) groeide op yn Aldeboarn, studearre yn Amsterdam skiekunde en yn Kampen teology en wie dominy yn Drylts, Ljouwert en op 'e Jouwer.
24,90
Mei gidsen nei hichten (Paperback)
Mei gidsen nei hichten (Paperback)
Mei gidsen nei hichten is it tsiende boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjfjilden en Krêft fan it folk wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant 1991. Yn Mei gidsen nei hichten is Bouke Blomhof foar soan Wiebe en syn freonen de gids op de Krúspôle as er it ferhaal oer it legindaryske eilân Atlantis fertelt. De terp fan Hegebeintum mei syn tsjerke hat troch de iuwen hinne in religieuze hichte west mei Kristus as gids. Martin Luther King en Nelson Mandela wiene respektivelik yn de Feriene Steaten en Súd-Afrika
22,95
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95

Klanten-reviews van In oare wei (Paperback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over In oare wei (Paperback)

Productomschrijving

Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS. Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen. Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard. Troch har ferhaal te fertellen yn dit

Productinformatie

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.