Meer TDE
Meer TDE in Literatuur boeken

In bolle yn 'e reak

0
Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar fe...

Alle aanbiedingen van dit product

Sorry, dit product is momenteel niet beschikbaar

Anderen bekeken ook

Wek yn 'e rivier (Paperback)
Wek yn 'e rivier (Paperback)
In oangripende roman oer it libben fan Ake Dongera. Hy kin tige leare en studearret op oanstean fan syn heit teology. Yn 'e oarloch wurdt de húshâlding yn it fersetswurk behelle. As troch ferrie de pleats oerfallen wurdt en de manlju foar ferhoar meinommen wurde, feroaret wrâld en wrâldbyld fan Ake. Nei de oarloch giet er fierder mei in stúdzje klassike talen en ferdjippet er him yn 'e Grykske oarloggen. As er him taleit op it skriuwen fan in proefskrift ferfrjemdet er hieltyd mear fan de werklikheid. It ferhaal fan in húshâlding dy't troch de oarloch útinoar skuord wurdt. Ferteld troch de broer dy't in libben lang yn it skaad fan Ake libbe, mar de kop derfoar hâldt.
19,50
Boechbylden (Paperback)
Boechbylden (Paperback)
In grutte seleksje út de gedichten fan Slauerhoff yn it Frysk beskikber te hawwen, is yn Fryslân al lang in winsk dy't wachtet op ferfolling; dit boek hat jierren ûnderweis west. De hjir byinoar brochte fersen binne útkeazen en oerset troch de dichters Eppie Dam (Gysbert Japicxpriis 2017) en Abe de Vries (Gysbert Japicxpriis 2005). Dichter Jan Jacob Slauerhoff (1898-1936) wie in Ljouwerter, opgroeid as soan fan in ynterieurwinkelman yn 'e stêd, siet mei Simon Vestdijk op 'e HBS en wie ek oan Fryslân ferbûn troch syn jeugdleafde foar dûmnysdochter Heleen Hille Ris Lambers út Jorwert, syn fakânsjes op Flylân (it eilân dêr't syn mem weikaam) en inkelde waarnimmerskippen as dokter, yn Baard, De Ryp en op 'e Sweach. Obe Postma neamde him 'een Friese jongeman, maar met vermogens meer dan Friesland'. Hendrik de Vries tocht dat der 'ondanks alle cosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven'. En Anne Wadman miende: 'Hy wie net ien fan uzen. En dochs ek
19,90
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn de see (Paperback)
Dizze bondel fan Edwin de Groot is in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska: Je bent - je moet voorbijgaan. Je gaat voorbij - en alles is oké. By wat der sa op syn wei komt, spilet by Edwin de Groot it besef fan it tydlik-wêzen fan de dingen in grutte rol. Mei wikseljende konklúzjejes jout hy dat besef foarm yn taal. Al wie it mar om foar te kommen dat jo sprakeleas tusken siiep tenûndergean. Edwin de Groot (1963) wûn al meardere kearen in Rely Jorritsma-priis foar syn poëzy. Earder publisearre hy de dichtbondels Ik skip (2009), Tongfal (2010) en de twatalige bondel In hazze is in lokkich bern/Een haas een gelukkig kind (2013). De Groot skriuwt net allinnich yn it Frysk, hy publisearret ek gedichten yn Nederlânske en Flaamske literêre tydskriften. Frysk, paperback, 76 siden
15,-
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Leafde yn oarlochstiid (Paperback)
Oan de basis fan dizze novelle lizze de oantinkens fan de mem en de heit fan de skriuwer. Syn âlden krigen ferkearing yn Dútslân, yn 'e oarloch, wylst it Ruhrgebiet heftich bombardearre waard. By biten en brokken fertelden hja har soan letter út en troch oer wat sy yn dy tiid meimakken. Hoe komme minsken dy't gjin helden binne, dy't neat hawwe mei ideologyske fiersichten, troch sokke tiden fan fernieling, dea en ûntregeling? Yn de jierren dat Willem Verf opwoeks, woenen de minsken foaral de oarlochstiid achter har litte. De skriuwer hat fan de fragminten dy't him as bern wol oerlevere waarden in meinimmend, oandwaanlik en realistysk ferhaal makke. Sa persoanlik as yn dit boek hat Willem Verf boppedat net earder west. De wize wêrop't hjir nei dy oarloch sjoen wurdt, is oars as dat men wend is - in útdaging foar de lêzer. Want krekt it wjerfarren fan minsken dy't gjin held, dieder of slachtoffer wienen, is fan grut belang om te begripen wat der doe geande wie.
17,50
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman 1919-1997 (Paperback)
Anne Wadman liet mei syn wurk fuortdaalks syn grutte ambysjes sjen. Hy tilde sawol yn syn kritiken as mei syn romans de Fryske literatuer op in heger plan. Hy die dat yn syn flymskerpe kritiken yn De Tsjerne, mar ek mei it publisearjen fan taboetrochbrekkende en eksperimintele romans lykas De smearlappen (1963) en De frou yn 'e flesse (1988). Foar syn kritiken krige er yn 1952 Gysbert Japicxpriis en letter, yn 1989, waard er foar syn romans foar de twadde kear mei dy priis eare. Yn it deistich libben wie Anne Wadman foar in soad in ynspirearjend learaar Nederlânsk yn it fuortset ûnderwiis en letter oan de learare-oplieding Ubbo Emmius. Boppedat wied er syn hiele libben aktyf as muzikant en muzikus. Hy spile fioele, skreau muzykkritiken, wie yn en fuort nei de oarloch aktyf yn de band The Snake Charmers en letter ek noch by it Sneeker Jeugd Orkest, dat er opset hat, it Fries Kamerorkest en Salonorkest Plumeau. Oer al dy fasetten fan in bysûnder ryk libben, mei hichte- en djiptepunten,
