Meer Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K

In hûs foar Harry (Hardback)

0
Harry is altyd yn 'e hûs. Oant Yfke freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt. Hoe komt er no wer thús? 'Leo Timmers makket mei yndrukwekkende pinsielfiering libbensechte platen fan dingen dy'tst wol fan de bledsiden pakke wolle soest' - De Volkskrant...

Verkopers met dit product

Verkoper
Bezorging
Prijs

Anderen bekeken ook

De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
De grutte ferrassing foar de memmen fan Stan (Hardback)
Hiel bliid binne Tess en Fleur mei har krektberne neefke Stan. Se ferrasse de memmen fan Stan, tante Liz en tante Noor, mei in prachtich fersierd hûs. Mar dat is noch net alles. Mei heit en mem meitsje se in grutte ferrassing… Underwilens freget Fleur har ôf wêr't de heit fan Stan is. En wol Tess graach witte hoe't de tantes Stan makke hawwe. Gelokkich kin mem se der fan alles oer fertelle. De dei dat se de ferrassing bringe sillle, skrikt mem moarns betiid wekker. Se heart in aaklik stommeljen. Gau makket se heit wekker. Wat is der te rêden? Komt it allegear noch goed mei de grutte ferrassing? It mei net útmeitsje wêr'tst wei komst of berne bist. Wat dyn aard is, hoe'tst derút sjochst en oftst ryk bist of earm. We binne allegear oars, mar elkenien heart derby. It giet derom datst wêze kinst wa'tst bist en datst hâlde meist fan wa'tst wolst.
17,50
Gozert (Hardback)
Gozert (Hardback)
Ties hat in probleem. Teminsten… dat fine de measte minsken. Ties fynt dat net: hy hat in freon. Gozert. De bêste, leukste, stoerste, coolste freon dy'tst dy foarstelle kinst. Allinne is Ties de iennige dy't Gozert sjocht en heart. En de plannen fan Gozert binne sa fantastysk dat Ties dêrtroch yn 'e swierrichheden rekket… Ties syn heit en mem wolle dat Gozert ferdwynt en nimme in yngripend beslút. Mar Ties wol hielendal net fan Gozert ôf. Wat moat er dwaan? Leeftyd: 10+ Jeugdteater FRETS hat in toanielfoarstelling makke n.o.f. it boek: https://gozertdevoorstelling.nl/nl/
16,99
In nije heit (Paperback)
In nije heit (Paperback)
Ik bin gek op auto's. Op gewoane auto's, mar foaral op sportauto's. Op de Porsche 911 Targa 4S bygelyks. Of op de Maserati Quattroporte. Ik sammelje ek foto's fan auto's. Ik knip se út boekjes en dan plak ik se yn myn selsmakke autoplakboek. Ik skriuw der dan ek fan alles by. Technyske saken, lykas hoefolle pk dy auto hat. Of hoe hurd er kin. Dan kin ik it allegear goed ûnthâlde. Fuotbal fyn ik ek moai. Myn heit net. Dy hâldt net fan sport. Mar dy fynt ek hielendal neat oan auto's. Hy hat it altyd drok mei syn angel en mei syn stomme fiskersboatsje. En dêr fyn ik wer niks oan. Ik soe eins wol in oare heit ha wolle. Ien dy't wól fan sportauto's hâldt. En fan fuotbal. Mar in heit kinst net sels útsykje en ik ha no ien kear dizze. Dat is spitich, mar it is net oars. Of…? De grutste bibliotheek mei ynternasjonale jeugd- en berneliteratuer yn 'e wrâld: de Internationale Jugendbibliothek München makket alle jierren in list mei “White Ravens” - in seleksje fan twahûndert boeken fan hege
14,50

Klanten-reviews van In hûs foar Harry (Hardback)

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over In hûs foar Harry (Hardback)

Productomschrijving

Harry is altyd yn 'e hûs. Oant Yfke freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt. Hoe komt er no wer thús? 'Leo Timmers makket mei yndrukwekkende pinsielfiering libbensechte platen fan dingen dy'tst wol fan de bledsiden pakke wolle soest' - De Volkskrant

Productspecificaties

Artikelnummer(s)
Brand
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K
Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.