19,95
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Moard yn 'e hite hei (Paperback)
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa't dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like. Dit is it twadde diel yn de
16,50
Joazefine yn 'e rein (Hardback)
Joazefine yn 'e rein (Hardback)
Dat it no krekt hjoed sok min waar wêze moat … O nee, dat kin toch net? Joazefine hie krekt sa'n sin oan de speurtocht. Mar no reint it dat it spielt en sy en har freonen sitte har binnen te ferfelen. Of toch net? Net mei Joazefine! Dy kriget in geweldich idee en sa begjint in spannende speurtocht troch it hûs. En bûten is it ek sa slim noch net. Troch de plassen stampe is leuk! Dweiltrochwiet steane se by de postboade foar de doar. Mar oft dy de hiele wiete bisteboel deryn lit?
16,95
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje (Paperback)
Nei it Mystearje is it sânentweintichste boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje, Mysterieuze krêften, Bertekrêft, Krêftfjilden, Krêft fan it Folk, Mei Gid-sen nei Hichten, Hege Flecht, Dynamyske Bestimming, Oergongen, Swart Gat en Nei it Mystearje wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant midden 2003. Mei it Mystearje, dêr is In Fryske Odyssee mei begûn. Nei it Mystearje, dêr einiget de searje mei. Yn dit lêste boek komme de triedden dy't troch de hiele rige rinne, byinoar. De auteur is mei it mystearje foar eagen nei it mystearje gongen. Dêrmei hat er
22,95
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje yn Fryslân (Hardback)
Pinkeltsje is krekt de daksgoate oan it skjinmeitsjen as de Pinkelakei ynienen lânskomt om him op te heljen. Kening Pinkelpracht hat Pinkeltsje syn help nedich, want de kroanprins is spoarleas ferdwûn. En wa kinst der dan better op útstjoere om him te sykjen as de alderbêste speurnoas fan Pinkeltsjelân? It iennige dat de kening him fertelle kin, is dat de prins foardat er ferdwûn in âld boek oer in bysûndere Fryske mantelspjelde oan it bestudearjen wie. Pinkeltsje hoecht net lang nei te tinken. Tegearre mei Pinkelotsje fljocht er mei de keninklike pinkelstrieler nei Fryslân. De syktocht nei de prins én de mantelspjelde bringt harren op alderlei plakken yn Fryslân - mar se binne net de iennichsten mei dy missy…
13,99
Der is neat om glêd te striken (Hardback)
Der is neat om glêd te striken (Hardback)
Trinus Riemersma (1938-2011) kaam yn 1964 mei syn debút Fabryk daliks foaroan te stean yn it Fryske literêre fermidden en dat is altyd sa bleaun. Hy rekke ferneamd om syn fermogen ta polemyk en syn ferlet om hieltyd nije literêre eksperiminten oan te gean. Syn Frysk taalgebrûk wie útsûnderlik linich. Hy folge altyd syn eigen paad en gie geregeld yn tsjin gongbere mieningen. Hy wie wis fan syn eigen literêre kapasiteiten, mar woe net nei de eagen sjoen wurde. Bytiden wie er dwers en obsternaat, mar hy koe ek sentiminteel wêze. Yn dizze biografy komme neist syn literêre karriêre ek syn libbensrin en de ferbiningen tusken beide oan 'e oarder. Alle kanten fan syn karakter krije oandacht. De titel Der is neat om glêd te striken, is keazen om't Trinus altyd earlik wie, tsjinoer himsels en ek tsjin oaren. Hy hie der gjin ferlet fan om saken ûnder it kleed te feien. Dat kredo jilde ek foar de biograaf. Doeke Sijens (1955) wie bibliotekaris yn Grins en hat in rige boeken op syn namme stean,
35,-

Klanten-reviews van In bolle yn 'e reak

Er zijn nog geen beoordelingen voor dit productBen jij de eerste die een review plaatst?

Meer over In bolle yn 'e reak

Productomschrijving

Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn 'e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa't de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op 'e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne. Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986. Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om't se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om't it in sjenwize jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman. Jo Smit yn Frysk en Frij De tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid. Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

Productinformatie

    Productspecificaties

    Artikelnummer(s)
    Brand
    TDE

    Verken gerelateerde categorieën

    Webshop.nl maakt gebruik van cookies. Ga je verder op onze website, ga dan akkoord met het plaatsen van cookies en de verwerking van deze data door ons en vermelde partners.